Berne: 25-11-1912, Aldtsjerk
Ferstoarn: 3-10-1996, It Hearrenfean

Libben en wurk

Johannes Doedes de Jong is berne yn Aldtsjerk en hat dêr ek in grut part fan syn libben wenne. Letter ferfarde er nei It Hearrenfean. Berne in tal jierren nei de earste wrâldkriich en opgroeid yn de krisisjierren, moast er al jong sels yn syn libbensûnderhâld foarsjen.

In skoft wurke er as bakkersfeint yn Aldtsjerk en omkriten. Sadwaande kaam er ek op it lânguod  ‘De Klinze’. It haad fan de húshâlding dêr makke de jonge bakkersfeint bliid mei in fototastel dat se fan bonnen by Sunlightsjippe byelkoar garre hie. Dy jefte wie fan grutte betsjutting foar de jonge Johannes, hy begûn al ridlik gau mei it sels ûntwikkeljen fan foto’s en makke letter fan fotografearjen en filmjen syn berop. Foardat er as fotograaf in bestean opboude hat er in foech jier boekhanler west en in jiermannich in type- en cyclostyleynrjochting hân. Mei oaren rjochte er yn 1937 it ferbûn fan Fryske filmers ‘Film yn Fryslân’ op. Noch yn datselde jier wie de primjêre fan syn spylfilm ‘Kar út twa’. De film fan De Jong wie de earste Fryske spylfilm. Fierder makke er yn de foaroarlochske jierren ûnder oaren in film foar de JVO (Jeugdbond voor Onthouding), foar it Paardenstamboek en de Lânboujongerein. As beropsfotograaf wurke de Jong lange jierren foar it Frysk Lânboublêd. Yn ’e oarloch sympatisearre De Jong mei de besetter, al wie er net polityk aktyf. Wol hat er yn dy jierren foto-reizen makke nei de Baltyske Steaten en Poalen.  Koart nei de oarloch kaam er oan ’e slach as fotograaf by it (âld-yllegale) deiblêd Friese Koerier. Neidat dat blêd fusearre mei de Leeuwarder Courant kaam er by dy krante yn tsjinst. Dêr hat er wurke oant syn pensjoen yn 1977. As fotograaf hat J.D. de Jong namme makke mei natuer- en lânskipfoto’s, dêr’t er sels poëtyske ûnderskriften by skreau. Syn wurkgebiet beheinde him net allinnich ta Fryslân. As fotograaf hat er ek in soad yn it bûtelân, en benammen yn Frankryk, taholden.
As dichter debutearre er mei it fers ‘Steun’ yn It Forbân, it tydskrift fan it Soasiael  Demokratysk Frysk Forbân. Fierders ferskynden fersen fan syn hân yn Frisia en It Heitelân. Syn earstlings bondel, mei de Ingelske titel Lunchroom, kaam út yn 1936. Al mei de Ingelske titel oppenearre J.D. de Jong him as in dichter dy’t in nij lûd hearre liet. Freark Dam skreau oer it wurk fan De Jong (Tekst en útlis; lesbrief Afûk): ‘Dy fernijing sit him net sasear yn fersfoarm of oare technyske kanten fan syn wurk en likemin yn in opfallende oarspronklikens fan byldspraak of wurdkar. It is it sosjale elemint dat syn fersen ûnderskiedt fan it wurk fan syn tiid- en generaasjegenoaten. Gjinien Frysk dichter út de sprekwurdlik-minne tritiger jierren, mei har wurkleasheidsneed en neare oarlochsdriging, mei har ûnmacht om in útwei te finen út in polityk-sosjaal laberet, hat sá direkt dy problematyk ûnder wurden witten te bringen. Fatalisme en opstannichheid, sarkasme en ûnmachtich rjochtsgefoel sprekke har út yn guon fersen dy’t technysk faaks net folslein, mar wol oertsjûgjend binne, krekt omdat de dichter kâns sjocht, al sokke tsjinstridige eleminten dochs ta in (wiffe) ienheid te meitsjen’(stavering oanpast).
It soe 27 jier duorje foardat der wer in bondel fan de Jong yn it ljocht kaam; yn 1963 joech er in bondel út mei de titel Fersen. Net alle fersen út de twadde bondel wiene nij, guon wiene earder publisearre. Sa stiene ‘Toplôke blom’, ‘Deade fûgel’ en ‘Aldjiersnacht’ al yn Frysk Jierboek 1938. Yn Fersen steane inkelde gedichten, lykas ‘Mem’ en ‘Forflokt skip’ dy’t der útkypje troch spanning en wurdkar. Mar fernijend lykas Lunchroom is de bondel net.
Johannes Doedes de Jong wurdt yn de Fryske literatuer rekkene ta de jonge dichtersgroep dy’t healwei de jierren tritich fan de 20e ieu fan har hearre lieten, ‘de fiifentritigers’. Douwe Tamminga wurdt sjoen as de belangrykste dichter fan dat ploechje. Fierders wurde Andrè R. Scholten, Nyckle J. Haisma en Yke Reinders Boonstra (alle trije ier ferstoarn), Jan Piebenga en Sytze J. van der Molen by de ‘fiifentritigers’ rekkene.
Yn 1972 is Joh. D. De Jong op It Hearrenfean eare mei in eksposysje dy’t in oersjoch toande fan syn fotografysk wurk. Ta gelegenheid dêrfan kaam ek in fotoboek út mei de titel: Jo hawwe myn kleijen yn dounsjen foroare.
De literêre produksje fan De Jong bleau beheind ta de beide bondels en publikaasjes yn de al earder neamde, en oare tydskriften.

Wurk

Poëzy
1936: Lunchroom
1963: Fersen

Ferskaat
1972: Jo hawwe myn kleijen yn dounsjen foroare (fotoboek)

Tresoar, 13-3-2009