Berne: 17-06-1948, Brantgum

Libben en wurk

Jelly Keekstra waard berne yn Brantgum, se groeide op yn Holwert en is troud mei skriuwer Rommert Tjeerdsma. Se wie jierrenlang lid fan toanielklup ‘Pro Rege’, se spile ek gauris mei yn revu’s of die oan kabaret.

Nei in tiid fan siikwêzen skeakele se oer op it dichtsjen. Healwei de njoggentiger jierren fan de foarige iuw stjoerde se in fers op nei de Nieuwe Dockumer Courant. Nei in oantal positive reaksjes folgen der mear, fersen dy’t se ek yn oare blêden lykas De fleanende krie publisearret.

Tematyk en resepsje
Jelly Keekstra siket har ûnderwerpen yn eigen emoasjes, mar ek in soad yn de natuer. Har styl hâldt se bewust ienfâldich: ‘In gedicht moar begryplik wêze. It giet oer it gewoane libben, ik brûk dus gewoane wurden.’
Yn 1994 ferskynde (yn eigen behear) har earste bondel (Op ’e amme fan de wyn), dêrnei folgen der nochris trije, dy’t in breed publyk oansprutsen. It beskriuwen fan eigen problemen lykas in skieding en ek sykte giet se benammen yn de earste trije bondels net út ’e wei. De fersen yn har lêstferskynde bondel hawwe in fleuriger ûndertoan: ‘Dat hat alles te krijen mei hoe’t jins eigen libben rint.’

In priuwke út har twadde bondel:

myn dichtsjen
is in hinne en wer
skowen fan wurden
oant myn fielen
foar my leit

alhiel teplak

Boarnen foar dit stik
Knipselmap Tresoar

Bibliografy

Poëzy
1994: Op ’e amme fan de wyn
1997: Fleagen fan fielen
2000: By it lemieren
2004: Ien fan ritme

Mear oer libben en wurk
Boeken, brieven, hânskriften etc yn katalogus Tresoar

Tresoar, 30-03-2016