Berne: 4-3-1914, De Lemmer
Ferstoarn: 30-9-1997, Drachten

Libben en wurk

Thys Kuiper is berne en opgroeid op ’e Lemmer. Nei syn legere skoaltiid waard er timmerfeint, jûns folge er lessen oan de faktekenskoalle fan ‘Patrimonium’ yn syn wenplak.

Yn 1940 troude er mei Rinske Pietersma, dy’t ek fan de Lemmer kaam. It echtpear krige njoggen bern. Nei de oarloch begûn Kuiper mei de selsstúdzje teology, in stúdzje dy’t er yn 1953 ôfsleat. Syn earste berop krige er te Tersoal/Sybrandabuorren, dêrnei tsjinne er noch de gemeenten fan Moarmwâld (no Damwâld), Borger en Nijegea/De Pein/De Tike. Thys Kuiper en syn frou ferstoarnen fuort efter elkoar, op 30 septimber en 1 novimber 1997.

As bern en jongfeint mocht Thys Kuiper al graach skriuwe, mei it skriuwen fan ferhalen begûn er tidens de oarloch. Hy skreau earst yn it Hollânsk, op oanstean fan syn eardere skoalmaster Fedde Schurer gyng er der ta oer om it yn it Frysk te besykjen. Dat soe tenei syn skriuwtaal bliuwe. Syn ferhalen ferskynden yn it Friesch Dagblad en yn De Stim fan Fryslân. De earste publikaasje yn boekfoarm fan Kuiper wie it berneboek Doe’t mem siik wie, it kaam út yn 1947. Hy wie doe al úteinset mei de stúdzje teology, de kombinaasje wurk en stúdzje soarge derfoar dat der gjin tiid oerbleau foar syn skriuw-aktiviteiten. Neidat er ôfstudearre wie pakte er de pinne wer op. By de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) wûn er in priis mei in manuskript foar in jongereinboek. It boek, de earste en iennigste Fryske pocket útjefte, ferskynde in jier letter ûnder de titel Op ’e drompel (1955). De útjefte fan dat boek wie de opmaat foar in lange rige romans dy’t Thys Kuiper skriuwe en publisearje soe. Meiïnoar hat er fjirtjin romans op syn namme stean, dy’t allegear ferskynden by de KFFB. Yn 1961 kaam dêr syn roman De wei, dy’t ik net gean wol út, de roman De tocht útriden wie de fjirtjinde en ferskynde yn 1992. Mei De tocht útriden, wûn er de earste priis yn de KFFB-romanpriisfraach (1992). It boek foarme in gehiel mei de roman By de wyn op (1992). Trije boeken fan Kuiper binne yn it Hollânsk oerset, se ferkynden mei de titels De weg die ik niet wil gaan, De gouden Poort en De Hermelijn. Foardat de trije oersettingen yn boekfoarm útkamen, stiene se as feuilleton yn de Elisabeth Bode (1991-1997).

Hy skreau twa histoaryske romans, De grutte sûnde (1968) en Taast yn it ferline (1990).
Njonken syn romans, in berne- en in jongereinboek hat Kuiper noch trije oare boeken op syn namme; twa boeken mei meditaasjes As de hilligen yngean (1980), en Om de hilligen ta te rissen (1986) en it deiboek Underweis (1983). It skriuwen fan dy boeken seach er as in opdracht, hy woe de minsken wat meijaan en it joech him ek in soad foldwaning, mar it leafst skreau er in roman.
Thys Kuiper wie gjin literêr skriuwer, yn in fraachpetear mei Jan Jongsma sei er dêr sels oer: ‘Ik wit bêst dat ik gjin literêr skriuwer bin, ik bin mar in deagewoane folksskriuwer. Ik skriuw foar it Fryske folk en ik hoopje myn lêzers wat te fermeitsjen. Ik fyn it fijn dat se fan myn boeken ek noch wat opstekke’(Actief, 21-09-1990).
De lêzers ûntfongen de boeken fan Kuiper trochstrings goed, yn tsjinstelling ta de besprekkers fan syn wurk. Krityk wie der op styl en taalgebrûk, mar ek op de wize sa’t Kuiper syn tema’s útwurke. Fan syn debút De wei dy’t ik net gean wol, skreaun as moderne doktersroman, wiene besprekkers Anne Wadman (Het Vrije Volk, 03-06-1961) en Jacob Noordmans (Leeuwarder Courant, 01-06-1961) net posityf. Njonken de al neamde tekoarten wiene se ek fan betinken dat de roman fan út in wrâldfrjemde kristlike identiteit wei skreaun wie, dy’t gjin rjocht die oan de werklike problemen dêr’t jonge minsken yn de jierren sechtich mei te krijen hiene.
Guon fan syn lettere romans, ûnder oaren Fjirtsjin dagen (1971) en Lette bikentenis (1974) neamde Piter Terpstra yn in artikel yn De Strikel (nr.2 – 1993) kwalitatyf folle better. Hy wûn yn 1978 en 1981 in Rely Jorritsma-priis mei in koart ferhaal.
Foar it blêd Frysk & Frij hat Kuiper tusken 1978 en 1987 ferskate bydragen levere yn de foarm fan koarte stikjes proaza. Syn earste rubryk hjitte ‘Ut it deiboek fan in dûmny’, dêrnei skreau er ‘Oantinkens út earder tiid’, sûnt 1984 ferskynden se ûnder de titel ‘Opheind’.  Bydragen levere er ek oan De Stim fan Fryslân, de Friese kerkbode, De Stiennen Man en De Fleanende Krie.
Njonken skriuwer wie Thys Kuiper ek in fertsjinstlik amateur skilder.

Wurk

Proaza
1956: Op ’e drompel (jongereinboek)
1961: De wei, dy’t ik net gean wol
1964: De gouden poarte
1968: De greate sûnde (histoaryske roman)
1971: Fjirtsjin dagen
1974: Lette bikentenis
1977: Op reis nei Jeruzalim
1981: Ik mocht net leafhawwe
1982: De ferhoalen wierheid
1983: In lyk by peal alve
1986: De leafde kin net swije
1988: De harmeling
1990: Taast yn it ferline (histoaryske roman)
1992: By de wyn op
1992: De tocht útriden

Ferskaat
1980: As de hilligen yngean (meditaasjes)
1983: Underweis ( bibelsk deiboek)
1986: Om de hilligen ta te rissen (meditaasjes)

Prizen
1978: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Bitizing)
1981: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: De baanfager)

Tresoar © 5-2-2008