Berne: 02-08-1946, Tsjerkwert

Libben en wurk

Anny de Jong waard yn 1946 berne yn Tsjerkwert. Se learde oan de kristlike kweekskoalle te Snits ta ûnderwizeres. Neidat se slagge wie, wurke se fiif jier as ûnderwizeres yn Gaasterlân. Dêrnei krige se in beneaming oan de kristlike basisskoalle yn Bûtenpost, dy skoalle is se dêrnei trou bleaun. Se wennet mei har hûn en in tal siameeske katten yn Kollum.

Dichteres
Al gau nei har ûnderwizersoplieding begûn Anny de Jong mei de stúdzje MU-Frysk. Se skreau yn dy tiid al gedichten. De, doe al bekende dichter en literatuerkenner Freark Dam, siet ek by har op de oplieding. Hy trune har oan om fersen nei redaksjes fan literêre blêden te stjoeren en om mei te dwaan oan de Rely Jorritsma-priisfraach. Al levere it har gjin priis op, it stimulearre har wol om troch te gean mei dichtsjen. Har earste fers waard publisearre yn De Strikel (1971), in jier letter siet se al yn de redaksje fan it blêd. Troch har sit yn de redaksje fan De Strikel, se hat it fiif jier dien, krige se kontakten yn de Frysk literêre wrâld.

Har earste dichtbondel Flinterfyn flues fan wearde kaam út yn 1981, de twadde, Nettsjinsteande, yn 1990. It skriuwen fan poëzy is foar Anny de Jong in persoanlike oangelegenheid. It meitsjen fan in gedicht is foar har in manier om om te gean mei saken dy't har reitsje, fertrietlike saken yn har neiste fermidden sette har oan ta skriuwen. Har fersen hawwe dan ek gauris in wat tryste. melangolyske ynslach. Njonken Freark Dam hat noch in oare Fryske dichter har ynspirearre, Sybe Sybesma. Oer en wer hawwe Anny de Jong en Sybe Sybesma fersen foar elkoar skreaun; yn har twadde bondel Nettsjinsteande binne de 'beammegedichten' skreaun foar Sybesma. Anny de Jong fielt harsels in kristlik dichteres, se is yn har gedichten faak dwaande mei de fraach nei de sin fan de dingen, al giet se de namme fan God of Kristus safolle mooglik út 'e wei. Har poëzy funksjonearret, foar't it publisearre wurdt, al yn de mienskip dêr't sy diel fan útmakket. Minsken út har fermidden kenne de gedichten al foardat se yn in bondel opnaam wurde.

Berneboekeskriuwster
Anny de Jong is foaral bekend wurden as skriuwster fan berneboeken. Fynt se foar it skriuwen fan gedichten benammen ynspiraasje yn persoanlike ûnderfinings, it skriuwen fan in berneboek is foar har in kwestje fan dissipline en nocht oan skriuwen hawwe. Har earste berneboek Fytmannefiten ferskynde yn 1984 by de Koperative Utjouwerij. It twadde berneboek fan har hân, Eagenblikje, wie it resultaat fan in gearwurkingsprojekt fan fjouwer skriuwers: Njonken Anny wiene dat, Janny Vledder, Riemkje Pitstra en Jan Schotanus. Op ynisjatyf fan de Afûk hawwe de fjouwer auteurs elk in berneboek skreaun oer it tema reizgjen. Eagenblikje is in fantasijferhaal oer bern dy't yn in blikje de nuveraardichste reiskes meitsje. It blikje hat eagen, dat ferklearret ek tagelyk de titel fan it boek. It oparbeidzjen fan de skriuwers hie sa goed foldien, dat se besleaten om fannijs mei sa'n projekt út ein te setten. De útkomst wie in rige boeken mei in froulike speurder, Mentha Minnema, yn de haadrol. Tusken 1990 en 1998 binne der acht titels ferskynd, Anny de Jong hat dêr trije fan skreaun: Mentha Minnema en it hûnemystearje; Mentha Minnema en it hynstemystearje en Mentha Minnema en it kattemystearje. Fan de oare fiif binne twa skreaun troch Riemkje Hoogland-Pitstra, en twa troch Jan Schotanus. Ien diel Gefaarlik spul foar Mentha Minnema, is troch de trije auteurs mei-inoar skreaun.

