Berne: 13-01-1970, Drachten

Libben en wurk

Jaap Krol waard berne yn Drachten en groeide op yn Beetstersweach. Nei de hafû yn Drachten begûn er mei de pabû.

Doe’t er der efter kaam dat dy oplieding neat foar him wie, skeakele er oer nei de stúdzje godstsjinstwittenskippen oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Hy neamt himsels net religieus om’t er net it gefoel hat by in tsjerklike groep te hearren.

Skriuwerskip
Jaap Krol mocht op skoalle graach opstellen skriuwe, mar fierder spile it skriuwen net in wichtige rol yn syn libben. Yn Grins beweegde er him yn it Bernlef-fermidden, dêr't er mei syn 'Brieven oan Hans van Breukelen' yn it ferieningsblêd De Harpe yn de wurden fan Nyk de Vries 'in soarte fan kult-status' krige. Hy kaam yn ’e kunde mei oare Fryske skriuwers dy't har yn Grins warden, Albertina Soepboer, Meindert Talma en Nyk de Vries. Soepboer siet yn de redaksje fan Trotwaer en Talma en De Vries hiene krekt har blêd De Blauwe Fedde oprjochte. Sadwaande dat Jaap Krol syn ferhalen yn dy beide blêden begûn te publisearjen. Dêrnjonken stie der geregeld wurk fan syn hân yn Hjir. Op ynternettydskrift Farsk publisearre er deiboeken, kollumns en ferhalen.

Debút
Yn juny 2002 debutearre Jaap Krol mei de ferhalebondel Wettersek. Yn it boek  steane fiif ferhalen. It earste, it titelferhaal ‘Wettersek’, hat de langte fan in novelle. Yn tsjinstelling ta Meindert Talma en Nyk de Vries putte Jaap Krol syn stof net út syn jeugdoantinkens mar út aktuele wjerfarrens.
Maatskiplik besjoen wiene der wol oerienkomsten tusken de trije skriuwers om De Blauwe Fedde hinne; se stelden literatuer boppe in maatskiplike karriêre. Krol en De Vries ferstjinnen beide har brea mei in dieltiidbaan as ‘fakkefuller’ by Ikea yn Grins en Talma wurke as portier.
It begjin fan it ferhaal ‘Wettersek’ stie earst yn De Blauwe Fedde. Krol wurke it fierder út ta in novelle fan goed 90 siden. It ferhaal spilet him ôf yn Amearika. It giet oer in Fries dy’t tegearre mei syn frou al stellend en rôvjend troch it Wylde Westen swalket. Hy is nei Amearika flechte om’t der yn Fryslân wat ferskrikliks bard is. Wat dat is wurdt krekt op de lêste siden fan it ferhaal dúdlik. Krol fertelt it ferhaal weromgeand yn de tiid; mei elk nij haadstik giet de haadpersoan in stapke fierder tebek.
De folgjende trije ferhalen fan de bondel: ‘Portret’, ‘Meie jimme wol in Mars?’ en ‘Ljocht’ binne folle koarter. It lêste ‘De Dochter fan Pohjola’, is mei sechtjin siden it langste. Wettersek waard yn de kritiken ferskillend, mar oer it generaal wol posityf, beoardiele.
Krol liet him mei ynspirearje troch films, neffens him hoecht in boek likemin realistysk te wêzen as in film dat is. Hy fynt it wichtich dat in ferhaal aksje en spanning hat. It skriuwen fan in ferhaal sjocht er as in puzel; it ferbinen fan ferskillende passaazjes en it goed teplak krijen fan beslissende sinnen.

Fierder
Oer it fierdere ferrin fan syn skriuwerskarriêre sei Jaap Krol yn in ynterview mei Marijke de Boer yn it Friesch Dagblad fan 13 july 2002: ‘Oer in pear jier moat ik sizze kinne dat ik my as skriuwer nei Wettersek noch hieltyd oan it ûntwikkeljen bin en dat it boek heart by de tiid dêr’t ik it yn skreaun ha. As it goed is moat ik fierder groeid wêze. Dy erfaring moatst hawwe fyn ik, oars kinst fuort wol ophâlde. Moatst dy doare te skamjen.’
Neffens de bespekkers fan syn twadde proazawurk Nûmers. 35 hûskeamerferhalen út 2004 makket Krol de ferwachtings dy’t er oprôp by syn debútbondel wier. Yn Nûmers beskriuwt er wat him ôfspilet efter de foardoarren yn samar in strjitte. ‘Ik fyn Nûmers in oarspronklik en knap boek. Der giet faak in protte suggestje fan Krol syn ferhalen út, dy’t er meast opropt troch in protte wei te litten en in sobere, droege styl te hantearjen. Boppedat fyn ik dat er dy ferhalen hjir mei de tematyk fan it thús-wêzen op in intelliginte manier ferbynt.’ (Jabik Veenbaas, Leeuwarder Courant, 23-07-2004).

Roman
Yn 2006 ferskynde Krol syn romandebút M/F. It boek beskriuwt in wike út it libben fan Henk Faber en syn frou Mofro. Ut it perspektyf fan de alwittende ferteller wei wurdt it echtpear observearre. Jetske Bilker yn har besprek fan it boek: ‘Dy observaasjes lykje fan in oare planeet. Krol makket gjin gebrûk fan bekende formulearrings. It liket as sjocht en skriuwt er alles op in nije manier. Oant men meisjocht en ûntdekt dat it beskreaune jin hiel bekend foarkomt. In slagge boek fan in skriuwer, dy’t it yn ’e fingers hat.’ (Leeuwarder Courant, 10-11-2006). Foar dizze roman krige Krol yn 2008 de Fedde Schurerpriis fan de Provinsje, foar in 'debút yn in nij sjenre'.

Kritikus
Fan 2006 ôf begûn Krol syn koarte ferhalen te publisearjen yn it Frysk Deiblêd, en gau dêrnei begûn er ek as literêr kritikus. In oantal dêrfan binne op Sirkwy werom te finen fia it sykfinster boppeoan op de thússide mei de sykterm 'jaap krol'. Yn de resultatelist giet it om de artikels út de kategory 'Boeken'.  

List fan belangrykste wurk

Ferhalebondels
2002: Wettersek
2004: Nûmers : 35 hûskeamerferhalen
2013: It fûgelgebed

Romans
2006: M / F

Prizen
2008: Fedde Schurerpriis foar de roman M / F

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Eigen webside

Tresoar © 13-3-2009