Berne: 2 juny 1898, Dokkum
Ferstoarn: 21-3-1973, Assen

Libben en wurk

Petrus Jans de Jong waard yn 1898 berne yn Dokkum as soan fan in slachter. Nei de mulo gyng er nei de doe krekt oprjochte kristlike kweekskoalle yn syn wenplak. Net omdat er sa graach it ûnderwiis yn woe, mar omdat der doe oars yn Dokkum gjin mooglikheden wiene om fierder te learen.

Efterôf hat er nea spyt hân fan syn kar fan destiids. Syn doel wie eins om wat fan de wrâld te sjen en om as ûnderwizer nei Ynje te gean. Hy waard lykwols twa kear ôfkeurd.
Nei in tal tydlike kontrakten oan ferskate skoallen yn Fryslân krige er yn 1921 in fêste beneaming oan de kristlike skoalle fan Marrum. Hy wie yntusken troud mei Grietje Ham, dochter fan it haad fan ien fan syn tydlike skoallen, dy yn Broeksterwâld. Tsien jier bleaune se yn Marrum, doe krige De Jong in beneaming as haad fan de kristlike skoalle op De Tike en ferfear it gesin dêrhinne. Sels krige it echtpear De Jong gjin bern, mar se namen wol geregeldwei pleechbern op. Ien dêrfan wie de Hongaarske Adrienne Gutleber (Addy) dy’t yn 1924 as famke fan fjouwer jier by de famylje de Jong yn ’e hûs kaam en altyd bleaun is.
Petrus (Pyt) de Jong wie in natuerminske, yn syn frije tiid swalke er yn it fjild of gie er mei in boatsje De Leijen op. It opsetten fan bisten wie yn fan syn feardichheden.
Master De Jong koe goed fertelle, in eigenskip dy’t him fan pas kaam doe’t er mei it skriuwen fan boeken begûn. Hy sette dêr mei útein tidens de oarloch, de omstannichheden brochten mei dat er in soad aktiviteiten net mear dwaan koe en dêrom ynienen tiid oer hie.
De earste roman dy’t fan De Jong útkaam; Jelmer út it reidhúske, ferskynde yn 1942. Noch datselde jier kaam ek syn twadde boek op ’e merk, in boek foar wat âldere bern dat er de titel De Rôverspôlle, mei joech. De Rôverspôlle spilet him ôf op foar de Jong bekend terein, nammentlik op in eilantsje yn De Leijen.
De Jong hie net de pretinsje om literatuer te skriuwen, syn doel wie om mei syn boeken de minsken oan it lêzen te krijen en benammen oan it lêzen yn it Frysk.
Sels hie er op lettere leeftyd it Frysk yn ’e macht krigen, thús praten se Dokkumers en mei syn frou prate er faak Grinslâns. De skoalle op De Tike sette op oantrún fan de Jong yn 1937, as ien fan de earste skoallen yn Fryslân, útein mei it jaan fan Fryske les oan de 6e en 7e klas. Yn 1959 waard de skoalle offisjeel twatalich.
Om Friso’s hern (1946), it tredde boek fan de hân fan De Jong, is basearre op it drama dat oan ’e ein fan de oarloch plakfûn op De Legauke yn De Pein (Sm.). De pleats fan de fam. Reinder de Vries wie skûlplak foar minsken út it ferset. Troch ferrie waard de pleats oerfallen. Twa soannen fan de Vries, in ûnderdûker en in Dútser kamen dêrby om it libben. De pleats waard yn ’e brân stutsen. It echtpear de Jong bea sels ek plak oan ûnderdûkers, werûnder in pear joadske famkes.
Yn 1947 ferskynden der twa boeken fan P. de Jong; As it libben brûzet en De blom út ’e reidfjilden. Fan beide boeken kaam yn 1970 in twadde printinge út. Bigot & Van Rossum joech yn 1975 De bloem uit de rietvelden út, in oersetting fan it earder neamde boek fan De Jong. Spylje syn measte boeken har op De Tike of yn de omkriten dêrfan ôf, As it libben brûzet is situearre yn de kontreien fan Broeksterwâld, it plak dêr’t er syn frou kennen leard hat.
Syn, neffens himsels, bêst slagge roman Heidebern, kaam út yn 1951. It ferhaal fan Heidebern spilet him ôf oan it begjin fan de tweintichste ieu, op de heide en yn de bosken fan Bakkefean. Tineke Steenmeijer-Wielenga skreau yn har besprek fan de werútjefte fan it boek yn 1977: ‘Hy beskriuwt dêryn in tiid en in maatskippij dy’t foargoed efter ús lizze en hy beskriuwt dy mei leafde foar de minsken. Hy hie in skerp each foar de beroerde tastân dêr’t de bewenners fan de earme heide yn libje moasten, mar hy wie ek gefoelich foar de sfear en de romantyk dy’t om dizze iensume krite hong. Syn natuerbeskriuwingen binne prachtich, syn karaktertekening is swart-wyt, foar ús gefoel alteast. Der binne sterke en swakke karakters. De sterke persoanlikheden moatte de swakke ta stipe wêze en har behoedzje foar kromme slaggen. De heidtsjers hawwe eigen noarmen en wetten en it is slimmer dy te oertrêdzjen as de wetten fan de boargers en de adelike hearen’ (Leeuwarder Courant, 23-07 1977).
Inkelde koarte ferhalen fan de hân fan  P.J. de Jong ferskynden yn sammelbondels fan de KFFB, Sa’t it lân it opjowt (1946) en yn it krystboek In bern is ús berne yn Bethlehim (1947).
It Heitelân publisearre yn 1955 in lang maitiidsgedicht fan De Jong, ûnder de titel ‘Yntocht fan maaie’. Tusken 1993 en 1995 naam De Fleanende Krie geregeldwei in gedicht fan de hân fan De Jong op, de measte fan dy fersen skreau de dichter al tidens de oarloch.
Ien fan de aktiviteiten dy’t De Jong ûntwikkele op De Tike wie it stiftsjen fan in toanielferiening. Sels skreau er koart nei de oarloch in pear stikken dêr’t de Tyksters in protte sukses mei hiene en dy’t rûnom yn de provinsje spile waarden. ‘Om Friso’s hern’ wie in bewurking fan syn boek en ‘Oan de oare kant’ hie de emigraasje as ûnderwerp.
Fierders skreau er noch in pear toanielstikken foar bern.
Petrus Jans de Jong is yn 1973 te Assen ferstoarn.

Wurk

Proaza
1942: Jelmer út it reidhúske
1942: De Rôverspôlle (berneboek)
1946: Om Friso’s hern
1947: As it libben brûzet (werprintinge 1970)
1947: De blom út ’e reidfjilden (werprintinge 1970)
1951: Heidebern (werprintinge 1976)
1975: De bloem uit de rietvelden (oersetting)

Tresoar, 24 april 2009