Berne: 29-7-1914, Eastermar
Ferstoarn: 9-7-1991, Drachten

Libben en wurk

Dam Jaarsma waard berne op 29 july 1914 yn Eastermar; foar de boargerlike stân hjitte er Adam Aukes. Hy wie de jongste fan fjouwer bern. Suster Geartsje wie de âldste, dan kaam de twilling Okke en Eelke. Eelke stoar as jong bern oan longûntstekking. De húshâlding wenne yn in boargerhûs oan wat no de E.M. Beimastrjitte is , dat de pake Adam Jaarsma yn 1908 kocht hie. Heit Auke hie dêr buorkerij en die ek foeraazjehannel. De húshâlding wie bemiddele en hie ynkommen út lânbesit. Dam syn mem Hinke Bosgra wie tige muzikaal , se spile piano en koe in protte klassike lieten, benammen fan Schubert.


Dam gie nei de legere skoalle yn Eastermar. Dêr learde er fan ien fan de masters of juffen Frysk skriuwen, dat wie gjin gewoante yn dy tiid. Hy koe goed leare en nei in pear jier oan de mulo yn Burgum die er talittingseksamen foar de twadde klasse fan de Ryks-HBS yn Drachten (no it Drachtster Lyceum Singelland). J.J. Spahr van der Hoek, de lettere histoarikus, siet in klasse leger op deselde skoalle. Dy stalde yn ’e mande mei J. van der Kooi en Ph.H. Breuker yn 1987 in blomlêzing gear út Jaarsma syn wurk as samler, sneuper, ûndersiker en folkskundige, mei foaryn in libbensskets. Dêr is in protte fan dizze biografyske tekst oan ûntliend.
Jaarsma kipe der ûnder syn leeftydsgenoaten út, der wie gjin gelikense as hy. Spahr fertelt dat soks yn syn jongesjierren al dúdlik waard. Hy wie gjin oppeteur dy’t foarenoan rinne woe, mar hy wie wol âlder fan wêzen as syn klasgenoaten; hy foel der lykwols net bûten. Dam wie tûk fan geast mar ‘net altyd op it momint betrutsen’, koe goed formulearje en syn niget oan skiednis, taal en literatuer wie grut; hy wie in echte alfa. Undanks syn heldere geast bleau er op ’e HBS in kear sitten. Yn 1934 die er eineksamen. Dêrnei gie er trije paden op, dat fan de teology, de folkskunde en de literatuer.

Teolooch
Teology wie de stúdzje foar wat letter syn berop wurde soe en boarne fan ynkommen. Dêrfoar moast er earst steatseksamen Gryksk en Latyn dwaan. Yn 1938 koe er nei de Universiteit yn Grins.

Syn stúdzje rûn op ’e non yn de twadde wrâldoarloch, mar hy hie yntusken wol syn ‘semi-kandidaats’ helle, dat him it foech joech om as helppreker en godstsjinstlearaar te wurkjen. Doe’t er nei de oarloch de kâns hie de stúdzje ôf te meitsjen en dêr troch syn âlden ek ta oantrúnd waard, hie er it nocht derôf en woe er him net fierder yn de teology ferdjipje.
As helppreker kaam er oan it wurk yn Delfsyl en it tichtebylizzende Holwierde (dêr’t yn de iere midsieuwen neffens oerlevering Bernlef warber wie as sjonger). Letter wurke Jaarsma yn Eastermar de omkriten – Rottefalle, De Pein, Kompenije – as preker en fersoarger fan it fraachlearen. Hy wie ek godstsjinstlearaar oan de mulo yn Kollum. Yn syn teologyske opfettings wie Jaarsma de frijsinnige kant neist. Hy wenne al dy tiid yn it âlderlik hûs yn Eastermar, nei it ferstjerren fan heit en mem tegearre mei broer Okke, dy’t de buorkerij fan heit trochsette.

