Berne:03-06-1911, Wommels
Ferstoarn:08-01-1979, Wommels

Libben en wurk

Pyt Idzinga waard berne yn Wommels. Yn 1915 ferfarden syn âlden nei Iens, dêr’t er fierder syn hiele libben wenjen bleau.

Nei de legere skoalle moast er yn ’t wurk en waard er timmerfeint. Yn ’e tritiger jierren kaam er sûnder wurk te sitten. Om’t er tiid oer hie, begûn er te lêzen en ek út en troch wat te skriuwen. Om’t er wegere op te gean foar de Arbeitseinsatz waard er yn 1944 oppakt en opsletten yn it kamp te Drinte. Begjin 1945 ûntsnapte er en dûkte er ûnder. Yn dy tiid kaam er mei syn earste fersen, fansels net ûnder syn eigen namme. Nei de oarloch makke er fan dat skriuwen syn berop. Hy skreau op bestelling fersen, toanielstikken, revu’s en stikjes foar brulloften. Ek hie er in oantal korrespondintskippen foar kranten as de Boalserter en de Ljouwerter Krante. Dêrneist gie er derop út om te sprekken oer alderhande ûnderwerpen. Sadwaande groeide Pyt Idzinga út ta in bekende ferskining, net yn it lêste plak om’t er altyd op ’e fyts kaam, wêr’t er ek opdrave moast. Fierder wie er ferneamd om syn ensyklopedyske kennis fan skiednis, godstsjinst en ierdrykskunde. Yn 1980 betocht Tetman de Vries him mei syn Ballade fan in folksdichter, dy’t by in reüny fan âld-ynwenners fan Spannum en Iens foardroegen waard.

Tematyk en resepsje
Pyt Idzinga wurdt rekkene ta de folksdichters. Ut syn fersen sprekt in djippe ferwûndering oer it alledeiske, it libben om him hinne. Hy socht syn ûnderwerpen yn de natuer fan de eigen regio en yn wat minsken beweecht. It is in tematyk dy’t er op in tagonklike manier yn wurden fêstlein hat, hy bleau tichteby de taal fan de minsken. Dêrby falt syn technyske feardigens tige op, wat syn wurk riker makket. Dêrmei ûnderskiedt er him fan in soad oare folksdichters.
Yn 1983 waard in kar út syn fersen útjûn ûnder de titel In string fan koweblommen. S.J. van der Molen skreau yn Frysk en Frij (14-01-1984) oer it belang fan folksdichters yn it algemien en Pyt Idzinga yn it bysûnder. Hy seach de wearde fan dizze bondel yn it dokumintêre karakter derfan: ‘mei niget observearre en mei leafde beskreaun’.

Ta beslút in priuwke:

Doarpke fier fan ’t wyld gewynder
’t jachtsjen fan de bûnte stêd
Rêstich rinn’ de kij, de hynders
’t Jongfee yt him fredich sêd

Boarnen foar dit stik
Knipselmap Tresoar
Freark Dam, ynlieding fan In string fan koweblommen

Bibliografy

Poëzy
1983: In string fan koweblommen

Mear oer libben en wurk
Jelle van der Meulen, Friese Literatuersite

(c)Tresoar, 30-03-2016