Berne: 1603, Boalsert
Ferstoarn: 1666, Boalsert

Libben en wurk

De Fryske Renêssânse-dichter Gysbert Japix waard berne yn Boalsert yn 1603. Oer syn jonge jierren is net in soad bekend, mar oer syn heit Jacob Gysberts namste mear. De famylje makke diel út fan de foarname Boalserter boargerij.

Heit Jacob wie fan berop ynearsten kistmakker, mar hold him letter as kollekteur ek dwaande mei it ynfoarderjen fan belestingen. Doe’t tusken 1614 en 1616 it ferneamde stedhûs boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Ferneamder is er lykwols om syn wurk yn de polityk en tsjerke fan Boalsert. Hy hat alle tsjerklike funksjes hân dy’t der foar oaren as dûmnys wiene, lykas diaken en âlderling. Yn de tritiger jierren kaam er yn it stedsbestjoer en waard yn 1640 foar twa jier boargemaster fan Boalsert. Hy troude om 1602 hinne mei Ancke Willems. Se krigen fiif bern, dêr’t Gysbert nei alle gedachten de âldste fan wie.

Nei de legere skoalle folge de jonge Gysbert de Latynske skoalle en learde dêr as skoalmaster. Ynearsten kaam er by syn heit op kantoar, mar yn 1625 waard er beneamd as master yn Wytmarsum, dêr’t er tsien jier bleau. Dêrnei hat er nei alle gedachten koart yn Bitgum oan it wurk west, om fan 1637 oant syn dea as stedsskoalmaster en -foarsjonger yn Boalsert te wurkjen. In jier earder wie er troud mei de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves Rolwagen. Hoefolle bern oft sy krigen hawwe, is net krekt bekend, mar it wiene op syn minst fiif.
Alle bern, útsein de âldste soan Salves, ferstoaren wilens Gysbert syn libben oan de pest; 1656 wie dat oangiet in rampjier: trije fan syn bern stoaren en by himsels waard it sjen minder. Yn 1666 waard de famylje troffen troch de lêste pestepidemy dy’t de Lege Lannen teistere: Gysbert, Sijke en Salves rekken alle trije foar oktober wei. Gysbert en syn frou waarden begroeven yn de Martinitsjerke yn syn bertestêd.

Portret
Yn 1637 skildere syn omke Matthijs Harings in portret fan Gysbert (sjoch boppe-oan, detail). Yn de ieuwen dêrnei bleau dat potret lykwols frijwat ûnbekend, oant it yn 1806 tafallich fûn en kocht waard. Letter kaam it troch skinking yn besit fan it Frysk Genoatskip en doe bedarre it yn it Frysk Museum, dêr’t it noch hieltyd hinget. Tresoar is yn it besit fan in 19de ieuske kopy fan it portret.
Doe’t it portret ûntdutsen waard, wie der wol in oare ôfbylding fan Gysbert bekend: in kopergravuere út 1687, brûkt yn de 17de ieuske edysjes fan de 'Rymlerye'. Dy is makke neffens it boppeneamde skilderij, mar Gysbert sjocht der dúdlik âlder út. Philippus Breuker ferûnderstelt yn syn dissertaasje dat de graveur dat mei sin dien hat, óf omdat er Gysbert as âldere man kend hat, óf omdat er op de ynstruksjes fan oaren ôfgien is.

Frysk dichter yn in meartalige kontekst
Gysbert Japix hie al jong in soad niget oan literatuer. Syn earste Fryske wurk is datearre op 1639, mar it is oannimlik dat er foar dy tiid al yn it Nederlânsk en mooglik ek yn it Latyn dichte hat. Gysbert syn tiid wie in meartaligenien, dêr’t neist it Frysk, Nederlânsk en Stedfrysk bygelyks Latyn brûkt waard op de universiteiten en Frânsk by it stedhâlderlik hôf. Wêrom’t er nei 1639 krekt begûn is yn it Frysk te dichtsjen, is net wis. Yn de earder neamde dissertaasje fan Breuker wurdt derop wiisd dat er faaks stimulearre is troch freonen. Ien dy’t yn syn literêre foarming wichtich west hawwe moat is dichter Petrus Geestdorp. Om 1627 hinne kamen sy mei-inoar yn Wytmarsum yn ’e kunde. Beide kinne rekkene wurde ta de Neiere Reformaasje, in ûntjouwing yn it ortodokske kalvinisme yn de rin fan de santjinde ieu.
Earder neamde Anne Wadman in oare mooglikheid wêrom’t Gysbert yn it Frysk begûn wêze soe te dichtsjen. Troch provokaasje fan syn Frysk eargefoel soe er sjen litten hawwe wolle wat der allegear yn it Frysk mooglik wie.

