Berne: 05-02-1933, Harich
Ferstoarn: 14-12-2015, Zeist 

Libben en wurk

Jelle de Jong waard berne as âldste fan acht bern yn in boerehúshâlding yn Harich.

Op syn achttjinde ferliet er Fryslân en fêstige him yn Utert foar in stúdzje teology. Syn earste plak as doomny wie yn it Belgyske Geraardsbergen, in stedsje midden yn it Flaamske lân, oan de rivier de Dender. Nei Geraardsbergen stie er yn Brugge, Eindhoven, Den Haach en Rotterdam. Nei syn emeritaat bleau er yn Rotterdam te wenjen.

Yn Fryslân is Jelle de Jong bekend wurden as ien fan de eksperimentele dichters dy’t yn de jierren fyftich foar in omkear yn de Frysk literêre wrâld soargen.
Syn earste gedichten ferskynden yn It Heitelân, De Golle, De Tsjerne en it Frysk StudinteAlmanak.

Troch stúdzjegenoat Klaas Bruinsma, letter benammen bekend as oersetter, kaam De Jong yn ’e kunde mei jonge dichters dy’t har ôfsetten tsjin it wurk fan de fêstige Fryske literatoaren om tydskrift De Tsjerne hinne. De groep dichters, werûnder Marten Brouwer (1929-2001), Sybe Sybesma (1924-1986), Steven de Jong (1935) en Hessel Miedema (1929) woene it sonnet, it rym en alle fêste foarmen ôfskaffe. Poëzy moast net allinnch mear oer hege en moaie dingen gean, mar de dichters woene ek ‘gewoane’ dingen ta ûnderwerp fan har gedichten meitsje. Sy woene boppedat ek skriuwe oer leafde en seksualiteit. Dat wie foar in soad minsken yn Fryslân in stap te fier.
Doe’t it debút fan Jelle de Jong, de bondel út ’e pas, yn 1958 ferskynde wie dat de earste eksperimentele bondel yn de Fryske poëzy. De besprekkers fan de ‘âlde garde’ stroffelen sawat oer elkoar hinne yn har ôfkarring. De Jong ferwurde yn in fers syn stribjen sa: ‘myn fersen binne smelle fiskersboaten fan rebelske geast / har mêsten lizze ûnder de kanonnen fan publike mienings / hja falle oan op skippen fan tradysjes’. Klaes Dykstra skreau yn syn Lyts hânboekfan de Fryske literatuer (1997, 2de edysje): ‘Dizze fersen binne stik foar stik ûntkenningen fan de âlde tradysjes. Hoewol’t har altemets in beskate lyryske toan net ûntsein wurde kin, binne hja mear protest as dierber produkt. Hja spegelje dusoarder en primitivens, skeppe ûnmuzikaalwei in anti-idylle (it fers ‘fryslân’) mei in kras hjirre en in haal dêrre. It is dichtsjen oan ’e miet fan ’t bestean, dêr’t gjin oarder noch regel ferneard wurdt’.
Fedde Schurer liet yn syn besprek net folle hiel fan de bondel, hy hie it oer in ‘psychoanalityske dweil’, Lolle Nauta kwalifisearre de bondel as ‘pseudo-poëtyske tizeboel’ en Douwe Tamminga melde yn syn radiobesprek foar de RONO dat er gjin begryp foar de fersen yn de bondel opbringe koe.

Letter draaiden de besprekkers harren miening aardich by, Schurer hat sels in twadde, folle positivere beoardieling skreaun (Friese Koerier, 12-10-1961). De reboelje levere De Jong de geuzenamme ‘greve’ op (mei in knypeach nei ‘keizer’ Lucebert), oandroegen troch syn maten Marten Brouwer, Hessel Miedema en Lambert Mulder.

Yn 1954 ûntstie yn studinterûnten yn Amsterdam it eksperimenteel literêr tydskrift Quatrebras, as opfolger fan De Golle, dat mar ien jier bestien hie. Jelle de Jong fûn yn it tydskrift in poadium foar syn poëzy. Letter makke er ek in skoft diel út fan de redaksje fan it blêd. Quatrebras gie yn 1969 mei De Tsjerne en Asyl fierder as Trotwaer.

De Jong skreau njonken poëzy ek toaniel; syn absurdistysk toanielstik ‘Ien doar wie iepen’ waard opfierd op it Frysk studintekongres yn Frjentsjer (1958), spile troch leden fan it Amsterdamsk studinteselskip Cygnus Resurgens. It tema fan it stik, it ûnfermogen fan de minske him iepen te stellen foar de wrâld en de meiminske, wurdt pynlik dúdlik yn it by elkoar del praten fan de haadpersoanen.
Nei it útkommen fan út ’e pas ferskynden der noch inkelde fersen fan De Jong yn de sammelbondels Op fjouwer winen (1961) en Skande skande sûnde sûnde (1965).

It soe oant 1996 duorje eart der wer in útjefte fan de hân fan Jelle de Jong yn it ljocht komme soe. Doe ferskynde syn twadde bondel Yn ’e spegel. Dy bondel rôp lang net safolle wjerstân op as de earste. De besprekkers seagen de fernijïng dy’t sa tekenjend wie fan syn earder wurk, net werom yn de twadde bondel. Tjitte Piebenga typearre it ferskil yn syn besprek sa: ‘Lykwols, der is nochal wat ûnderskie tusken dizze beide bondels. Is út ’e pas jeugdich-beswarrend fan toan, magysk hjir en dêr en evokatyf, dêr’t ik sa’n wurd om sis, Yn ’e spegel is dimmener, ôfstannelik en de kontemplative kant fierwei it neist. En sa heart dat, tocht ik.’ (Leeuwarder Courant, 17-05-1996).

De tredde bondel Ik haw fochten mei myn soan kaam út yn 2008. Weromkommend tema yn de bondel is dat fan de pylger, it frjemd wêzen. Frjemd wêze fan Fryslân, fan Ljouwert en frjemd wêze fan syn soan. Dy soan, dy’t yn Amearika wennet, is yn syn jeugd teloarsteld rekke yn de heit en kin dat net kwytreitsje. Heit en soan besykje it wol, mar it rint altyd wer op in konfrontaasje út.


Wurk

Poëzy
1958: Ut ’e pas
1996: Yn ’e spegel
2008: Ik haw fochten mei myn soan

Mear ynformaasje oer de dichter en syn wurk

Boeken, brieven, hânsriften ensafh yn katalogus Tresoar
Tjitte Piebenga, besprek twadde bondel, LC 17-05-1996 diel 1 en diel 2
Sietse de Vries, fraachpetear LC 28-03-2008
Harmen Wind, besprek tredde bondel, LC 28-03-2008
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Babs Gezelle Meerburg,
Zolang de wind van de wolken waait, Hdst 6, s.147

In memoriamstikken
Eeltsje Hettinga, op de Moanne 21-12-2015
Jacob Haagsma, LC 22-12-2015
Mensenlinq rouadvertinsje

Tresoar, 21-12-2015

05-02-1933, Harich