Berne: 23-5-1940, HOARNSTERSWEACH
Ferstoarn: 17-12-2011, de GORDYK

Libben en wurk

Henk de Haan is krekt nei’t er mei pensjoen gien wie mei skriuwen begûn. Hy is yn 1940 berne op in pleats yn Hoarnstersweach en dêr ek opgroeid. Nei de HBS op it Hearrenfean gie er nei de kweekskoalle om in oplieding ta ûnderwizer te folgjen.

As ûnderwizer hat er inkelde jierren wurke yn Stuifzand (by Hoogeveen), yn Emmen hat er ferbûn west oan it fuortset ûnderwiis. Letter waard er haad fan de Kanskoalle yn Jobbegea. Dêrnei waard er  ûnderwiis-begelieder by GCO-fryslân. Hy hie doe in kantoar(ke) yn Easterwâlde en wurke benammen yn de Stellingwerven. De Haan wennet yn Jobbegea.

Skriuwer
Foardat Henk de Haan syn earste boek skreau, hie er oars net as saaklike bydragen foar syn wurk en in boekje foar skoalbern oer streekskiednis skreaun. Niget oan skriuwen hie er altyd al, en in idee foar in boek rûn er al lang mei om, mar de tiid ûntbriek him. Dat feroare doe’t er yn de vut kaam. Tweintich jier earder hie in direkteur fan in skoalle him in boartersstoofke fan ierdewurk sjen litten dat er oan de Boeksreed fûn hie. Dat stoofke ynspirearre him ta it skriuwen fan de speurdersroman De nacht fan de stroffelstiennen. It boek ferskynde begjin 2002. It ferhaal spilet him ôf yn de Kompenije (Jobbegea-Tredde Slús), de kontrei dêr’t De Haan sels ek wennet. Syn ynteresse foar, en syn kennis fan skiednis komme ta utering yn de ûnderwerpen fan syn boeken. Spilet syn earste roman him ôf oan de ein fan de njoggentjinde ieu, syn twadde, Marije. Oarloch en leafde yn de Spaanske tiid (2003), giet noch fierder werom yn de tiid. It spilet yn de sechttjinde ieu, de tiid fan de tachtichjierrige oarloch.
Literêre pretinsjes hat De Haan mei it skriuwen fan syn boeken net, hy skriuwt flot tagonklike ferhalen mei in histoaryske eftergrûn. Syn haadpersoanen binne de ‘lytse’ minsken dy’t har rêde moatte yn roerige tiden. Syn earste beide boeken hawwe in detektive-struktuer, der moat in riedsel oplost wurde. Dat kin ek sein wurde fan syn tredde roman It skaad fan de draak (2004). De haadpersoan fan It skaad fan de draak, is Pao, yn Fryslân Paul neamd, in man fan Vietnameesk komôf dy’t yn de tiid fan it Vietkong-rezjym mei syn âlden yn Fryslân bedarre is. Nei de dea fan syn âlden komt er derefter dat er in oare heit en mem hat. Mei syn frou giet er op syk nei de wierheid, in speurtocht dy’t him úteinliks útkomme lit yn syn bertelân.
Resensinten priizgje de Haan om syn flotte skriuwstyl en syn fermogen om libbensechte figueren op te bouwen. Krityk hawwe se op de soms wat al te yn it each springende tafallichheden dêr’t syn persoanaazjes mei konfrontearre wurde.
Henk de Haan is in produktyf skriuwer, yn 2006 ferskynde syn fjirde roman De Lapkepoep. Foar dat boek hat de Haan him ferdjippe yn it wjerfarren fan de lapkepoepen, lytse keaplju dy’t yn de njoggentjinde ieu, gauris út de omkriten fan Mettingen in lyts plakje yn noard-west  Dútslân wei, nei Fryslân reizgen mei tekstyl.

List fan belangrykste wurk

Romans
2002: De nacht fan de Stroffelstiennen
2003: Marije : oarloch en leafde yn ’e Spaanske tiid
2004: It skaad fan de draak
2006: De Lapkepoep
2008: Alde leafde
2009: Ferhaal 'It reade fytske' yn boekewikegeskink Feestlift

Tresoar © 14 augustus 2008