Berne: 8-12-1947, Ljouwert

Libben en wurk

Jacob (ropnamme Jaap) Klimstra is berne yn Ljouwert, mar opgroeid yn Ljussens. Jabik Jans Klimstra is de skûlnamme dêr’t hy syn roman Sibbeltsje ûnder skreaun hat.

Hy folge de HBS-B, HTS Elektro en dêrnei oan de universiteit Wurktúchkunde. Klimstra wurket as Konsultant Enerzjy, Emissie, Ekonomy. Hy wit in soad ôf fan grutte motors en jout gauris presintaasjes.

Skriuwerij

Jacob Klimstra hâldt fan it Frysk, oargelspyljen en it skriuwen fan ferhalen. Yn 1999 skreau hy in ferhaal oer Simke Kloosterman en har healsuster yn it ‘Nieuwsblad van Noord-Oost Friesland’. Yn 2009 folge it boek Sibbeltsje dêr’t op de webside fan It nijs oer skreaun is: ‘It boek jout in moai tiidsbyld yn in taal mei prachtige útdrukkings dy’t yn dizze ieu net sa faak mear brûkt wurde.’  

Bibliografy

2006: It is mei sizzen net te dwaan – 1905-2006 Ien ieu kristlik ûnderwiis yn Twizel 2009: Sibbeltsje (roman)  

Webside

www.klimstra.nl