Folksferhalen sammelje
Fan 1948 ôf publisearre Jaarsma folksferhalen dy’t er opheind hie yn syn eigen krite. Dat foel op. Yn dy tiid gau it biedwurd ‘Het sprookje is dood’. Op fersyk fan de Wâldekommisje fan de Fryske Akademy makke Jaarsma wurk fan it sammeljen en hy liet sa sjen dat dat biedwurd oer it deade mearke net doogde, alteast net foar de Fryske Wâlden. Hy sammele allerhanne genres ferhalen dy’t yn de mûnlinge oerlevering sirkulearren: wûndermearkes, sêgen, grappige teltsjes, anekdoates, moppen.
Dat joech de oanstjit ta fierder ûndersyk. Jaarsma bereizge syn ynformanten op ’e fyts, sadwaande wie syn aksjeradius net sa mâle grut. Foar syn wurk krige er spesjaal in bânopname-apparaat ta syn foldwaan, yn de jierren fyftich fan de foarige ieu noch in seldsum ding.
Hy wist troch syn ynnimmendheid it fertrouwen fan de minsken fan wa’t er de ferhalen hearde te winnen en ûntdiek grutte fertellers, lykas masterferteller Anders Bijma fan Boelensloane. Jaarsma sammele net allinne ferhalen, ek lieten, bygelyks fan de sjonger Fokke Alma.
Van der Kooi ornearret, Jaarsma ûntwikkele him ta in samler fan Europeesk nivo. Jaarsma publisearre net folle fan syn materiaal, útsein yn de tydskriften It Heitelân en de Strikel. Mar hy brocht wol de kontekst fan de ferhalen yn kaart, lykas sislju, komôf, sosjaal-ekonomysk fermidden, en hy die war de yndieling en sprieding yn romte en tiid fêst te stellen. As oarsaak foar it feit dat krekt yn de Fryske Wâlden ‘op de heide’ safolle ferhalen bewarre bleaun binne, neamt Jaarsma it feit dat de minsken dêre altyd mei elkoar wiene, ek by it wurk op it lân. Under it wurk fermakken se elkoar troch ferhalen te fertellen.

Wurkje foar it Meertens Instituut
Yn 1965 krige Jaarsma it fersyk fan de KNAW (Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen) om ek te sammeljen foar it Bureau voor Volkskunde, it Meertens Instituut. Tolve jier letter wiene fan de 32.000 ferhalen dy’t yn it Meertens Instituut út hiele Nederlân by elkoar swile wiene, hast 16.000 fan Jaarsma allinne. Mar in útjefte fan al syn wurk makke er by syn libben net mei. Neffens Vander Kooi wie Jaarsma yn sekere sin it slachtoffer fan syn eigen sammelwoede: it fierdere ferwurkjen koe sa fluch net dien wurde; hy keas foar it sammeljen, wat der ta late dat relatyf in bytsje fan syn wurk publisearre wurde koe. Wat ek meispylje kind hat, is dat hy him bewust wie dat syn sislju soms net folle tiid fan libjen mear hiene. As helppreker kaam it him mear as ien kear oer dat er fan ien fan syn fertellers de routsjinst liede moast. In tredde faktor is dat Jaarsma syn materiaal allinne mar publisearre wurde mocht yn ’e mande mei it Meertens Instituut. Dat slagge der net yn de grutte plannen te ferwêzentlikjen. Yn 1984 ferklearre J.J.Voskuil, haad fan de ôfdieling folkskunde, noch dat de samling Jaarsma yn 15 dielen útjûn wurde soe. Dat foarnimmen waard letter troch de tiid ynhelle; de samling soe net op papier, mar op de website fan it Meertens Instituut ferskine. Oars, Voskuil waard sels letter bekend troch syn romanrige oer it Meertens Intituut, Het Bureau. Jaarsma is dêryn ferivige as de sober libjende J.J. Damsma, dy’t in hekel oan gerekken hat en amper jild ha wol foar al syn wurk (sjoch krante-artikel fan Chiel Evers).

Skriuwer
Jaarsma wie in skriuwer yn ieren en sinen. Yn syn middelbereskoalletiid hâlde er al in deiboek by. De stikken fan maaie en juny 1932 (hy wie doe 17 jier) publisearre er fiif jier letter anonym yn it wykblêd Sljucht en rjucht. It wiene lyryske stikken oer de blommepracht fan de maitiid yn de Wâlden, it ellindige húswurk dat him binnendoar hâlde en ek al folksferhalen dy’t er opheind hie.

Yn 1933 publisearre er ûnder syn eigen namme yn Sljucht en rjucht, as skoaljonge yn de 4de klasse fan de HBS. It ferslach fan in skoallereis mei as titel Nei Amsterdam kaam earst yn de Drachtster Courant, yn 1933 joech Laverman it út as in apart boekje. Daliks yn it Frysk: Jaarsma syn wrâld wie Frysk, hy hie it skriuwen yn syn memmetaal yn de macht, en om frysktalige petearen wer te jaan koe er net oars as Frysk skriuwe.

Jaarsma syn eigen literêr wurk is allesbehalve elitêr. It is ienfâldich en tagonklik, fan it type dat no bekend stiet as ‘foar in breed publyk’, yn earder tiden ‘folksaardich’. Hy wie tige produktyf en syn gedichten waarden rûnom pleatst. Fan 1948-1965 en nei 1977 noch in skoftke, stiene se ek yn de Ljouwerter Krante. Bysûnder wie de ‘ferluchtiging’ mei knipprinten fan de Grinslanner knipprintkeunstner Gretha Zijl, dy’t er yn Delfsyl kennen leard hie. In bondeling fan syn wurk ferskynde yn 1956 mei as titel It skriuwboerd. Yn 1957 folge it Frysk blomme-alfabet, troch Freark Dam oantsjut as ‘ivichmoai’: in bondel abie-gedichten oer blommen, elk gedicht yllustrearre mei in knipprint fan Gretha Zijl.

Jaarsma joech ek teksten út foar bern. By Miedema ferskynde yn 1963 it prachtich fersoarge boek Meiinoar nei mearkelân mei tweintich folksmearkes út alle hernen fan de wrâld. Dêrnêst ferskynden ek losse útjeften fan ien mearke, bygelyks De Ljouwerter muzikanten, mear bekend as ‘De Bremer stedsmuzikanten’ dat er fertelde sa’t hy it as bern fan syn pake heard hie. Fierder ek bondels mei biste-gedichten foar bern, yllustrearre troch Aizo Betten.
Ek as tonielskriuwer wie Jaarsma warber, yn de jierren fyftich skreau er yn gearwurking mei Jelle van der Meulen sa’n tweintich stikken, meast ienakters. As bêste jilde Rinte en Fremer, dy’t yn dy tiid 70-100 x spile binne.
Breuker konkludearret by it oersjen fan Jaarsma syn literêr wurk dat der in glâns fan sneintemiddeisrêst oer leit, hy kwalifisearret it as 19de-ieusk en tradisjoneel.

Oare aktiviteiten
Yn de jierren fyftich wie Jaarsma fêst meiwurker en letter einredakteur fan it moanneblêd It Heitelân, dat ferskynde by Brandenburgh yn Dokkum. Yn 1958 gie dat blêd oer yn De Strikel , útjûn by Laverman yn Drachten. Jaarsma wie dêr tolve jier redakteur, oant er der yn 1970 útgie fanwegen syn slimmer wurdende staffens.

Fierdere libbensrin
It âlderlik hûs wie Jaarsma syn fêste basis. Besikers fertelle dat it in sfear aseme as hie de tiid der stilstien, en troch de sammelwoede fan syn bewenner feroare it hyltyd mear yn in heal streekmuseum en in pakhûs. Jaarsma sammele net allinne ferhalen út de folksoerlevering, mar ek ‘realia’. As jonkje al wie er sljucht op ansichten, en letter reizge er twaddehâns boekhannels en útdragerijen ôf om boeken en snypsnaren. Hy hie in foarleafde foar berneboeken fan foar 1900. Jaarsma wenne mei in húshâldster. Syn broer Okke hie in oanberne sykte oan de skildklier en wie geastlik net al te sterk. Om 1970 hinne koe er net mear thús wenje en úteinliks fûn de famylje foar him in pinsjon in Appelskea dêr’t er fersoarging krige en yn 1983 ferstoar.
De omkesizzers dy’t op It Wytfean wennen, bûtenút oan de eastkant fan Eastermar, en dy’t yn de buorren op skoalle giene, kamen tusken de middei geregeld del. Ien fan har, Jabik, wit noch hoe’t er as jonkje foar omke Dam postsegels helje moast op it postkantoar: net samar tsien of tweintich, mar by fellen tagelyk, wat in yndikaasje jout fan de grutte korrespondinsje dy’t Jaarsma ûnderhâlde. Om 1980 hinne waard er slim siik, mar hy helle it op ‘e râne fan de dea wei. Neitiid makke er in oantal reizen nei Ingelân.

