Berne: 11-09-1964, Akkrum

Libben en wurk

Jan Kleefstra is berne yn Akkrum. Hy hâldt him ûnder oare dwaande as frijwillige fûgelteller.



Skriuwerij
Jan Kleefstra is in dichter dy’t ek mei lûdseksperiminten dwaande is. Mei syn sintugen op skerp lit er ynfloeden fan bûten ta him trochkringe en besiket dan syn belibjen, syn sensaasjes, te ferwurdzjen of te ferklankjen.

Neffens Jan Kleefstra mei skriuwen inkeld de útdrukking wêze fan in fassinaasje sa’t in bern dy hat. Skriuwe moat yn in abstrakte ekspresje útdrukking jaan oan wat de sintugen waarnimme. En de refleksje dêrfan falt yn fragminten dy’t diel útmeitsje fan in grutter gehiel dat noait ta in ein komt.

Sûnt in tal jierren trede de bruorren Jan en Romke Kleefstra tegearre op op in tal Nederlânske dicht- en muzykpoadia: Jan as dichter en Romke as muzikant. Yn ferskate projekten sykje sy de kombinaasje mei muzyk en fideo. Mei harren wize fan foardragen skeppe sy in sfear dy’t him ferhâldt ta de rûmte fan lân en wetter dêr’t de minske inkeld de boel ferbalje kin (‘de mens als verontruster’).

Syn gedichten ferskynden yn blomlêzings lykas Dichters in de Prinsentuin (2006), Kastanjegedichten (2006), Schoonheid, Hernehim (2007), Mengelwerk Drentse open 2007, Openbare Bibliotheek Amsterdam (2007), 7e Regenboog, Breedevallei Dichters (2008), Haarlemse Dichtlijn (2008), Inkijk, interieuers in de Hollanderwijk (2009) en Giftige simmer (2009).

Yn 2008 kaam syn Frysktalich debút út, Fragminten, net in fertaling fan de eardere Nederlânske bondel fan deselde namme. ‘..It is (dan) krekt oft Kleefstra mei wetterferve oan it skriuwen is, sa moai rinne de poëtyske eleminten yn inoar oer. Fierders binne it de tiid, de dea en it ferline dy’t de dichter dwaande hâlde mei in glimk fan mankelikens.’ (Friesch Dagblad, 16-05-2009). Fierders: ‘…it sintrale tema: de ferhâlding tusken mins (ik) en natoer, oproppen as in frou. Alle fersen binne dêr fariaasjes op, of leaver, fragminten fan. Dy jacht kin de lezer ûndergean, en neifolgje faaks …’ (Leeuwarder Courant, 28-11-2008)


Wichtichste wurk

Poëzij
2004: Stem van de stilte (byldwurk Minne Onnes)
2006: Fragmenten
2008: Fragminten [is gjin oersetting fan Nederlânske bondel út 2006]
2011: Uit het lege midden (dûbelbondel mei Floris Abraham Brown Sing vir my)
2014: Melk druppen
2015: Raaf verwantschap
2015: Sniefellen

CD's
2008: Piiptsjilling (teksten by cd)
2009: Wink (cd)
2010: Tongerswel (cd mei Fryske gedichten, mei Nederlânske en Ingelske oersettings)

Ferskaat
2007: Tsjinlûd (muzyk/poëzij/byldzjende keunst; in poadiumproduksje mei Romke Kleefstra, Elmar Kuiper en Johan van Aken)

Mear oer dizze auteur
Jan Kleefstra, persoanlike webside
Jacob Haagsma, fraachpetear mei Romke en Jan Kleefstra, LC 12-11-2010
Stik oer ‘Tsjinlûd’, LC 19-01-2007
Jacob Haagsma oer Piiptsjilling, LC 06-06-2008
Harmen Wind oer Fragminten, LC 28-11-2008
Eppie Dam oer Uit het lege midden, LC 09-12-2011
Karel Wasach oer Melk druppen, Poëzie Leestafel 19-01-2015
Hedwig Terpstra, fraachpetear op Ensafh., 17-09-2010

© Tresoar, 2011