Berne: 11-2-1905, Jellum
Ferstoarn: 1-10-1952, Nijmegen

Komôf en famylje

Aurelius Hotze Theodorus Jorritsma waard op 11 febrewaris 1905 as earste bern berne út it houlik fan Hotze Theodorus Aurelius' Jorritsma (Nijlân, 1869 - Nijmegen, 1942) en Emilie Catharina Rappard (Tiel, 1882 - Nijmegen, 1934).
Doe't Hotze Jorritsma op 15 augustus 1903 yn Weidum troude, libben syn beide âlden al net mear. Fan har moat er in grut fermogen urven hawwe.

In omke fan sines, Menno Hotzes Jorritsma, kaam yn 1880 as studint yn de letteren te Leiden te ferstjerren en liet doe lân nei mei in wearde fan ƒ 108.707,58. Rely syn pake wie yn dy tiid kantonrjochter yn Boalsert. Ek Rely syn heit hat (yn Grins) rjochten studearre, neidat er yn Snits op it gymnasium west hie. Doe't er it hûs yn Jellum kocht, waard optekene, dat er kandidaat yn de rjochten wie; yn de trou-akte stiet, dat er sûnder berop is. Jeie, strykjildskriuwe, it weidzjen fan lammen en dêryn hannelje en in bytsje foar de ferdivedaasje piele mei hinnebuorkerij, dat hawwe syn beuzichheden yn Jellum west. Hy hat der mear jild by ferspile as dat er dermei fertsjinne. Faaks hat Rely it net-harmoanyske yn syn aard fan syn heit skipe. Syn artistisiteit sil er earder fan syn mem meikrigen hawwe. Fan har fertelt er, dat hja foar har houlik dwaande west hie in roman te skriuwen, dy't hja letter, doe't hja húsfrou wurden wie, ferskuord hat. Yn reäksje op de 'wylde' wize fan libjen fan syn heit is Rely sober: hy is fegetariër, in skoft lang ûnthâlder en lid fan de Rein Leven-Beweging. "Ik hou van je, maar je denkt te veel na," moat syn heit ris tsjin him sein hawwe.

