Berne:08-12-1953, Balk

Libben en wurk

Jaap (Jacob Pier) de Jong groeide op yn Balk. Letter die er de havo dy’t keppele wie oan de Pedagogyske Akademy yn Snits.

Dochs kaam er net yn it ûnderwiis terjochte. Nei in oplieding oan de Fiskerijskoalle yn Urk bedarre er yn de fiskerij. Nei ferskillende oare baantsjes, benammen as skipstimmerman, en it heljen fan de nedige fakdiploma’s, waard er kaptein op de grutte feart.

Tematyk en resepsje

De fersen fan Jaap (Jaep) de Jong geane gauris oer de jongereinkultuer, letter ek oer de reizen dy’t er makke. Fakentiids publisearre er se yn blêden as Alternatyf, Frysk en Frij en Hjir. Yn 1973 debutearre er mei Om to stellen. De bondel is in rige gedichten mei sênes út it deistige, jonge libben út de jierren sechstich en santich: de wykeinen, it útgean, de leafde. Of yn de wurden fan Jacob Noordmans: ‘In delslach fan in fûl, rûch, bohémiaensk libben’ (LC 24-11-1973). Noordmans fûn it ‘in fleurich debút dat syn sjarme ûntlient oan it jeugdich ûnbifongene.’ Klaas Jansma (Frysk en Frij 10-11-1973) wie minder entûsjast. Hy fûn dat de poëtyske kwaliteit te lijen hie fan in tekoart oan selskrityk. Tagelyk stelde er fêst dat De Jong wol de potinsje hie út te groeien ta in dichter dy’t it libben fan de gewoane man ferbyldet: ‘In dichter dy’t libbet yn ’e sfear fan de âlde Francois Villon.’ Yn 1974 ferskynde de bondel Net to biteljen. Tineke Steenmeijer-Wielenga sinjalearre in dichter dy’t ferrassend tsjin de dingen oan sjen koe (LC 19-06-1976). Tagelyk stelde se fêst dat De Jong syn wurdkar noch net foldwaande wie en dat er ek te min metryske behearsking hie om werklik te oertsjûgjen. It duorre mear as tsien jier foar’t De Jong syn tredde bondel, Oare plakken, útbrocht waard. Rients de Boer (FD 25-01-1986) hie yn syn resinsje omtinken foar de groei fan de dichter, dy’t neffens him mei minder wurden mear te sizzen hat. Benammen foar de typografyske gedichten hie er in soad wurdearring. Ek Jan Wybenga (LC 23-08-1985) fûn Oare plakken in nijsgjirrige bondel: ‘Lit al dyjingen dy’t der belang by ha dat it teare plantsje fan de Fryske poëzy kâns fan libjen hâldt, it oanskaffe.’ (LC 23-08-1985) Mei de ûnderfining dy’t er by it skriuwen fan poëzy opdien hie, makke Jaap de Jong namme as skriuwer fan in oantal súksesfolle boeken mei de see as ûnderwerp. Dêryn wurde ûnderwerpen as it seerjocht, navigaasje, kustfoarming en havens beskreaun. Troch syn wurk as kaptein op de grutte feart – foar skipswerf Damen bringt er nije skippen nei it plak fan bestimming – wit er dêr in soad oer. Hy hat him foarnommen om sân tema’s dy’t te krijen hawwe mei de see, kusten en havens út te wurkjen yn boeken. It mei dan om non-fiksje gean, sels sjocht er it oars: ‘Skriuwe is foar de measten in roman of poëzy. Foar my bestiet der gjin ûnderskied. Ek as ik oer in saaklik ûnderwerp skriuw, moat it moai wêze. Ik wol de dingen dy’t ik ûndersykje te plak bringe, tagelyk wol ik in goed rinnend ferhaal skriuwe.’ (LC 22-11-2013).

Boarnen foar dit stik

Neamde kranteartikels en materiaal knipselmap Tresoar

Bibliografy Poëzy

1973: Om to stellen
1974: Net to biteljen 1985: Oare plakken

Non-fiksje

2003: Under kust en swurk fersyld 2008: Hoet ginten en boebies elkoar ûntdûke - beskriuwing oer in seefûgelslachte
2010: Oan 'e dyk set by Holwert - ekology, skiednis, ûndersyk en natoerbehear om de waadkwelder Holwert-East hinne
2011: Seerjocht yn e skiednis fan e skipfeart
2013: Seehavens en havenstêden - fan Shanghai en Rotterdam nei Harns
2014: De geschiedenis van de haven van Harlingen (Oersetting Seehavens en havenstêden)

 

Tresoar, 11-11-2015