Berne: 14-09-1980, Ljouwert

Libben en wurk

Sytse Jansma waard berne yn Ljouwert. Hy folge de PA en de oplieding foar Byldzjende Keunst en Foarmjouwing yn Zwolle. Hy wurket yn Dronryp as ûnderwizer yn it basisûnderwiis en wennet yn Harns.

Skriuwerij

Yn 2003 ferskynde der in gedicht fan Sytse Jansma yn de bondel Myn hert dat trillet my, yn 2004 folge troch in opname yn Dream yn blauwe reinjas.

Sûnt 2005 is Jansma redaksjelid fan it tydskrift Hjir (fan 2009 ôf Ensafh).

Fan 2002 oant 2007 organisearre en presintearre er it Literêr Sirkwy, in poadium foar dichters en skriuwers yn Fryslân.

Fan 2006 oant 2007 wie er de mei-presintator fan it literêr radioprogramma It literatuerfabryk by de Ljouwerter lokale omrop Radio Mercurius. Ferskate gedichten fan him binne opnaam yn blomlêzings. Yn 2008 is der wurk fan him opnommen yn Het goud op de weg en Spiegel van de Friese poëzie.

Oer syn debútbondel Wa’t tate seit moat ek whisky sizze sei Harmen Wind: ‘…herhellings en rimelderijboartlikheden, dêr’t om de deale wol oer neitocht is, foarmje in wichtich skaaimerk fan Jansma syn styl.’ (Leeuwarder Courant 13-03 -2009)

Der ferskynde ek wurk fan him yn it boek Inkijk – interieurs in de Hollanderwijk.

Filmmakker

Njonken it skriuwen is Jansma ek filmmakker. By syn debútbondel kaam in DVD út. Koarte films mei foardrachten en troch de dichter sels foarlêzen fersen steane dêr sintraal yn. De bypassende muzyk/soundscape is makke troch de Rebound Boogie Bent en de tenorsaksofonist Hans Wijnbergen. Yn 2007 waard de ferfilming fan it fers dat der hjoed in mage iepene waard draaid op it Noardlik film Festival. Yn 2008 waard syn animaasjefilm in seemansferhaal draaid op ferskate filmfestivals. Dêrnjonken hat omrop NPS cultura de film útstjoerd.

Bibliografy

2008: Wa’t tate seit moat ek whisky sizze 2015: As nomaden yn tinten teplak - Als nomaden in tenten terecht

Prizen

2006: Rely Jorritsmapriis, gedicht 'Dat minsk berne waard' 2011: Rely Jorritsmapriis, gedicht 'Dagen ferwaaie' 2012: Rely Jorritsmapriis, gedicht 'Oprop oan alle Friezen'
Mear oer Sytse Jansma Sietse de Vries, fraachpetear LC 18-09-2015 Hedwig Terpstra, fraachpetear op Ensafh., 26-11-2010
@Tresoar, 03-02-2016