Berne: 04-01-1949, Ychten

Libben en wurk

Klaas Jansma is berne yn Ychten en dêr ek opgroeid. Nei de middelbere skoalle studearre er andralogy oan de universiteit fan Grins. Jansma koe al op jonge leeftiid fan de pinne bestean. Hy wie fiifentweintich doe’t er organisator-propagandist waard by it Fryske Boek, de earste dy’t yn dy doe nije funksje beneamd waard. Yn de rin fan de jierren hat er him ûntwikkele ta in alsidich skriuwer, publisist, kritikus, organisator, ferslachjouwer en sjoernalist. Hy wie as sjoernalist ferbûn oan ferskeidene kranten en tydskriften, sa as (in seleksje) it Friesch Dagblad,Nieuwsblad van het Noorden, de Zuid Friesland en Frysk en Frij.

Foar Omrop Fryslân ferslacht er sûnt 1976 de wedstriden fan it skûtsjesilen, sawol foar de radio as de televyzje. Fierders hat er foar de radio alle wiken in rubryk dêr’t er nij ferskynde boeken yn besprekt. Hy is bekend om syn grutte kennis fan Fryslân, hy hat boeken skreaun oer û.o. de Fryske skipfeart en skippers, lânbouskiednis en kultuerhistoaryske ûnderwerpen. Mar hy hat ek publikaasjes op syn namme stean oer ûnderwerpen as toaniel en korpsmuzyk. Jansma hat yn Ljouwert in eigen kommunikaasjeburo.

Njonken non-fiksje hat Jansma fiksje op syn namme stean yn de foarm fan trije romans. Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries (Leeuwarder Courant, 20-02-1998) seit er dat er dy boeken skreaun hat om út in persoanlike krisis te kommen. It skriuwen hat him holpen om wer ynerlike rêst te finen. Syn earste roman Om Teatske, ferskynde yn 1995. Al foardat it boek út wie, hie it in soad publisiteit hân. Dat kaam omdat de skriuwer inkelde al te plastyske seksuele beskriuwingen út it manuskript helle hie, neffens himsels omdat de roman der sterker, konsistinter en lykwichtiger fan waard (Trotwaer, 1995-4). Neffens kritisy omdat dat moast fanwege syn konneksje mei it Friesch Dagblad en fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) dy’t it boek útjoech. De besprekkers wiene net echt posityf oer Jansma syn debútroman, Jelle Krol wie fan betinken dat, hoewol’t de beide earste haadstikken rinne as in trein, it ferhaal fêst rûn yn psychologisearjen (Leeuwarder Courant, 20-10-1995). Syn twadde roman De fermisten, kaam út yn 1997. Wat ynhâld en tematyk oanbelanget binne der oerienkomsten tusken de beide earste romans fan Klaas Jansma oan te wizen. Beide binne it misdiedromans, en yn beide boeken nimt in bûtenechtlike ferhâlding in sintraal plak yn. Opmerklik is fierder dat yn beide boeken de manlike haadpersoan finzen set wurdt. Yn it al earder neamde fraachpetear mei Sietse de Vries, seit Jansma dat dy finzenskip in metafoar is foar it minsklik gefoel. Syn tredde roman De slach om Transkei kaam yn 1999 yn it ljocht. It ferhaal kin sjoen wurde as in moderne streekroman dy’t him ôfspilet yn in lytse Fryske doarpsmienskip. Minsklipke ferhâldings dy’t ûnder druk komme te stean ûnder ynfloed fan gemeentlike plannen mei it wengebiet fan de haadpersoanen en dy’t úteinlik liede ta persoanlike drama’s.

List fan literêre wurk Romans 1995: Om Teatske 1997: De fermisten 1999: De slach om Transkei

Tresoar © 14 feb. 2007

Mear ynformaasje oer it literêre wurk fan Klaas Jansma op de 'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen.