Berne: 12-07-1918, Wânswert
Ferstoarn:10-04-2001, Snits

Libben en wurk

Eelke Simens de Jong waard berne as âldste yn in boerehúshâlding fan Simen Eelkes de Jong en Grytsje Jinses Talsma te Wânswert. Om’t er as beuker syn hân ferbrânde, koe er neffens eigen sizzen syn heit net mear opfolgje as boer.
Nei syn oplieding ta ûnderwizer krige er in beneaming yn syn berteplak. Hy troude mei Trijntje Sterk en krige acht bern. Nei in jier yn Wolvegea ferhuze er yn 1947 nei Boalsert, dêr’t er redakteur fan it Bolswards Nieuwsblad waard.


Neist dy funksje wie er tige warber yn alderhande maatskiplike en literêre fermiddens. Sa siet er û.o. 25 jier yn de gemeenteried fan Boalsert, earst foar de CHU en letter foar it CDA; skreau er jierrenlang ferslaggen fan Provinsjale Steaten; die er fan 1951 oant 1988 in soad promoasjewurk foar de KFFB; wie er redakteur fan de De fleanende krie en ek korrespondint foar deiblêden en ANP. Dan wie er noch tige warber op tsjerklik mêd, û.o. as lekepreker; dêrneist hold er ek syn oplieding ta ûnderwizer yn eare troch op ferskate skoallen tekenles te jaan. Sels sei er dit op de fraach wat er no einliks wie: Yn it telefoanboek stiet: journalist. Mar de measte tiid jow ik oan de KFFB. Ik fortsjinje it meast as learaer. En hwat ik it leafste doch is it preekjen… . Op de fraach hoe’t er dat allegearre foarinoar krige antwurde er: Sjoch, as ik foar de klas stean, dan rêst ik út fan ’e krante en oarsom.

Wurk
Nei’t er yn ’e oarloch in oantal deiboeken byholden hie, publisearre er syn earste jeugdboek yn 1947. Letter folgen noch in pear jeugdboeken. Hy lei him ek út op it skriuwen fan romans by de KFFB, dêr’t er yn 1950 debutearre mei Ilke Fokkes / roman fan in kloklieder. Omdat der sa’n bytsje manuskripten ynkamen, stjoerde er ek yn lettere jierren wer yn. Fanwege syn aktiviteiten yn it bestjoer koe er dat net mear ûnder eigen namme dwaan, om dy reden keas er foar in pseudonym. By einsluten waard syn ynstjoering Konduktrise, deiboek fan Welmoed Hemrica útkeazen en kaam it yn 1952 ta publikaasje. Dêrnei folgen tsientallen romans, ek ûnder pseudonym.

Tematyk en resepsje
It publisearre wurk stie fakentiids ticht by it deistige libben. It taalgebrûk wie net al te dreech, de ferhalen dolden net al te djip. De mieningen dêroer lieten dat ek sjen. Sa fûn Anne Wadman oer It bigoun op Bolletongersdei: ‘It is goede folkslektuer, dêr’t yn Fryslân sa’n skreauwend forlet fan is.’ Tagelyk sinjalearre er ek de swakke steeën en dy sieten neffens him dan benammen yn de psychologyske kant en it taalgebrûk.
Ek yn kristlike fermiddens waard ferskillend oardiele oer it wurk, dêr’t dan foaral de fraach oft it allegearre op religieus mêd wol ferantwurde wie, sintraal by stie. Yn it Friesch Dagblad fan 29-11-1952 waard oer ‘Konduktrise…’ it folgjende opmurken: ‘Fryslân mei tankber wêze foar dizze nije stjerre [doe wie noch net dúdlik dat ‘Welmoed Hemrica’ in pseudonym foan E.S. de Jong wie], dy’t in tige linige slach fan skriuwen hat en dy’t hwat oandoar. Wy ferwachtsje graech in djipper bilibbe folgjende roman fan har.’
Oer ien ding wie en is elkenien it iens: E.S. de Jong wie op it mêd fan promoasje fan it Fryske boek en dan benammen yn de kontekst fan de Kristlik Fryske Folksbiblioteek fan grutte betsjutting.

Boarnen foar dit stik
Jan Kroes, LC 22-01-1988
Pieter de Groot, LC 13-04-2001
Unbekend, LC 22-03-1984
Jelle van der Meulen, Fryske literatuersite

Bibliografy (beheind)

Poëzy

1984: Prikwurk (sammele dicht- en rymwurk)

Jeugdboeken
1945: Romke
1946: Romke dûkt ûnder
1947: Fan in einekoer, in poepetoer en in lulke boer
1955: De pommerant

Romans
1950: Ilke Fokkes (roman fan in kloklieder)
1952: Konduktrise (deiboek fan Welmoed Hemrica)
1954: Folk yn ’e bus (Welmoed Hemrica)
1959: It bigoun op Bolletongersdei
1971: De moard op Kromherne

Oersettings Nederlânsk-Frysk
1943: Sytske (J.A. Visscher)
1946: Tusken heide en beamguod yn (J.A. Visscher)
1984: Dokterom (In romantisearre biografy oer Eeltsje Halbertsma troch Wouter van Riessen)

Oersettings Frysk-Nederlânsk
1950: Romke (eigen oersetting)

Mear oer it wurk fan E.S. de Jong
Jelle van der meulen, Friese literatuursite


© Tresoar, 11-03-2015