Berne: 09-03-1956, De Koarnherne [Kornhorn]

Libben en wurk

Goffe Theunis Jensma waard grut yn de Koarnherne, yn it Grinslânske Westerkertier, as soan fan in húsarts. Hy gie nei it Willem Lodewijk Gymnasium yn Grins. Dêrnei studearre er filosofy en skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy sette him yn 1994 nei wenjen yn Sauwerd.



Wurk
Nei syn ôfstudearjen yn 1981 wurke Jensma jierren as freelance histoarikus. Syn ûndersyk rjochte him benammen op wittenskips- en universiteitshistoaryske ûnderwerpen. Tegearre mei in stel stúdzjegenoaten sette er bygelyks de bondel ‘Universiteit te Franeker 1585-1811’ op. Yn opdracht fan de Fryske Akademy die er dêrnei ûndersyk en publisearre er oer de tastânkomming fan in Frysk nasjonale kultuer yn de njoggentjinde ieu. It wichtichste resultaat dêrfan wie de bekroande monografy Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit yn 1998.
Underwilens wie Jensma yn 1993 begûn as ûndersyksmeiwurker oan de teologyske fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins mei syn dissertaasjeprojekt oer it Oera Linda-boek. Hy liet yn ûnderskate publikaasjes sjen dat dy omstriden mystifikaasje de measte betsjutting krijt as er lêzen wurdt as in troch François HaverSchmidt betochte iroanyske allegory op de striid tusken otterdoks en frijsinnich yn de 19de ieu. Yn 2004 promovearre er cum laude op de dissertaasje De gemaskerde god. François HaverSchmidt en het Oera Linda-boek en yn 2006 publisearre er in nije tekstedysje fan it boek. Jensma hie ûnderwilens yn 2001 in betrekking krigen as ûndersiker by de Fryske Akademy op it mêd fan kultuer- en literatuerskiednis. Hy skreau in grut oantal boeken en artikels oer identiteit en kultuer.
Nêst syn baan as ûndersiker by de Fryske Akademy ferfolge Jensma syn wittenskiplike karriêre by de Universiteit fan Amsterdam. Hy waard dêr yn 2001 oansteld as dosint Frysk en yn 2006 beneamd ta bysûnder heechlearaar Fryske taal en letterkunde, mei de klam op de literêr-histoaryske aspekten fan it Frysk. Yn 2008 makke er de oerstap nei it full time gewoan heechlearaarskip Fryske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins. Doe’t yn 2012 dy stúdzje faai kaam te stean, makke er him sterk foar behâld. Jensma skreau in plan om de stúdzje takomstbestindich te meitsjen. Dat resultearre yn de nije masteroplieding Multilingualism en benammen de bacheloroplieding Minorities and Multilingualism, dêr’t (taal)minderheden en meartaligens bestudearre wurde. Foar wa't dat wol komme de Fryske taal en kultuer noch hieltyd folút oan har gerak mar wurde al folle mear út in ferlykjend eachpunt wei bestudearre.
Njonken syn heechlearaarskip hat Jensma ferskate oare (redaksjonele) funksjes binnen syn fakgebiet. Sa is er foarsitter fan de Digitale Histoaryske Bibleteek Fryslân Wumkes.nl, lid fan de wittenskiplike advysrie fan de Waadakademy, wie er einredakteur fan de advyskommisje Fryske Kanon, betocht er mei it projekt ‘LanguageLab’ foar it bidbook foar KH2018, is er redakteur fan de Literêr-histoaryske rigen fan de Fryske Akademy en direkteur fan ICOG, it Ynstitút foar Kultuerwittenskiplik Undersyk fan de Ryksuniversiteit Grins (2010-2013). Yn 2013 wie er foarsitter fan de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis.

Beheinde bibliografy

1985: Universiteit te Franeker 1585-1811. Bijdragen tot de geschiedenis van de Friese hogeschool (redaksje tegearre mei Franck Smit en Frans Westra)
1992: ‘Tot aandenken aan mijne moeder’. Filantropy & grutgrûnbesit te Swarteweisein. 1650-1892-1992
1997: Veranderingen in het hoger onderwijs in Nederland tussen 1815 en 1940
1997: ‘Hoe Geert Mak in Jorwerd kwam’. Yn: De Gids, 6, 466-470
1998: Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit
2004: De gemaskerde god. François HaverSchmidt en het Oera Linda-boek
2006: Het Oera Linda-boek
2008: ‘Kangoeroe naast kieviet. Over beeldvorming en overdracht van Friese cultuur en geschiedenis.’ Yn: It Beaken. Tydskrift fan de Fryske Akademy, 70(1/2), 23-402008:
2009: Van professie naar traditie. Het 'ljipaaisykjen' als uitgevonden traditie.’ Yn: G.Th. Jensma & P. Breuker (Eds.), Friese sport: tussen traditie en professie

Teksten fan Jensma beskikber as pdf
Academia-side

Prizen
2000: Dr. Joast Halbertsmapriis foar Het rode tasje van Salverda
2005: Mallinckrodtprijs (foar de meast oarspronklike teologyske dissertaasje dy’t tusken 1995 en 2005 oan in Nederlânske universiteit ferdigene is)

Mear oer de skriuwer en syn wurk
Kerst Huisman, by artikel Oera Linda-boek yn De Vrije Fries LC 03-07-1992 part 1 en part 2
Kerst Huisman, by Het rode tasje van Salverda, LC 24-04-1998
Michael Zeeman, oer û.o. Het rode tasje van Salverda, de Volkskrant 26-06-1998
Utrikking Halbertsmapriis, LC 20-10-2000
Sietse de Vries, fraachpetear dissertaasje, LC 03-12-2004 part 1 en part 2
Mallinckrodtprijs LC 06-09-2005
Erik Betten, fraachpetear by oanstelling as heechlearaar RuG FD 15-07-2008
Wio Joustra, oer Minorities and Multilingualism LC 24-12-2013
Hedwig Terpstra, fraachpetear op Ensafh, 12-11-2014

Profyl en folsleine list fan publikaasjes op de webside fan de RuG.


© Tresoar, 03-07-2014