Berne: 30-10-1933, Hallum
Ferstoarn: 28-11-2004, Drachten

Libben en wurk

Anne Koopmans groeide op yn it plak dêr’t er berne wie, Hallum. Syn heit wie bakker. Nei de Mulo gyng er nei de Rykskweekskoalle yn Ljouwert, hy krige dêr les fan minsken dy’t letter namme meitsje soene as Frysk dichter of cartoonist lykas Jan J. Bijlsma, Reinder Rienk van der Leest en Cor Hoekstra (Cork).

De earste skoalle dêr’t Anne Koopmans les joech stie yn it Twentske Rijssen. Echt goed foldie it him dêr net, nei twa jier wie er werom yn Fryslân en kaam er ek werom yn de skoallebanken; op syn 24ste folge er noch de lêste twa klassen fan de HBS oan it Saailân yn Ljouwert. Dêrnei waard er learaar Frâns, wiskunde en tekenjen oan de mafû op De Gordyk. In pear jier letter krige er in beneaming yn it Gelderske Brummen, mar wist al ridlik gau dat syn takomst yn Fryslân lei. Sûnt 1965 fertsjinne er as learaar de kost yn Drachten. Om’t it mei syn sûnens net goed gie, moast Koopmans yn 1988 syn baan yn it ûnderwiis opjaan.
Yn 1987 joech Anne Koopmans him op foar in skriuwkursus by it FLMD (Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum). Oant dan ta hie er kwalik wat skreaun, mar hy blykte talint te hawwen en op oanrieden fan syn dosint Bouke Oldenhof stjoerde er in ferhaal yn foar de Rely Jorritsma-priisfraach. Yn 1992 krige er in RJ-priis foar it ferhaal ‘Sipke syn lêste reis’ en yn 1993 wûn er in RJ-priis foar syn fers ‘Dimpte haven’ en waard syn ferhaal ‘Apparaten’ datselde jier bekroand mei in priis yn de dialektewedstriid fan de Nederlandse dialektendag yn ’s Hertogenbosch.
Hy debutearre mei it ferhaal ‘Gesellich’ yn moanneblêd De Strikel yn 1992. Dêrnei gie it hurd mei de skriuwkarriêre fan Anne Koopmans. De Strikel pleatste, oant it blêd ophold te bestean begjin 1996, sawat alle moannen in ferhaal fan syn hân. Dêrnjonken ferskynden ferhalen fan him yn Hjir, Frysk & Frij en De Holder. Yn 1995 waard in seleksje fan syn ferhalen bondele, se kamen yn boekfoarm út ûnder de titel Fryslân boppe. De bondel wie in grut sukses, al nei sân wike wie er útferkocht, de tredde printinge wie yn 1996. Yn 2005 kaam de 4e printinge op ’e merk.
It titelferhaal ‘Fryslân boppe’ is tagelyk ek it langste, de lingte fan de ferhalen fariearret tusken de 5 en de 25 siden. De ûndertitel, ‘Humoristyske ferhalen’ giet net op foar elk ferhaal, guon binne absurdistysk en oaren hawwe in tryste ûndertoan. De bondel fan Anne Koopmans waard troch de ferskillende resinsinten ûngelyk ûntfongen, it gie fan tige posityf oant tige negatyf. Posityf wiene de besprekkers oer de fantasij, de styl en it taalgebrûk fan Koopmans. Jelle Krol ferwurde dat sa: ‘Oarspronklikens, dy’t bliken docht út de fantasy en de humor yn dizze ferhalebondel, is Koopmans syn grutte krêft. Dy orizjinaliteit fynt men ek werom yn de prachtige ferlikings dy’t hjir en dêr troch de ferhalen hinne struid binne. Sadree’t dy oarspronklikens mist, hawwe syn ferhalen lykwols net folle mear om by te setten. Fernimstige yntriges, psychologyske of oare spanning siket men by him omdôch. Ofsjoen fan de neamde, wat swakkere ferhalen kin gearfetsjend sein wurde, dat Koopmans mei in net ûnfertsjinstlike debútbondel kommen is, dy’t boppedat troch omslachûntwerper Chaim Mesika yn in moai keapsjoch jaske stutsen is’ (Leeuwarder Courant, 3-3-1995).
Negative útsûndering yn de besprekken wie de resinsje fan Trinus Riemersma yn Frysk & Frij (juny 1995). Riemersma liet yn syn besprek, dy’t er de titel ‘Flau as luzen’ mei jûn hie, net folle oer fan skriuwstyl en ynhâld fan Koopmans syn ferhalen.
Anne Koopmans hat nei it útkommen fan syn boek noch inkelde ferhalen publisearre yn ûnder oaren de beide ‘Strikelboeken’ dy’t ferskynden neidat it blêd net mear útkaam. Fan skriuwen kaam net folle mear, wol wie er noch aktyf as skilder en muzikant, hy hat jierren fioele en akkordeon spile yn de dixielandband ‘De Jasbeskermers’.

Wurk

Ferhalebondel
1995: Fryslân boppe (2e pr. 1995, 3e pr. 1996, 4e pr. 2005)

Prizen
1992: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Sipke syn lêste reis)
1993: Rely Jorritsma-priis (fers: Dimpte haven)
1993: Bekroand ferhaal: Apparaten, yn de dialektewedstriid fan de Nederlandse Dialectendag yn ’s Hertogenbosch

Tresoar © 29-5-2008