Twa oare wichtige minsken anneks mei it wurk fan Gysbert binne Claude Fonteyne en Simon Abbes Gabbema. De yn Parys berne Fonteyne wie de wichtichste útjouwer yn Fryslân fan syn tiid en waard ien fan de produktyfste dichters yn it Nederlânsk yn Fryslân. Hy joech yn 1640 de Friessche Tjerne fan Gysbert út. Gabbema wie skiedskriuwer fan Fryslân en ûnderhold nau kontakt mei Gysbert Japix. Se wikselen wurk út en Gysbert liet him oantrune en ynspirearje troch Gabbema.

Troch kontakt mei Fonteyne en Gabbema waard Gysbert belutsen by in rûnte fan gelearde gelegenheidsdichters, dêr’t yn ferskate talen wurke waard. Hy sette gedichten út dy rûnte oer yn it Frysk en waard stimulearre om mear gelegenheidsfersen te skriuwen. De literatuer fan dy tiid bestie benammen út gelegenheidsliteratuer: ferhalen en gedichten dy’t skreaun waarden nei oanlieding fan grutte barrens, lykas de berte en it ferstjerren fan immen, mar ek by fjildslaggen. Grutte ynspiraasje foar Gysbert dêryn wie de hôfkultuer yn Fryslân, dêr’t er troch Fonteyne en Gabbema yn behelle wie. It hôf fan de Nassau’s, dat belangstelling hie foar it Frysk, waard bygelyks troch Gysbert Japix oer dichte by de berte fan de bern fan Willem Frederik fan Nassau.

Literêre ûntjouwing en wurdearring
Fakmanskip stiet yn it wurk fan Gysbert foarop en dêr skûlet ek de krêft yn. Hy wie master yn de ‘inventio’, de keunst om op in besteand motyf of gedicht in meinimmende fariant te meitsjen. Fierwei it grutste part fan it wurk bestiet út oersettingen (fan proazateksten), berimingen (fan psalmen) en bewurkingen. Teksten fan bygelyks Vondel en Huygens, mar ek fan klassiken en de Fryske skriuwer Johan van Hichtum (sirka 1585-1628) hat er as útgongspunt nommen. Yn de ‘inventio’ hie er benammen omtinken foar de foarm en de humor.

Yn jonge teksten lit Gysbert in wiidweidige skildering sjen fan de Fryske werklikheid, faak mei ferskynsels as oerdiedige alliteraasje en gearkeppeling. Foar 1650 hat er gjin gelegenheidsfersen skreaun. Dêrnei is dat dus dúdlik feroare. Dat soe komme kinne om’t Gysbert him bewust útlei op in firtuoas en geleard dichterskip.

Yn dat dichterskip waard it Frysk ek ta in ferheven en gelearde taal, wat paadsljochtsjend neamd wurde kin. Dat foel op by minsken yn bûten- en binnenlân. Franciscus Junius, taalgelearde fan Dútske komôf, kaam yn 1646 bygelyks nei Boalsert om fan Gysbert Frysk te learen. Mar ek foar it útbouwen fan it Frysk as literêre taal kin Gysbert syn fertsjinste net te heech wurdearre wurde. Net ien foar him hie de taal sa bewurkje en smeie kinnen, dat dy in folslein ynstrumint waard foar utering op it heechste artistike nivo, mar ek nei him hawwe der oant yn de tweintichste ieu net folle dichters west dy’t Gysbert belykje koene.

Under ynfloed fan de Barok waard it taalgebrûk fan Gysbert Japix letter drokker en keunstmjittiger en syn wurk dêrtroch minder tagonklik, mar in grut part fan syn poëzy is noch altyd, foar wa’t der wat muoite foar oer hat, tige lêsber en benammen sjongsum, lykas it liet ‘Wolkom freugde fan de wrâld’ dat noch geregeldwei ophelle wurdt. As literêr keunstner kin Gysbert Japix stean neist Nederlânske tiidgenoaten as Camphuysen en Revius; as pionier en taalskepper is syn betsjutting like grut foar de Fryske literatuer as dy fan Hooft, Huygens, Vondel en Bredero foar de Nederlânske.

In berch yn leechlân
It Frysktalige debút fan Gysbert wie it earder neamde Friessche Tjerne (1640). Hy boude dêrnei in tige mânsk en fariearre oeuvre op, besteande út poëzij (en dan benammen lieten), brieven en in stikmannich proazateksten. It brulloftsfers Friessche Tjerne soe lykwols it iennichste printe wurk by syn libben wurde. Twa jier nei syn dea waard syn wurk sammele útjûn as de Friesche Rymlerye. Yn syn eigen ieu waard it werprinte yn 1681 (troch Simon Abbes Gabbema) en 1684. Sa't yn dy tiid wizânsje wie, wie de ‘rymlerye’ yn trije sjenres ferdield: ‘ljeafd in bortlycke mingel-deuntjes’ (leafdespoëzij), ‘gemiene æf huwzmanne petear’ (moralistyske twaspraken) en it ‘hymmelsch harp-luwd’ (religieuze poëzij, wêrûnder psalmoersettings), sa’t op it titelblêd fan de Rymlerye oanjûn stiet. Yn de ieuwen dêrnei soene faak werútjeften, fernijfryskingen, blomlêzings en oersettings fan it wurk fan Gysbert ferskine (de folsleine list stiet oan de ein).

Gysbert makket diel út fan de Midfryske literatuer, sa likernôch tusken 1550 en 1800. Yn dy perioade waard der net in soad yn it Frysk skreaun, it bleau by bygelyks toanielstikken en almanakstikjes. Stadichoan soe yn dy perioade it Frysk mear in skriuwtaal wurde, it stie ynearsten benammen yn tsjinst fan it fermaak. Yn syn tiid stie Gysbert yn de Frysktalige literatuer sawol kwalitatyf as kwantitatyf op iensume hichte, hy wurdt ek wol ‘in berch yn leechlân’ neamd. Men moat lykwols yn ’e rekken hâlde dat hy net sasear yn in Fryske tradysje stie, mar mear diel wie fan in literatuer dêr’t ek wurk fan oaren by hearde dy’t yn it Nederlânsk of Latyn skreaunen.

Elke tiid syn eigen Gysbert
Om’t Gysbert fan grutte wearde is foar it Frysk en de Fryske literatuer, is der oant hjoed-de-dei in protte belangstelling foar syn persoan en wurk. Yn it earstoan wie syn wurk allinne bekend yn de rûnten fan de Fryske adel en akademisy. Pas yn de Romantyk yn de njoggentjinde ieu waard er yn breder rûnten wurdearre as in klassyk ideaal, dat de muoite wurdich wie om nei te stribjen. De tanimmende belangstelling begûn mei Everwinus Wassenbergh, heechlearaar Gryksk oan de Universiteit fan Frjentsjer, in grut leafhawwer en bewûnderder fan Gysbert syn wurk. Hy ferrjochte dêr ûndersyk nei en stimulearre studinten om dat ek te dwaan. Yn 1824 besoarge Ecco Epkema, ien fan Wassenbergh syn learlingen, in nije útjefte fan de Friesche Rymlerye. Hy stalde der ek in wurdboek by gear.

Tusken 1821 en 1823 wie Gysbert faak it middelpunt fan eveneminten. Yn 1823 waard yn Boalsert in grutte Gysbert Japixbetinking holden, dêr’t Joast Halbertsma in wiidweidige rede hold oer Gysbert. Om dy tiid hinne waarden ek monuminten ûnbleate, lykas it boarstbyld yn de Martinitsjerke fan Boalsert, makke troch Paul Joseph Gabriel.

Waling Dykstra makke letter in populêre net-folsleine fersy fan de Rymlerye. Nije wittenskiplike tekstedysjes ferskynden yn 1936, in twadde edysje dêrfan, no ek mei kommentaardiel, yn it kroanjier 1966 en in fotoprintútjefte fan de edysjes 1668 en 1681/1684 mei kommentaar yn 1989. Oer ferskillende aspekten fan libben en wurk fan Gysbert Japix binne oant no ta fiif dissertaasjes skreaun, wêrûnder dy fan Douwe Kalma yn 1938, de earste Frysktalige dissertaasje oait (sjoch oersjoch hjirûnder).

