Berne: 22-12-1943, Hurdegaryp

Libben en wurk

Jurjen van der Kooi is berne yn Hurdegaryp mar hy waard grut yn Skearnegoutum, en folge gymnasium-alfa oan it Bogerman Lyceum yn Snits.

Dêrnei studearre er Nederlânsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit fan Grins; Frysk by it Nederlânsk út niget en om't de stüdzje Nederlânsk him te min bea. Nei in pear jier op in wenskipke te Dokkum sette er him yn 1971 nei wenjen yn Bûtenpost. Hy is troud en hat trije bern.

Van der Kooi skreau syn doktoraalskripsje oer Hengist en Horsa, Friezen (of Saksen?) dy’t yn de fyfde ieu oerstieken nei Ingelân. Dat makke syn belangstelling foar folksliteratuer en folkskundige metoaden geande. Nei syn stúdzje wurke er trije jier oan wat doe noch it Frysk Ynstitút fan de RUG hjitte as meiwurker foar it Midfrysk. Dêrnei kaam er yn 1977 as opfolger fan Douwe Tamminga oan it wurk by de wurdboekôfdieling fan de Fryske Akademy. Al gau lykwols waard er troch Ype Poortinga (doe al mei pinsjoen) behelle yn it folksferhaleûndersyk. Omdat er by de FA gjin promoasjeûndersyk dwaan mocht, gie Van der Kooi yn 1980 werom nei de RUG, mar no by it Nedersaksysk Ynstitút om dêr de folkskunde in plak te jaan. Syn grutte oanpoener wie prof. Hendrik Entjes. Yn 1984 promovearre er cum laude op de dissertaasje Volksverhalen in Friesland. Lectuur en mondelinge overlevering. Een typencatalogus, dêr't er de folsleine Fryske mearke-oerlevering yn katalogisearre en bestudearre en de relaasjes tusken folkslektuer en mûnlinge oerlevering yn bleat lei.
Van der Kooi ferfolge syn wittenskiplike rinbaan oan de RUG en waard dêr úteinliks haaddosint en associate professor folkskunde en orale literatuer. Sa ûntjoech er him ta spesjalist op it mêd fan folkskunde en orale literatuer (benammen folksferhaal, folksleauwe, sprekwurd, rym). Van der Kooi publisearre in grut tal artikels en boeken op dy en oare mêden, sawol wat de trije Fryslannen oangiet en it gebiet fan it Nedersaksysk en Leechdútsk, as mear op teoretysk flak. Syn wurdboekûnderfining kaam wer fan pas doe’t er meiwurke oan in grut tal sammelwurken en ensyklopedyën (haadredakteur fan de trijedielige Nieuwe Groninger Encyclopedie en einredakteur fan it Handboek Nedersaksische Taal- en Letterkunde dat ferskynde yn 2008; fêste meiwurker oan de Enzyklopädie des Märchens ensfh.).
Yn 2008 jier gie Van der Kooi mei pinsjoen, mar neitiid bleau er warber op syn fakgebiet. Sa levere er de wichtichste bydrage oan de samling mearkes fan Dam Jaarsma, dy’t yn 2014 ferskynde.


List fan belangryk literêr wurk op Frysk mêd

Proaza
1979: Volksverhalen uit Friesland
1990: Friesische Märchen (mei Babs Gezelle Meerburg)
1993: Märchen und Schwänke aus Ostfriesland (mei Theo Schuster)
1994: Friesische Sagen
1997: Untank is it lean fan 'e wrâld. In âlde fabel jout better leksum as twa oeren preekjen. Fryske folksferhalen op rym
1998: Der Ring im Fischbauch. Sagen aus Nordfriesland
2000: De nachtmerje fan Rawier. Fryske sêgen oer it boppenatuerlike
2003: Die Frau, die verlorenging. Sagen aus Ostfriesland (mei Theo Schuster)
2007: Alle beetjes helpen. Nederlandse, Friese en Vlaamse wellerismen (mei H.L. Cox).
2011: Myn herder is myn redder. Rijm in Friesland / Frysk folksrym. Een overzicht
2014: Mearkes út de Wâlden sammele troch Dam Jaarsma. Van der Kooi fersoarge de seleksje en de ferantwurding en wurke mei oan it neiwurd.

Prizen
1997: Europäische Märchenpreis ((troch de Märchenstiftung Walter Kahn)
2004: Totius Frisiae Siegel (troch de Ostfriesische Landschaft)

Mear oer de skriuwer en syn wurk
Lûd- en byldargyf fan Tresoar
Nedersaksyske Wikipedie
Artikel oer promoasje, LC 17-02-1984
S.J. van der Molen(?), fraachpetear LC 17-02-1984
Ineke Mooiweer, fraachpetear De Binnenste Buiten, sept 2006
Artikel by pensjoen, FD 08-01-2009
Gerbrich van der Meer, fraachpetear FD 12-04-2014


© Tresoar, 13-06-2014