Yn 1989 skreau se it histoarysk berneboek It is foar de hearen: de lokaasje fan it ferhaal is Tsjerkwert, Anny har berteplak. It ferhaal spilet yn de lette midsieuwen yn de tiid fan de skelen tusken de Skieringers en de Fetkeapers.

Spile It is foar de hearen yn it ferline, de folgjende berneboeken fan Anny de Jong hawwe de hjoeddeiske tiid as dekôr. Swervel (1998), De hûn mei de dûbele namme (1997), @pesturt (1999) en Spikergek (2002) spylje allegear yn dizze tiid en hawwe eigentiidske ûnderwerpen lyk as in kompjûterfirus.

De berneboeken fan Anny de Jong lêze flot, har styl is lakonyk. Har Frysk slút goed oan by dat fan har lêzers, sûnder dat se konsesjes docht oan de 'gevens' fan har taal.

Dat har boeken troch har jeugdige lêzers wurdearre wurde, blykt wol út it feit dat se al trije kear de sulveren spjelde fan de berneboekesjuery wûn hat. Yn 1999 krige se dy foar De hûn mei de dûbele namme, yn 2001 foar @pesturt en yn 2004 foar Spikergek.

Ferskaat
De Fryske Skriuwerskalinder, dy't alle jierren ferskynt, nimt geregeldwei in gedicht fan De Jong op. Fierders skriuwt se gedichten foar Ferstifal, de jierlikse foardrachtskriich foar jongerein. Anny de Jong skriuwt net allinnich yn it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk. Se skriuwt oarspronklik Nederlânsk lyk as Een Ster van een hond (letter oerset yn it Frysk) mar set ek boeken fan har sels oer fan it Frysk nei it Nederlânsk, sa as dat mei de Mentha Minnema-rige it gefal wie. By útjouwerij Bekadidact wurket se mei oan de Klipperserie, in Nederlânsktalige searje foar bern mei lêsproblemen.

List fan har bekendste wurk
Poëzy
1981: Flinterfyn flues fan wearde
1990: Nettsjinsteande
2010: Waarmte in wurd

Berneboeken
1984: Fytmannefiten
1987: Eagenblikje
1987: Heechterp en it geheim fan de stien (mei oaren)
1990: It is foar de hearen
1990: Mentha Minnema en it hûnemystearje
1992: Mentha Minnema en it hynstemystearje
1998: Mentha Minnema en it kattemystearje
1996: Swervel
1997: Gefaarlik spul foar Menthe Minnema (mei R. Hoogland-Pitstra en J. Schotanus)
1999: @pesturt (aksjeboek foar bern fan it Fryske Boek)
1997: Mentha Minnema en het hondenmysterie (oersetting)
1997: De hond met de dubbele naam (oersetting)
1999: Hoofden op hol
2001: Een paard met slappe benen
2002: Spikergek
2003: De tsien fan Nynke fan Hichthum
2004: Een Ster van een hond
2005: Help… in hûn (oersetting fan Een Ster van een hond)
2007: Mentha Minnema en it hûnemystearje: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer
2007: Mentha Minnema en it kattemystearje: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer
1997: Gefaarlik spul foar Menthe Minnema: audioboek, foarlêzen troch Jan Schotanus (mei R. Hoogland-Pitstra en J. Schotanus)
2008: Mentha Minnema en it hynstemystearje: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer
2008: Spikergek: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer
2009: Yslik aktyf (Traveliers rige)
2010: In flitsend hûntsje (Traveliers rige)
2012: Spoaren! (Traveliers rige)

Ferskaat meiwurke oan
1984: Hofkesjonge (mei oaren, blomlêzing foar fuortset ûnderwiis)
1991: Broei (mei oaren, ferhalen foar jongerein)
1991: It Nachtboek (mei oaren, ferhalen)
1995: De fersierde krystbeam (mei oaren, sammelbondel)
1995: In hânfol geiten en oare ferhalen
1999: Neibroei (mei oaren, ferhalen foar jongerein)
2004: Fiif dogeneaten yn in sok ( mei oaren, fersen foar Diet Huber en alle oare Fryske bern)

Foar folwoeksenen
1991: Fryske misdiedferhalen mei oaren
1994: Knyflok en Reidmannen mei oaren
1996: 18 Fryske fakânsje ferhalen
1997: 16 fryske winter ferhalen

Mear ynformaasje Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

© Tresoar, 07-01-2009