Berne: 04-12-1899, Poppenwier
Ferstoarn: 03-06-1970, Raerd

Libben en wurk

Douwe Hermans Kiestra waard berne op 4 desimber 1899 op in pleats mei de namme Harstabuorren. De pleats stie yn Poppenwier, ûnder Raerd. Op dat plak hat er wenne oant syn âlden ferfearen nei in oare pleats yn it oanbuorjende Tersoal. Douwe wie doe tolve jier.

Nei de legere skoalle folge er in agraryske oplieding oan de Rykslânbouskoalle. Letter, nei syn trouwen, waard er sels boer. It echtpear Kiestra hat op ferskillende pleatsen wenne, allegearre yn de Legeaën yn de omkriten fan Tersoal. Douwe Kiestra hie in idealistyske ynslach, al jong sleat er him oan by de Jongfryske beweging, dy’t ek aktyf wie ûnder de namme Mienskip foar Fryske Folksûntjouwing. Hy kaam yn ’e kunde mei Douwe Kalma, de inisjator fan de Jongfryske Mienskip. De kontakten dy’t Kiestra hie yn bewegingsrûnten hawwe mei beskiedend west foar syn lettere ûntjouwing as dichter. It wie syn stribjen om de Friezen  bewust te meitsjen fan har bysûndere posysje mei har eigen taal en skiednis. Om dy reden skreau er stikken en hold er lêzings oer de posysje fan de Friezen en it Frysk. As jonge boer yn de krisistiid fan de jierren tritich hie er sels te krijen mei de grutte problemen fan dy tiid.
Yn de ideeën oer in korporative steat en de nije oarder dy’t yn dy jierren yn benammen Dútslân iderkear lûder oppenearre waarden, seach Kiestra perspektyf foar de benearjende posysje fan de Nederlânske boeren en túnkers. Boppedat hie er it idee dat der foar de Friezen en har taal mear omtinken en romte wêze soe. Yn oparbeidzjen mei en ûnder ynfloed fan syn kompaan Jan Melles van der Goot, kaam Douwe Kiestra hieltyd mear ûnder de ynfloed fan it nasjonaal-sosjalistyske gedachtegoed te stean. Yn 1938 rjochten se de Fryske Folkspartij op, in partij dy’t in faksistyske koerts oanhâlde. De partij bleau lyts en guon fan de leden sleaten har yn de oarloch oan by de Fryske Rie as ûnderdiel fan Saxo-Frisia, in organisaasje dy’t yn de besettingstiid organisatoarysk ûnder de Nederlandsche, letter de Germaansche SS, foel. Kiestra wie meilibjend lid fan de mennistetsjerke en op militêr geweld tsjin, om dy reden wegere er, yn in brief fan 1943 oan de foarmannen fan de Germaansche SS, om de eed fan trou oan Hitler ôf te lizzen.
Dat er polityk sjoen de ferkearde kar makke hie, hat Kiestra letter nei djippe selsstriid tajûn. Nei de oarloch hat Kiestra fan healwei 1946 oant septimber 1947 ynternearre west yn ferskillende kampen, û.o. te Sondel en Luttelgeest.
Dat er, nei’t er thúskaam al rillegau wer opnaam waard en aktyf wie yn de mienskip fan de Legeaën, de krite dêr’t er wenne, kaam foaral om’t er nea minsken ferret hat.
Kiestra is op 3 juny 1970 te Raerd ferstoarn.