Oplieding
Yn 1918 kocht syn heit in ezel foar him, doe't er sitten bleaun wie, wylst er him in hynder ûnthjitten hie, as er oergean soe. Ofsjoen dêrfan hat Rely de h.b.s. dochs flot dien makke. Yn Nijmegen hat er it stúdzjejier 1924-1925 ynskreaun stien as studint Nederlânsk oan de R.K. Universiteit, neidat er op 16 septimber 1924 it gelok hân hie frij te lotsjen foar de militêre tsjinst. Ien fan syn dosinten wie dr. Jac. van Ginneken. Yn 1926 en 1927 folget er yn Arnhem in literêre leargong by dr. H. Moller. Nei't er yn 1929/30 as adspirant-sjoernalist oan it Utrechtsch Dagblad ferbûn west hat en yn de Domstêd ek noch in skoft as volontêr wurke hat yn de boekwinkel fan Broese komt er op 31 maaie 1931 yn Nijmegen werom. Foarearst nimt er ôfskie fan de literatuer om him op tekenjen en skilderjen út te lizzen. Fan 1931 oant 1934 reizget er nei de Middelbere Tekenskoalle 'Kunstoefening' yn Arnhem, dêr't er yn 1932 syn l.û.-akte tekenjen hellet nei in eksamen yn De Haach. Yn 1934, nei it ferstjerren fan syn mem, sakket er foar it talittingseksamen fan de keunstakademy yn Amsterdam. Hy giet dan nei de akademy yn Antwerpen, mar jout rillegau de foarkar oan in partikuliere learmaster, dy't er fynt yn de keunstskilder Albert Thijs oan de Mechelse Steenweg. Hy wennet in skoft yn it 'Zeemanshuis' aan de Ankerrui. Op 20 july 1935 komt er út België wei wer thús by syn heit. Yn Nijmegen hat er omgong mei in groep jonge keunstners mei wa't er û.o. yn 1935 eksposearret en ek in literêr tydskriftke útjout ûnder de titel Zwarte Kraaien. Ut syn Arnhimske stúdzjejierren stamme fersen dy't opnommen binne yn it blêd Jonge Kunst (1931 en 1932). Fierder publisearret er yn de Leeuwarder Courant (yn 1928, ûnder it pseudonym J.H. Boersma), It Heitelân, Sljucht en Rjucht en De Holder en yn Regeneratie. Nei de oarloch hat Rely Jorritsma noch histoaryske bydragen levere oan de Nijmeegse Courant yn syn rubryk 'Tussen Maas en Rijn'. In echte baan hat er nei syn oanstellingen as adspirant en volontêr yn Utert nea wer hân. Troch syn oantekeningen - ek yn alderhanne boeken - te lêzen krije jo in byld fan hoe't syn bestean yn de lêste jierren west hat. Hy eidet hyltyd wer syn libben oer, lêst syn âlde deiboeken troch, makket in protte notysjes yn de marzje en begjint rychjes op te tekenjen. Rychjes fan bysûndere jiertallen, rychjes fan de minsken mei wa't er briefket, rychjes fan de freondinnen ensafuorthinne. Hy skriuwt nammen ûnder elkoar, streket letters tsjin elkoar wei en wol op sa'n wize útfine wa't by wa past, hy gûchelt mei jiertallen om: koartsein syn tinzen sirkelje yn lytse rûntsjes om syn eigen persoan hinne. Op 28 oktober 1950 nimt er syn yntrek op 'Klein Jagtlust yn Oranjewâld'. Syn kwaal, multiple sclerose, is dan al sa oanboaze, dat er ferpleegd wurde moat. Yn it lêst fan augustus 1952 ferfart Rely Jorritsma nei Ressen, dêr't er as pasjint yn 'e hûs komt by de dûmny. Dêr, tichteby Nijmegen, komt er op 1 oktober 1952 te ferstjerren. Hy wurdt yn Nijmegen begroeven op 'Rustoord' yn itselde grêf dêr't syn heit en de jiske fan syn mem yn rêste.

Literêr wurk
It earste Fryske fers dat fan Rely publisearre waard, stie op 24 april 1926 yn Sljucht en Rjucht. Hy hie it makke op 9 maaie 1924 en dyselde simmers noch opstjoerd, mar hy ferûnderstelt, dat it lizzen bleaun is oant Reinder Brolsma der wat yn seach fanwege de útdrukking 'it âlde doarp' yn de earste rigel. Sadwaande beskôget Rely sels Brolsma as syn 'ûntdekker'. Njonken in tal proaza-bydragen hawwe der fan Rely Jorritsma rom 170 Fryske fersen publisearre west yn de ûnderskate tydskriften. Ta in bondel is it net kommen, al hat Rely dêr sels wol plannen foar hân. Yn 1945 frege er yn in advertinsje hokker útjouwer syn bondel 'It Reidhintsje' útbringe woe en yn syn deiboek fan 1936 binne omslachûntwerpen foar in bondel 'Fen hûs en herne' of 'Fen hird en herne' opnommen, dy't er doe by Eisma yn Ljouwert printsje litte woe. Yn 1949 noteart er, dat er yn 1951 syn Frysk wurk útjaan wol, omdat er dan 25 jier publisearre hat as 'Rely'. As titel tinkt er dan oan: 'Fuotprinten fan myn libben', 'It wie myn libben' of 'In libben fan leafde en skientme'. It iennige dat as boek ferskynd is, is de Hollânsktalige bondel Idylle in het Nederrijk fan 1946. Yn 1948 wiene dêr noch mar sa'n bytsje fan ferkocht, dat er de boekjes yn in adfertinsje yn Frysk en Frij fergees oanbean hat oan de leafhawwers. Mei freonen hat er in boek gearstald mei teksten en byldwurk ûnder de titel 'Het Nederrijk'. Mar dêr is gjin printe útjefte fan kommen. G.A. Wumkes neamt yn syn oantekeningen oer Rely dy syn fersen 'gedachtenflitsen van een visionaire kracht' (...) 'zijn gedichten rekent men niet tot de muzikale, zelfs niet tot de lyriek in engere zin. Niet het sonore klankrijke woord (...) 'verzen zijn aanschouwelijk' (...) 'eerder met een expressie dan met een getrouwe uitbeelding, laat staan afbeelding'. Oan Rely syn fersen is de ynfloed fan syn lektuer te fernimmen. Hy hie net in sterk eigen lûd. Skriuwt er yn syn deiboeken, dat er him mei Gysbert Japicx dwaande hâldt, dan sjogge jo yn syn wurk ek wurdsteapelingen à la Gysbert opkommen. Op Aldersielen 1949 kriget er de útjefte fan Obe Postma syn wurk ("'t is in hearlik besit") en dêrnei fine jo Postma-eftige fersen. Ek mei Sjoerd Spanninga syn wurk binne oerienkomsten oan te wizen. Oer it generaal is it wurk fan Jorritsma net geef, mar hy hat flûnkerjende mominten, as er ferrassende bylden fynt en soms hiele moaie rigels skriuwt.

