Berne: 16-09-1970, Wommels

Libben en wurk

Bart Kingma is yn Wommels berne. It grutste part fan syn jeugd brocht er troch yn Kollum. Nei syn stúdzje Journalistyk yn Zwolle wurke er by ferskate media yn Noard-Nederlân, as sjoernalist, senarioskriuwer en regisseur.

Skriuwerij
Sûnt 2000 makket Bart Kingma skoalletelevyzje en oare programma’s by Omrop Fryslân. De televyzjesearje ‘11&30, de Kanon fan de Fryske skiednis’ is troch him opsetten, skreaun en regissearre, lykas programma’s foar basisskoallen en fuortset ûnderwiis.
Dêrneist docht er skriuwwurk, ûnder oare lietteksten. Hy wie de inisjatyfnimmer fan de cd 'Cohen in het Fries', mei foar in part oersettings fan syn hân, mar ek fan oaren, en útfierd troch tolve bekende Fryske lietesjongers. De cd ferskynde yn 2008 en waard rûnom yn it lân tige goed ûntfongen. Yn novimber 2012 sette er útein mei de nederlânsktalige site  'De Bûten Post', in site mei humoristysk kommintaar op de Fryske aktualiteit; earst yn maaie 2013 kaam der regelmjittich in nije bydrage.


Bibliografy

Roman
2010: Griene simmer

Nominaasjes
2012: Rink van der Veldepriis 2012, Griene simmer

Websiden
www.grienesimmer.nl
www.groenezomer.nl
De Bûten Post