Wurk
As opgroeiend jongfeint hold Douwe Kiestra him mear dwaande mei piano- en oargelspyljen as mei skriuwen, hy hat lange jierren it tsjerkeoargel bespile yn de Fermanje te Poppenwier.
Wol hie er him oansletten by in skoalleklubke, in freonerûntsje dat iepenstie foar de nije tiid en dat geregeld yn Tersoal byinoar kaam om te praten oer de Fryske saak en om elkoars literêr wurk te lêzen en fan kommentaar te foarsjen. Letter, neidat er troud wie, lei er him mear op skriuwen ta. Hy debutearre yn 1926 mei in fers yn De Holder, in doedestiids toanoanjaand literêr tydskrift. Syn earste bondele fersen ferskynden yn 1935 yn in útjefte mei de titel Efter it oargel. In bondel mei tematysk in grut ferskaat oan ûnderwerpen dy’t fariearren fan fersen mei natoermystyk oant húslik lok en it stribjen fan de lytse boer om te oerlibjen yn drege tiden. It soe alve jier duorje foardat der wer in bondel, ûnder de skûlnamme D. van Wieren , fan de dichter ferskynde, hoewol’t er doe in publikaasjeferbod hie. Sinne op ’e striesek, besoarge troch Douwe Tamminga en Jan Piebenga, kaam út yn 1946 en befette de gedichten dy’t Kiestra skreau yn de ynternearringskampen; se binne de wjerslach fan syn selsstriid en ynkear. Yn 1955 folge de bondel It jier yn ’t roun, de bondel befette trettjin fersen mei by allegearre in yllustraasje fan de keunstner Meinte Walta. De fersen yn de bondel folgje de tiden fan it jier, mar it is net allinnich natoerpoëzij, ek it boerewurk en it famyljelibben wurde besongen.     
Syn beriming fan it bibelboek ’Spreuken’, dy’t er fuort nei de oarloch yn syn ynternearringstiid al makke hie, ferskynde yn 1968 by de Kristlik Fryske Folksbibleteek. Under de titel De spreuken fan Salomo kamen se yn ien bân út, mar se waarden tagelyk ek yn trije ôfsûnderlike dieltsjes publisearre mei de titels: Better as robinen, In wurd fan frede en Rykdom noch earmoede.
Yn datselde jier, 1968, kaam ek noch de bondel Blêdswylsel fan it bolwurk út, útbrocht ûnder de skriuwersnamme Harmen Harsta. De bondel befettet in seleksje fan fersen dy’t er lange jierren ûnder dyselde skriuwersnamme publisearre hie yn it Bolwerk, it blêd fan it Frysk Lânbou-ynstitút.
Fan Douwe Hermans Kiestra binne mear as trijhûndert gedichten yn allerhande publikaasjes ferskynd. In grut part dêrfan binne byelkoar brocht yn de Samle fersen, dy’t ferskynde yn 1982, besoarge fan D.A. Tamminga en T. Hoekema. De ynlieding yn de bondel is fan de hân fan Douwe Tamminga. Yn 2005 ferskynde in troch Abe de Vries gearstalde blomlêzing fan it wurk fan Kiestra, ûnder de titel Skielk beart de hjerst. De wiidweidige ynlieding yn it boek is ek fan De Vries.
Kiestra is yn Fryslân bekend wurden as ‘dichter-boer’. Neffens Abe de Vries, omfiemet it wurk fan Kiestra folle mear tema’s: ‘By de kar fan de fersen stie foarop dat de blomlêzing alle romte jaan soe oan twa tema’s by Kiestra: de spiritualiteit dy’t er yn it gerslân fan de Legeaën fynt – syn kristlike natoermystyk – en it wrakseljen mei syn rol yn de Twadde Wrâldoarloch. Mar ek binne fersen opnommen dy’t Kiestra sjen litte as folksdichter en as kronikeur fan eigen buorkjen.’ Foar it earst wurdt wiisd op de ynfloed fan de Flaamske dichter Guido Gezelle.  
Wurdt Kiestra wurdearre as dichter, ek syn proaza wurdt fan belang achte. Yn 1939 kaam fan him de lytse roman De froulju fan de fetweider út. De roman wie yn mear as ien opsicht wat nijs yn de Fryske literatuer. It wie in boereroman, mar net skreaun fanút it boereperspektyf fan dy tiid. De dochters, de froulju, fan Feike fetweider, holden har net dwaande mei it tarieden fan in takomst as boerinne, mar hiene hiel oare takomstidealen. Se woene bewarskoallejuf wurde, of masineskriuwen leare en ien hie sels artistike ambysjes. Ek it taalgebrûk yn it boek wie modern mei in soad wurden fan frjemd komôf. Dêrnjonken wie it frijmoedich skriuwen oer seksualiteit foarútstribjend te neamen.
De lêste jierren fan syn libben hat Kiestra wurke oan de roman Ien wike útbuorren. It boek ferskynde yn 1970, en kaam út yn twa dielen, ûnder de titels De buorskip en De toartels. It beskriuwt ien wike út it libben en bestean fan de bewenners fan in lytse boeremienskip yn it jier 1911. Yn 1970 ferskynde fan Kiestra ek noch in sammelbondel mei ferhalen mei de titel: De bêste simmer: forhalen.
Fierders hat Douwe Hermans Kiestra toaniel- en sjongstikken skreaun, en binne der in soad gelegenheidsgedichten fan syn hân ferskynd.

List mei belangrykste wurk

Poëzij
1935: Efter it oargel : fersen
1946: Sinne op ’e striesek (ûnder skûlnamme D. van Wieren)
1955: It jier yn ’t roun
1968: De spreuken fan Salomo
1968: Blêdswylsel fan it Bolwurk ( ûnder skûlnamme Harmen Harsta)
1982: Samle fersen (besoarge troch: D.A. Tamminga en T. Hoekema)
2005: Skielk beart de hjerst (blomlêzing fan syn fersen, gearstald en besoarge troch Abe de Vries)

Romans
1939: De froulju fan de fetweider (werprintingen: 1970 / 1993)
1970: Ien wike útbuorren (2 dielen)
1970: De buorskip (diel1: Ien wike útbuorren)
1970: De bêste simmer - forhalen
1971: De toartels (diel 2: Ien wike útbuorren)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite Tresoar © 08-12-2006