Yn de Fryske literatuer komme in protte ferwizingen nei Gysbert Japix foar, om te begjinnen mei de 19de ieuske dichter J.C.P. Salverda, trochrinnend oant no ta. In pear foarbylden om dat sjen te litten: Roel Slofstra sjongt ‘Wobbelke’ op syn elpee In spyltúch bin ik út 1969, troch Beart Oosterhaven beskôge as de start fan de Fryske folk-tradysje, en popgroep Reboelje makke yn 2003 de rock-opera ‘Gysbert, Gysbert’. Rink van der Velde ûntliende oan Gysbert it motto foar syn meast populêre roman Feroaring fan lucht, Tsjêbbe Hettinga ferwiist yn syn bekend gedicht ‘It faderpaard’ nei Gysbert en syn broer Eeltsje publisearre yn Dwingehôf (2000) in parody op ‘Wobbelke’. Piter Terpstra skreau in vie romancée fan Gysbert yn trije dielen, dy’t yn 2003 yn ien bân ferskynden. Sa hat ek de 21ste ieu syn eigen Gysbert, foar safier’t dat no al sein wurde mei. 2003 wie Gysbert syn fjouwerhûndertste bertejier en waard dêrom útroppen ta ‘Gysbert Japiksjier’. It joech oanlieding ta it útjaan fan in nije trijetalige blomlêzing: Gysbert Japix – Een keuze uit zijn werk.

Hjoed-de-dei is syn namme ûnder oare noch ferbûn oan de wichtichste literêre priis foar de Fryske literatuer, it bertehûs yn Boalsert en mannich strjitte yn Fryslân. Yn 1668 foarsei Meelke Lasis oer Gysbert Japix dat “Sijn greate namme nea ijn uwz gehuwgnis steart” (“Syn grutte namme nea yn ús ûnthâld stjert”). Oant no ta hat er gelyk krigen.

In priuwke fan Gysbert syn wurk
Hjirûnder stiet it earste kûplet fan it liet fan Reamer, dêr’t de twaspraak ‘Reamer en Sape’ mei begjint, bekend as ‘Wolkom freugde fan de wrâld’:

Wol-komm’ freugde fenne Wrâd,                       Wolkom, freugde fan de wrâld,
Haed-ljeacht oerre Stierren,                              haadljocht oer de stjerren,
Griente, Kruwd in Blomme-Fâd,                        grien- plant- en blommefâd,
Mietter fen uwz jieren,                                     mjitter fan ús jierren.
Hijmmel-eag dy ’t al oer-sjocht                         Himeleach, dy't ál oersjocht
Dy uwz Dauwe in Miste' ontjocht                       dy’t ús dau en mist ûnttsjocht
Dy uwz ’t fjild bemiellet,                                   dy’t ús fjild bemielet.
Ja mey goud oer-striellet.                                 ja, mei goud oerstrielet!

De linkerkolom is it orzjineel fan Gysbert en de rjochterkolom is skreaun yn de stavering fan hjoed-de-dei (út: Gysbert Japix – Een keuze uit zijn werk, 2003).

Hol(c)kema, Japicx, Japiks en Japix
De famyljenamme fan Gysbert Japix wie Holckema, in namme dy’t yn it algemien net in soad brûkt wurdt (de 19de ieuske grûnlizzer fan boekhannel Scheltema & Holkema yn Amsterdam is ek út dit skaai.) Gysbert brûkte de namme ek net; yn de literatuer oer him wurdt dêr ek amper oer rept. Gjin niget dat it pratronymikum Japix bytiden as famyljenamme brûkt wurdt.

Yn de rin fan de skiednis binne trije skriuwwizen ûntstien foar it patronymikum. De skriuwwize ‘Japicx’ komt fan de ûndertekening dy’t Gysbert brûkte yn syn brieven oan Gabbema (neist Hollânske farianten as ‘Jacobs’), sa’t dy opnommen binne yn de edysje fan 1681. De skriuwwize ‘Japiks’ is neffens de staveringsregels fan it Frysk, dat de x net brûkt, ek net yn eigennammen. De skriuwwize ‘Japix’ stiet op it titelblêd fan de Rymlerye.

De farianten 'Japicx' en 'Japiks' wiene oant 25 jier lyn hiem by de measten, en foar beide falt wat te sizzen. Philippus Breuker hat mei syn proefskrift yn 1989 de tredde fariant 'Japix' wer yn swang brocht. Foar de namme fan de Gysbert Japicxpriis hat de Provinsje Fryslân altyd de –cx skriuwwize oanholden.

Boarnen foar dit stik
Foar it skriuwen fan boppesteand stik is benammen gebrûk makke fan de dissertaasje fan Breuker, It wurk fan Gysbert Japix (1989), it trijetalige boek Gysbert Japix : een keuze uit zijn werk (2003), Skriuwers yn byld 1: Gysbert Japix 1603-1666 (2003) en de literatuerskiednis Zolang de wind van de wolken waait (2006).

