Berne: 11-07-1969, Dokkum

Libben en wurk

Manuela Köster die mavo en havo en is tige ynteressearre yn skiednis. Se folge in skoftke de leareoplieding skiednis mar moast dat ôfbrekke om har sûnens. Se is tige ynteressearre yn alles wat mei it âlde Egypte te krijen hat.

Manuela Köster waard berne mei in komplissearre hertôfwiking. Dat jout har libben syn beheiningen. Skriuwen stelt har yn steat dat te kompensearjen en, yn alle gefallen op papier, it ûnmooglike mooglik te meitsjen. Se skriuwt al salang't se in pinne beethâlde kin; ferhalen, gedichten en folsleine romans.
Sy folge in skriuwkursus by Akky van der Veer en dêrnei publisearre se yn ferskate ferhalebondels. It begûn mei 20 Simmerferhalen (2000), mei it ferhaal ‘De sinnemoarden’, dêrnei folge 21 Nije Fryske winterferhalen (2001), mei it ferhaal ‘De mediamoarden’ en De riedsels fan it hert út 2003 mei it ferhaal ‘Gifslang yn it paradys’. Yn 2009 ferskynde by Elikser har earste roman, Tantalus, leafde en yntriizje yn Egypte.

Wurk

Proaza

2000: 20 simmerferhalen (meiwurke mei as bydrage: De sinnemoarden)
2001: 21 nije Fryske winterferhalen (bydrage: De mediamoarden)
2003: De riedsels fan it hert (bydrage: Gifslang yn it paradys)

2009: Tantalus, leafde en yntriizje yn Egypte
2013: Learjild. Tantalus II
2015: Ferjilding. Tantalus III

Tresoar, 13-01-2016