Omdat Jaarsma sels net oan it útjaan fan syn wurk takaam, diene oaren dat. De publikaasje fan Ut it gea fan sterke Hearke yn 1987 wie tagelyk in earbetoan oan de man dy’t himsels almeast net op de foargrûn pleatse woe. In folgjend earbetoan foel him ta doe’t de gemeente Tytsjerksteradiel him yn 1989 by syn 75ste jierdei de earepenning fan de gemeente takende. Hy stoar yn de simmer fan 1991.

Ut wat minsken oer him sein en skreaun ha komt in persoan nei foaren dy’t karakterisearre wurde kin as in sobere en autentike man, mei in iepen each en ear foar de wrâld om him hinne, erudyt op de mêden dy’t syn belangstelling hiene, in trochsetter , in man fan de mienskip mar ek wol wat in studearkeamergelearde, frysksinnich mei lykwols in grutte ôfkar fan driuwerij en hottefilerij, ynnimmend, mei in seker natuerlik gesach en tagelyk beskieden.
En ek in ynbannich man as it gie om wat ten djipste yn him omgie, yn it besef dat in minske by einsluten syn libbenspaad allinne giet, oant de Ivige oan de ein de balâns opmakket. ‘Hwant it geheimste fan dyn hert / forriedstû nimmen net’, sa’t it stiet yn syn gedicht ‘Allinne’ dat hielendal ôfprinte is by de rouadvertinsje fan suster en omkezsizzers.
Jaarsma syn libbenswurk is opslein yn it Meertens Instituut en tagonklik foar elk dy’t it wit te finen.

Wichtichste bondele wurk

Proaza
1933: Nei Amsterdam
1987: Ut it gea fan Sterke Hearke. In kar út it fersprate wurk fan Dam Jaarsma
2014: Mearkes út 'e Wâlden

Foar bern
1954: Fan in âld wyfke, in pankoek en in baarch,ek oerset en útjûn yn trije Noard-Fryske dialekten; 2de pr. 1981
1963: Fan bern en beesten. Ferskes
1963: Meiinoar nei mearkelân. In samling folksmearkes foar bern, byinoar swile út alle hernen fan de wrâld.
1972: De Ljouwerter muzikanten, in hiel âld teltsje fan fjouwer trouwe freonen
1974: In boek fol bisten. Berneferskes oer bisten, op abie
1980: Fan in hin en in foks. In âld teltsje

Poëzij
1956: It skriuwboerd. Mei knipprinten fan Gretha Zijl
1957: Frysk blomme-alfabet. Mei knipprinten fan Gretha Zijl

Toaniel
1953: Rinte, toanielstik yn fjouwer bedriuwen
1954: Fremer, toanielstik yn trije bedriuwen. Mei Jelle van der Meulen

Sammele materiaal yn it Meertens Instituut
[link oanbringe]

Oaren oer Dam Jaarsma en syn wurk

Samling folksferhalen fan Dam Jaarsma sil útjûn wurde, LC 28-07-1984
Freark Dam, ‘Ut it gea fan Sterke Hearke’ ryk en apart, LC 13-11-1987
Publisist en ‘samler’ Dam Jaarsma rêst, LC 11-07-1991
Freark Dam, ‘Sa soe ik ieuwen libje wolle, as it libben ien lange maaiemoanne wie’, LC 31-05-1996
Chiel Evers, Dam Jaarsma’s schat sluimert in ladenkasten, LC 25-07-1998 part 1 en part 2
Gerbrich van der Meer, fraachpetear mei Jurjen van der Kooi, FD 12-04-2014 part 1 en part 2
Pieter de Groot, LC 18-04-2014

Mear oer Dam Jaarsma
Opnamen yn lûdargyf fan Tresoar
 

© Tresoar, 03-04-2013