Bibliografy
1640: Friessche Tjerne, ofte bortlijcke rijmlerye, trogh ien, ijnfierd, aad, sljoecht, ien-faadigh huws-man, di on-forsjoens ijn de gear-jefte fen sijn laan-here koom.
1668: Friesche rymlerye; yn trye delen forschaet: d' eerste binne ljeafd in bortlycke mingel-deuntjes: 't oorde sinte gemiene æf huwzmanne petear, in ore katerye: 't efterste iz hymmelsch harp-luwd. Dat iz to sizzen, ytlycke fen Davids psalmen. (2e pr., 1681, 2e pr. 1684, 3e pr., 1821).
1681: Friesche rymlerye; yn trye delen forschaet […] Dy oorde druwck, mei ien twaede diel forgreat. (útwreide fersy troch Gabbema).
1684: Friesche rymlerye; yn trye delen forschaet […] Dy oorde druwck, mei ien twaede diel forgreat. (nije titel-útjefte fan de 2e druk).
1821: Friesche rymlerye; yn trye delen forschaet […] De tredde druwck op nijz trognoaze in forbettere trog E. Epkema. (tredde druk troch E. Epkema)
1853: Utjefte Rymlerye yn stavering Halbertsma, besoarge troch Waling Dykstra, net hielendal folslein (2e pr. 1880).
1936: Wirken [I] (besoarge troch J.H. Brouwer, J. Haantjes en P. Sipma).
1966: Gysbert Japicx I. Wurken. (2e pr.) en II. Oantekeningen op Gysbert Japicx wurken. (besoarge troch J.H. Brouwer, J. Haantjes en P. Sipma).
1989: Breuker dissertaasje diel I.
1989: Gysbert Japicx Gedichten (kar út syn poëzij mei oersetting en kommentaar troch D.A. Tamminga).
1994: Tjerne le Frison et autres vers par Gysbert Japicx (oerset nei it Frânsk troch Henk Zwiers).
2003: Gysbert Japix : een keuze uit zijn werk (taljoching fan Phillipus Breuker, oersetting Douwe A. Tamminga en Atze Bosch nei it Nederlânsk en Klaas Bruinsma en Jan Popkema nei it Frysk).
2003: Freugde fan ’e wrâld : de lieten fan Gysbert Japix op ’e âlde wizen foar sjongstim, meldij- en akkoardynstrumint (bewurke troch Bernard Smilde).

Literatuer
1824: E. Epkema, Woordenboek op de gedichten en verdere geschriften van Gysbert Japicx. Ljouwert.
1824: Hulde aan Gysbert Japiks bewezen in de Sint Martini Kerk te Bolsward, op den 7 Jul 1823. Ed. J.H. Halbertsma. Boalsert.
1929: J. Haantjes, Gysbert Japicx, Fries dichter in de zeventiende eeuw. diss. Utrecht. Amsterdam.
1936: W.L. Brandsma, Het werkwoord bij Gysbert Japicx. diss. Grins. Assen.
1938: D. Kalma, Gysbert Japiks, in stúdzje yn dichterskip. diss. Grins. Dokkum.
1943: C. Kramer, Gysbert Japicx as oersetter en biwirker. Assen.
1946: E.B. Folkertsma, De Christen Gysbert Japiks. Snits.
1956: J. Jansen, Gysbert Japicx’ Lieten. Drachten.
1956: J.J. Kalma, Bibliografy Gysbert Japiks. Ljouwert.
1966: Skriuwers yn byld 1: Gysbert Japi(c)x 1603-1666. printeboek. Amsterdam (2de pr. 2003).
1974: A. Feitsma, De autografemen in het werk van Gysbert Japicx. diss. Amsterdam. Ljouwert.
1989: Ph.H. Breuker, It wurk fan Gysbert Japix. diss. Amsterdam. Ljouwert.
1994: A. Wadman, ‘Hoe moat dat no mei Gysbert Japixcxks?’, LC 08-07-1994.
2003: Ph. H. Breuker, ‘Gysbert Japix nei fjouwerhûndert jier’, betinkingsrede yn Boalsert, yn: Fryslân (nr. 2).
2003: A. Feitsma, ‘In alternative fizy op Gysbert Japix’ en Ph. H. Breuker, ‘Feitsma fan replyk tsjinne oer Gysbert Japix’; diskusje oer Gysbert, yn Fryslân (nr. 3).
2016: Louis Grijp over de receptie van Gysberts liederen en 'Wobbelke', FD 16-01-2016

Mear ynformaasje oer Gysbert Japix
Ph.H. Breuker yn Zolang de wind van de wolken waait (2006), Hdst 3, side 36-42.
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Gysbert Japicxhûs, Webside
De kanon fan de Fryske skiednis
Famylje Hol(c)kema, stambeam


© Tresoar, 14-11-2014