Berne: 01-05-1947, Weidum

Libben en wurk

Sietske de Jong, dy’t berne en opgroeid is yn Weidum, debutearre op har sânenfjirtichste as skriuwster. Belangstelling foar literatuer hie se altyd al, mar sels skriuwe wie lange tiid in stap te fier.

Op har tweintichste wurke se in skoftsje by de Nederlânske dichteres Ankie Peypers en kaam sadwaande yn oanrekking mei it skriuwersbestean. Har belangstelling foar Nederlânske literatuer waard dêr ferdjippe.
Har libbensperspektyf feroare yngeand neidat se, goed tritich jier âld, nei in ûngemak troffen waard troch in harsenblieding.
De Jong hat altyd wurk hân dat in relaasje hie mei boeken; se wurke by boekwinkels en yn de iepenbiere bibleteek fan Ljouwert. Nei de berte fan har soannen sei se har wurk op en bleau se thús. Wol begûn se mei in stúdzje Nederlânsk, se helle de akten MO-A en B. Se sette har kennis yn foar de Stichting Vrienden van de Openbare Bibliotheek Leeuwarden. Ien fan har taken dêr by wie it hâlden fan fraachpetearen mei Nederlânske skriuwers. Fierders hold se geregeld lêzings oer literatuer en taal foar de Volksuniversiteit en foar groepen lykas de plattelânsfroulju.
Begjin jierren njoggentich kaam se werom by har Fryske woartels en folge se in kursus Frysk  skriuwen by de Afûk. Dat wreide se út mei in skriuwkursus by it Frysk letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).
Hie Sietske de Jong by de Nederlânske literatuer altyd it gefoel dat sy dêr neat oan ta te foegjen hie, by de Fryske lei dat oars. Foar har debútroman keas se dan ek in ûnderwerp út dat yn de Fryske literatuer net earder sa oan ’e oarder kaam wie; dat fan in jonge dy’t lêst hie fan psychoazes. Yn desimber 1996 ferskynde de roman ûnder de titel: Ikaros, baarnende soan. De titel ferwiist nei de Grykse sage fan Daidalos en Ikaros dy’t finzen wiene op Kreta. Se makken wjukken fan fearren en ûntsnapten sa troch de loft. Daidalos warskôge syn soan Ikaros om net te ticht by de sinne te fleanen omdat dan de waaks dêr’t de fearren mei befestige wiene, rane soene. Ikaros fergeat de warskôging, fleach te heech, stoarte del en ferdonk yn see. Yn it boek ferwiist de mythe nei de mem, Brecht, dy’t besiket har soan Roel te rêden fan drugs en de dêrút fuortkommende psychoazes. Uteinliks ferlit de soan de mem en bliuwt sy allinnich efter.
De ferskillende resinsinten dy’t de roman besprieken wiene fan betinken dat de dialogen it sterkste ûnderdiel fan it boek útmeitsje. Jelle Krol skreau yn syn besprek: ‘It ferhaal oer Brecht en Roel wurdt yn de doetiid troch in alwittend ferteller relevearre. Dêrtroch ûntstiet foar de lêzer in beskate distânsje: in ôfstân yn ’e tiid en in ôstân yn de personaazjes. It ferhaal leit al wer efter ús en it is net in ‘ik’ dy’t oan it wurd is en it oer syn of har emoasjes en wjerfarren hat. It risiko bestiet dan dat it ferhaal wat deadsk oandocht. Troch it grutte tal dialogen hat de skriuwster it lykwols libben hâlden en fielt de lêzer in direkte belutsenens efterôf, neidat de ferteller de emoasje evaluearre hat. Dochs hat dat grutte tal dialogen ek wer in neidiel, want folle fierder as oerflakkige konversaasje komt it net: fan ferdjipping is yn it boek eins nearne sprake.’(Leeuwarder Courant, 10-01-1997)
Datselde beswier hiene ek de oare besprekkers, se misten de emoasje fan de mem nei har soan. Neffens Babs Gezelle Meerburg is it hege werklikheidsgehalte fan it boek tagelyk ek de swakte. ‘It boek is eins mar op ien manier te lêzen, nammentlik as skiednis fan in sykte.’(Friesch Dagblad, 01-02-1997)

Wurk

Proaza
1996: Ikaros, baarnende soan

Tresoar, 23 april 2009