Berne: 11-02-1989, Drachten

Libben en wurk

Sigrid Kingma is bekend wurden om har foardrachten, gedichten en oare aktiviteiten yn it literêre fjild. Se wie krekt begûn mei har stúdzje Nederlânsk doe’t by har leukemy fêststeld waard. Nei in yntinsive behanneling waard se nei in healjier foar genêzen ferklearre. Nei dy perioade pakte se har stúdzje Neerlandistyk wer op. Dêrby die se ek in stúdzje Frysk en waard se foarsitter fan de Fryske stúdzjeferiening Skanomodu. Se begûn gedichten en poëzyresinsjes foar literêr tydskrift Ensafh te skriuwen.

Nei in Sirkwy seminar oer berneliteratuer waard se troch it Friesch Dagblad frege foar de berneboekeresinsjes. Yn 2016 siet se yn de sjuery fan de Simke Kloostermanpriis.
Yn 2015 waard se by de Fryske Akademy ferbûn oan it projekt FAME! foar it ûntwikkeljen fan in twatalige automatyske spraakwerkenner. Sûnt maaie 2016 wurket se by de FA mei oan de digitalisearring fan kadastraal erfgoed yn Fryslân.

Fan har fjirtjinde ôf skreau Sigrid Kingma gedichten en al folle earder koarte ferskes, dy’t se dielde mei it publyk troch se as foardracht te presintearjen. Dat die se as fanselssprekkend yn it Frysk. Se sei hjiroer: ‘Ik skamme my om Nederlânsk te praten as ús heit en mem derby wiene. Dêrom tink ik ek dat de taal my útsocht hat.’ [1]
Op oantrún fan Anne Popkema sette Sigrid Kingma de stap en publisearre se yn 2016 har bondel Reade triedleas. Yn dat jier sette se ek útein mei in bloch.

Tematyk en resepsje
Sigrid Kingma har earste bondel draait om ferbiningen, of better sein: it ûntbrekken dêrfan. Minsken libje hieltyd faker byelkoar lâns, wat beskreaun wurdt yn werkenbere situaasjes as de leafde of it ferkear. Ek binne der gedichten dy’t in dúdlike relaasje sjen litte mei har tiid fan siik-wêzen. Reade triedleas is in twatalige bondel (Frysk-Ingelsk). Trevor Scarse fersoarge de oersettingen, al binne it gauris mear bewurkingen. Joke Corporaal [2] wie benammen op it lêstneamde punt kritysk. Se fûn dat de oersettingen faak gjin rjocht dogge oan it orizjineel. Fierder seach se in knappe debútbondel mei neist in oantal goed slagge gedichten ek wurk dat noch net genôch beslipe is om werklik te oertsjûgjen.

Boarnen foar dit stik
[1] Leeuwarder Courant, 27-05-2016
[2] It Nijs, 26-09-2016


Bibliografy

Poëzy
2016: Reade triedleas / Red wireless

Mear oer libben en wurk

Eigen webside

 (c) Tresoar, 30-11-2016