Berne: 04-06-1933, Ljouwert

Libben en wurk

Joke Keizer is berne yn Ljouwert. Dêr is se grutwurden en gong se nei skoalle. Yn earsten wurke se as resepsjoniste yn in hotel, mar al gau gie se op reis.

Doe’t se neitiid weromkaam yn Ljouwert waard se frege om oer har reizen te fertellen. Sa waard har berop fan dat stuit ôf fertelster. Omdat se ek keamers ferhierde yn in mânsk hearehûs koe se dêrmei yn har libbensûnderhâld foarsjen. Tagelyk bleau der tiid oer om fiere reizen te meitsjen en dêr net allinne oer te fertellen, mar ek oer te publisearjen. Se is in ‘frije fûgel’, it leafst ûnderweis, sawol op reis as om oer har aventoeren te fertellen.

Reizgjen
Op de Súd-Amerikaanske lannen nei binne der net folle lannen dy’t Joke Keizer net bereizge hat. Wat begûn as it fertellen fan in fakânsjeferhaal foar de klup fan har mem, groeide samar út ta har fak: ferhalen fertelle. It iene helle it oare út: troch it fertellen krige se wer oanstriid om nije ynspiraasje op te dwaan. Mei it fertellen fan har eigen reisferhalen en anekdoates kin se harsels wêze. Oer it boekeskriuwen seit se: ‘Ik skriuw ek boeken, mar dat is sa iensum. Ik hâld fan it geroezemoes fan minsken foardat ik begjin. Fan dy gesichten dy’t sizze: no komt der wat’. (LC 10-11-2005)Joke Keizer is in begryp yn Fryslân, benammen troch har lêzingen, mar ek troch har boeken. De minske stiet altyd sintraal yn har wurk.

Publikaasjes
Fan de skriuwster binne fiif boeken útkommen. As earste yn 1971 Keizerin op het koningspad: Joke Keizer vertelt van haar reizen. Yn it Frysk debutearre Joke Keizer mei De wrâld oer, in reisferhaleboek dat yn 1993 útkaam. Foar in persoan dy’t swalke hat yn Laplân, de Sinaï-woastyn trochkrúst is, by de Berbers yn de Sahara tahâlden hat en dwerstroch Súd-Afrika tein is wie dat sjenre in logyske stap.
Doe’t Joke Keizer 25 jier wie kocht se op oanstean fan har mem in hearehûs. Fan dat momint ôf bewenne sy sels de ûnderste ferdjipping en ferhierde se  keamers. Dêr koe se moai hâldfêst oan ha, as se ris net op reis wie. Har hierders soargen ek wer foar nije stof om oer te fertellen en te skriuwen. Yn 1993 ferskynde Frjemd folk oer de flier, in rige kostgongerferhalen. Yn 1996 ferskynde in bondel ferfolchferhalen yn itselde sjenre, It kin net mâlder. Troch besprekker Henk van der Veer omskreau de ferhalen as ‘ferdivedaasjeliteratuer fan it boppeste buordsje’. (Sneeker Nieuwsblad, 16-03-2000).
As lêste ferskynde yn 2000 In roerich libben, har autobiografy. Yn boppeneamd besprek oantsjut as ferhalen sûnder literêre pretinsje: ‘…har iennige doel is ‘it folk’ te fermeitsjen mei smoute ferhalen’. It is net in djipgeande autobiografy, mar in boek mei ferdivedearjende anekdoates oer Keizer har libben.

Bibliografy
1971: Keizerin op het koningspad: Joke Keizer vertelt van haar reizen
1991: De wrâld oer (reisferhalen)
1993: Frjemd folk oer de flier (ferhalen, 3e pr. 2006)
1996: It kin net mâlder (ferhalen)
2000: In roerich libben (autobiografy)