Berne: 19-06-1955, Drachten

Libben en wurk

Bertus Klazinga is berne en opgroeid yn Drachten, hjoed de dei wennet er yn de omkriten fan Feanwâlden. Hy wurket as mjit- en regeltechnikus op de Burgumermarsintrale. Yn Fryslân is Klazinga lykwols bekend as skriuwer, sjonger en muzikant, as tekener en as fotograaf.

Op al dy terreinen is er autodidakt. Syn earste ferhalen ferskynden yn wykblêd Frysk&Frij (1984), letter publisearre er ek yn De Strikel (fan 1988 ôf) en de Skriuwerskalinder.
           
Toanielskriuwer
Foar it Burgumer iepenlofttoaniel hat Bertus Klazinga ferskeidene stikken skreaun, yn 1982 kaam er yn de Iepenloftkommisje. It stik ‘Marije’, nei de roman Marijke fan Abe Brouwer, hat er foar de kommisje op en nij foar iepen loft bewurke. It is yn 1986 opfierd. Twa jier earder spilen se yn Burgum ‘It Gouden Uleboerd’, nei it bekende boek fan G. Spaanderman-Wielenga, neffens in toanielbewurking fan Klazinga. Yn inkelde stikken, û.o. ‘Marije’spile Klazinga sels ek mei.
Tegearre mei skriuwster Froukje Annema skreau Bertus Klazinga in hiel nij stik foar it Burgumer iepenloftspul. It stik, in klucht mei de titel ‘In Poepetoer’, is spile yn 1985. De komeedzje ‘Heal jild’, opfierd yn 1987, skreau er allinne, krektsa as it histoarysk stik ‘Keningsrjocht’(1989). Klazinga skreau net allinnich foar ‘Burgum’, ek oare plakken diene in berop op him. Sa hat er bygelyks yn simmer 2000, doe’t rûnom yn de provinsje emigranten feestlik ûnthelle waarden, in histoarysk spektakelstik skreaun foar Snits mei de titel ‘Goudsjeblom en Poddekrûd’. Yn datselde jier spilen se yn Broeksterwâld/De Falom ‘Fûken op ’e kaai’, in troch Klazinga bewurke útfiering fan in stik fan de Ierske toanielskriuwer George Farquhar (1706). Yn Aldegea (Sm.) waard syn histoarysk iepenloftspul ‘Livius’ (1997) opfierd.
Yn syn stikken figurearrert gauris in ‘echte wâldsjer’, in slach minsken dêr’t Bertus Klazinga graach oer mei. Yn in fraachpetear mei Jelma S. Knol (Frysk&Frij, 4 maart 1992) formulearrert er dat sa:’ De echte Wâldsjers binne rjocht foar de raap, se geane har eigen gong en se ha in prachtkarakter. Moatst se fansels net dwers sitte. Mar ik fyn it kostlik om tusken dizze minsken te wenjen. Se binne sa’t se binne’. Yn 1999 hat Klazinga him weromlutsen út de Iepenloftkommisje fan Burgum. Koarte ferhalen fan de hân fan Bertus Klazinga binne, bûten de al neamde blêden, opnaam yn de sammelbondels Skroei (1987), Nachtboek (1992) en Fryske misdiedferhalen (1991). Foar de Skriuwerskalinder skreau Bertus Klazinga fersen.
It earste langere wurk op it mêd fan proaza, de misdiedroman De ielfretters, ferskynde yn 1992. Yn De ielfretters spylje boppenatuerlike eleminten in rol, in net sa faak foarkommend ferskynsel yn in misdiedroman. Wat fierders opfalt yn it boek binne de libbene dialogen en it fantasyrike en kreative taalgebrûk fan de skriuwer.   Sûnt 1999 foarmet Bertus Klazinga mei Anko Bouma it sjongduo Ferbean. De Frysktalige teksten fan de lieten dy’t it duo foar it fuotljocht bringe binne fan Klazinga, de muzyk is fan Bouma. Har earste cd ‘Lik op stik’ kaam út yn 2003, de twadde ‘Altyd wat’ yn 2007. Bertus Klazinga hat fan 1982 oant 1992 bydragen yn de foarm fan ferhalen en artikels levere oan it blêd Frysk&Frij, sûnt begjin jierren 2000 wurket er mei oan it Burgumer wykblêd Actief.
By útjouwerij Frysk en Frij ferskynde Dûbeltsjûk : dit en dat en fan alles wat: grut lês- en dochboek (1998), de ferhaaltsjes, gedichtsjes, puzels, tekeningen ensafuorthinne binne allegear makke en skreaun troch Bertus Klazinga. Yn 2006 makke er de tekeningen foar útjefte fan de Bildtse Taalrotonde, in útjefte foar de groepen 7/8 fan it basisûnderwiis. Bibliografy

Proaza

1987: Skroei (ferhalebondel foar jongerein (meiwurke oan)
1991: Broei (ferhalebondel foar jongerein (meiwurke oan)
1991: Fryske misdiedferhalen (meiwurke oan)
1992: Nachtboek (ferhalebondel foar jongerein (meiwurke oan))
1992: De ielfretters (misdiedroman)
1994: Knyflok en Reidmannen en oare misdiedferhalen (meiwurke oan)
1997: Fryske winter ferhalen (meiwurke oan)

Toaniel

1984: It gouden ûleboerd (iepenloftspul Burgum, nei de roman fan G. Spaanderman-Wielinga)
1985: In poepetoer (mei Froukje Annema)
1986: Marije (iepenloftspul Burgum, nei de roman fan Abe Brouwer)
1988: Dûnsjende dieven (iepenloftspul Burgum, bewurking fan 'Le bal des voleurs' fan Jean Anouilh)
1989: Keningsrjocht (iepenloftspul Burgum, bewurking fan 'Brörs' fan Wilhelmina Siefkes)
1993: Wat yn it fet sit... (iepenloftspul Burgum)
1994: Blau bloed fan Bertus Klazinga (iepenloftspul Burgum)
1995: Libjend Apart Tegearre (blijspul yn trije bedriuwen)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

Tresoar © 18-01-2008