Berne: 23-02-1969, Snits

Libben en wurk

Elmar Kuiper is berne yn Snits, dêr hat er in part fan syn jeugd trochbrocht. Letter ferhuze de famylje Kuiper nei it Marsumer âldlân.

Elmar is in soan fan skriuwster Akky van der Veer en fotograaf Henk Kuiper (ferstoarn jannewaris 2005). Yn 1998 studearre er ôf oan de Grinzer keunstakademy Minerva, neidat er earst in tal jierren wurke hie as psychiatrysk ferpleechkundige. Fan byldzjend keunstner waard er allinkendewei wurdkeunstner, yn syn keunstwurken kaam hyltyd mear tekst, dat gie safier dat de teksten keunstwurken op harsels waarden. Kuiper hat him ûntwikkele ta in alsidich keunstner, hy is aktyf as dichter, skilder, fideo-filmer en perfoarmer. Fierders wurket er noch as opropkrêft yn de psychiatry.

Dichter
Syn earste fersen publisearre er yn 2001 yn literêr tydskrift Hjir en op it ynternettydskrift Kistwurk. Yn boekfoarm debutearre Kuiper yn 2004 mei de bondel Hertbyt. De fersen yn Hertbyt wike ôf fan wat de trochsnee lêzer fan in gedicht ferwachtet. It binne gjin fersen mei in dúdlik boadskip, opbou en foarm. Se binne assosjatyf en Kuiper eksperimintearret mei klank, ritme en wurdfoarming. Troch de kritisy waard de bondel ferskillend wurdearre: Abe de Vries neamde yn syn resinsje Uttochte tinkaaien fan in nuvere fûgel (Farsk, 2004) de bondel tige slagge, hy rôp by him bewûndering op, mar ek yrritaasje: ‘it is fisuele poëzij, dêr’t lykwols goed oer neitocht is’ (…) ‘Hertbyt hat in protte skaaimerken fan in postmoderne bondel. De tradisjonele betsjutting fan it fers is ûndergeskikt makke oan it boartsjen mei bylden’.
Babs Gezelle Meerburg skreau yn har besprek fan de bondel (Leeuwarder Courant, 02-07-2004):  ‘… ynhâldsleas, foarmleas en emoasjeleas. It mist hert, it mist beat. Ut poëtikaal eachweid is dat nijsgjirrich, om’t der in oare as de tradisjonele modernistyske literatuerfizy út sprekt. Nijsgjirrich is lykwols wat oars as moai’.
Dêrfoar oer neamde Eeltsje Hettinga Hertbyt in sterk debút. In sitaat út syn besprek fan in fers út dy bondel (Trotwaer, juny 2005): ‘ ‘De Mankelike Man’ is yn de foarm ien fan de meast eigensinnige, orizjinele en sterkste teksten dy’t de lêste jierren yn Fryslân ferskynd is’.
De bondel is yn 2005 nominearre foar de Fedde Schurer-priis, de troch de provinsje Fryslân ynstelde priis foar debutanten. De twadde bondel dy’t fan Elmar Kuiper ferskynde wie de twatalige blomlêzing Roep de Rottweiler op! / Rop de Rottweiler! op (2006). Yn de bondel steane in tal troch Jabik Veenbaas útsochte, en troch him yn it Hollânsk oersette, fersen fan Kuiper. De Nederlânske parse wie tige posityf: ‘Inderdaad zit er een soort ongegeneerde dynamiek in deze gedichten, die zich noch van de traditie noch van hedendaagse praktijken veel lijken aan te trekken. (…) Met iets van Marsman en van Lucebert in z’n bloedbanen gaat hij de wereld te lijf’, skreau Rob Schouten yn Awater.
Syn twadde Frysktalige bondel, Ut namme fan mysels, ferskynde desimber 2006. De fersen yn dy bondel binne persoanliker en minder abstrakt as dy yn Hertbyt. Kuiper dichtet oer universele begripen as leafde, dea, fertriet en rouferwurking.
Jannewaris 2007 publisearre it ynternasjonale literêre tydskrift Poetry Wales, trije, troch Susan Massotty yn it Ingelsk oersette, fersen fan Elmar Kuiper.
Yn juny 2006 hat Kuiper as Frysk dichter syn wurk foar it fuotljocht brocht op Poetry International te Rotterdam.

Elmar Kuiper rjochte yn ’e mande mei byldzjend keunstner Wouter Jansen yn 1999 it keunstnersselskip De Swiete Hoannen op, inkelde moannen letter sleat komponist en filmmakker Marc R. Kooij him by har oan. Oant de opheffing yn 2004 brocht it kollektyf yn wikseljende gearstalling optredens foar it fuotljocht dy’t opfoelen troch absurdistyske teksten, ynteraktive ymprovisaasjes en rituelen, fakentiids ynspirearre troch aktuele foarfallen. De skreaune teksten wiene fan de hân fan Kuiper en Kooij.
It keunstnerskollektyf foarme ek de oanset ta de oprjochting fan Wyld Hynder Films, mei Marc Kooij en Elmar Kuiper as meast aktive leden. Se makken koarte films oer minsken dy’t har net thús fiele en net passe yn de hjoeddeistige maatskippij. De filmers ferwurkje autobiografysk materiaal yn har films, omdat sy ek in soarte fan spanning fiele tusken har en de minsken en it libben om har hinne. Yn 2002 produsearren se de spylfilm Steunpunt Levende Doden, dy’t opnaam is yn Ljouwert, Grins en Berlyn; yn de film wurdt de wrâld besjoen troch de eagen fan in kwetsber sjeny. Har folgjende projekt wie de film Dream yn blauwe reinjas. Yn dy film drage 23 Fryske dichters in fers fan harsels foar, dat stiet yn de troch Tsead Bruinja en Hein Jaap Hilarides gearstalde bondel Dream yn blauwe reinjas. De bondel biedt in oersjoch fan wat jonge Frysktalige dichters tusken 1990 en 2000 skreaun hawwe.
Yn 2006 makken se de poëtyske film: Mei pionierslearzens tekenje ik Ljouwert op ’e nij, oer stedsdichter Arjan Hut. De film ferskynde jannewaris 2007 by de bondel , 0506, fan Hut.


Wurk


Dichtwurk
2004: Hertbyt
2006: Roep de rottweiler op! / Rop de rottweiler op! (twatalich)
2007:
2010: Hechtzwaluwen (Nederlânsktalich)
2011: Granytglimkes [2de pr. 2015]
2015: Hiemsiik
2016: Ruimtedier

Toaniel
2010: De fûgels fan fantasia (toanielstik yn trije bedriuwen)
2012: De lytse kannibaal (Tragikomeedzje yn trije bedriuwen)

Prizen
2003: Rely Jorritsmapriis – (fers: 'In mankelike man seit himsels in frije fûgel ta')
2005: Rely Jorritsmapriis – (fers: 'Ut namme fan mysels')
2006: Rely Jorritsmapriis – (fers: 'Goedmeitsje')
2008: Rely Jorritsmapriis – (ferhaal: 'Dach')

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, 'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen.
Hedwig Terpstra, fraachpetear op Ensafh., 13-05-2011
Skriuwersynformaasje by útjouwerij Atlas/Contact
Pim Zwier, 'Oerdak. Gedicht in wording' dokumintêre 2009

Elmar Kuiper lêst 'Ierdehûd' (© Omrop Fryslân)

Tresoar © 09-10-2008