De Rely Jorritsmapriisfraach
Lykas Rely fan mear dingen yn de Fryske Beweging argewaasje hân hat, hat er ek de opset fan de priisfragen dy't ein fjirtiger jierren troch de tydskriften útskreaun waarden, net wurdearje kinnen. Mei't er de beleanning te skiterich achte, hat er sels in kearmannich jild beskikber steld, sawol oan De Tsjerne as oan It Heitelân. Betingst wie dêrby wol, dat er sels mei kedize mocht oer de útslach. Yn syn neilittenskip binne brieven te finen oangeande priisfragen yn Hollân, dêr't er sels wurk foar ynstjoerd hat en kranteknipsels oer minsken dy't by testamint jild beskikber steld hiene foar literêre prizen. Sa sil er op it idee kommen wêze om syn besit ûnder te bringen yn it Rely Jorritsma Founs. Yn syn testamint liet er fêstlizze, dat der in Founs stifte wurde soe om syn neilittenskip te behearen en de fruchten dêrfan yn te setten as prizejild foar priisfragen dêr't koarte ferhalen en fersen yn it Frysk foar ynstjoerd wurde kinne. De organisaasje waard ynearsten tabetroud oan De Fryske Bibleteek, mar fuortendaliks is der al rekken mei hâlden, dat der wolris in ein komme kinne soe oan de warberens fan dy organisaasje. As twadde kolleezje om it Rely Jorritsma Founs te bestjoeren is yn it testamint de Gemeente Baarderadiel oanwiisd. Nei de gemeentelike weryndieling hat de nije Gemeente Littenseradiel de ferantwurdlikheid oernommen. Alle jierren kinne op syn heechst fiif prizen ferjûn wurde yn beide sjenres.

Literatuer
'Myn sang is fan it âlde hûs'. In blomlêzing út de publisearre fersen fan Rely Jorritsma mei in ynlieding oer syn libben en wurk, de tekst fan syn testamint en in oersjoch fan it literêre wurk, dat yn de nei him neamde priisfragen bekroand waard tusken 1954 en 1993. BYSKRIFTEN nûmer 6. FLMD, Ljouwert 1993.
Fjirtich jier 'Rely Relly' [in oersjoch yn gearwurking mei de bekroande meidoggers] troch Petra T. de Haan. Utjouwerij Fryslân/Afûk, Ljouwert 1994.
Mear oer de Rely Jorritsmapriis

© Tresoar, 16 maaie 2000