Berne: 02-02-1934, Drachten

Libben en wurk

Riek Landman is op 2 febrewaris 1934 berne yn Drachten. Dêr is se opgroeid en gong se nei skoalle, earst nei it lyceum en dêrnei learde se oan de rykskweekskoalle foar ûnderwizeres.

Op har tweintichste gie se út Drachten wei, se hat op ’e Gerdyk, yn Den Haach en yn Ljouwert yn it ûnderwiis wurke. Dêrnei gyng se sels werom yn de skoalbanken om de learareoplieding Nederlands te folgjen, se wurke neitiid as learares Nederlânsk oan it RSG (Rijks Scholen Gemeenschap) te Snits.
Riek Landman hat meiinoar trichtich jier foar de klasse stien. Se is troud en mem fan twa dochters.

Toaniel en kabaret
Toaniel en kabaret hawwe altyd in wichtich part útmakke fan it libben fan Riek Landman. Al op ’e kweekskoalle die se mei oan foardrachtkrigen. Letter makke se diel út fan it doetiids bekende Spinnekop-kabaret fan Roel Oostra (de lettere direkteur fan skouboarch De Lawei) en hat se in tiid spile by it ferneamde selskip Tetman de Vries.
Landman wie mei-oprjochter fan it Frysktalige beropstoanielselskip Tryater en hat dêr ek in tal jierren yn meispile. Sels hat se ek inkelde toanielstikken skreaun.

Publikaasjes 
Skriuwen leit foar Riek Landman yn it ferlingde fan toanielspyljen en foar de klasse stean. Alles wat se docht, docht se mei passy. Doe’t se har ferhalen net mear foar de klasse kwyt koe, skreau se se op.
Yn 1988 publisearre Riek Landman har earste roman, Fuotprinten yn it sân, oer de beide plysjefroulju Sigrid den Oudsten en Anke Terpstra. It soe de earste wêze fan in suksesfolle rige boeken dy’t Landman skreau oer it froulike plysjeduo. Tusken 1988 en 2005 publisearre se sân titels en stie de achtste op priemmen. Foardat se oan in boek begjint, ret se har ta troch de lokaasjes te besykjen dêr’t har ferhalen spylje en praat se mei minsken dy’t wurkje yn itselde fak as dat har haadpersoanen hawwe.
Se ‘krûdet’ har Anke- en Sigridboeken mei leafde, misdied en gefaar. Har kritearium foar in goed boek is dat it de muoite fan it útlêzen wurdich is, komposysje en dosearring fan de ferskillende spannende eleminten fynt se belangryk.   
Mei de yn 1995 ferskynde roman In sterke frou sloech Riek Landman oare literêre wegen yn. De oerienkomst mei har foarige romans wie dat it wol wer gie oer twa froulju, allinnich publisearre se diskear gjin spannend aksjeboek, mar in psychologyske roman oer de ferhâlding tusken in mem en in dochter. Ek de opbou fan de roman wykte ôf fan de Sigrid- en Anke ferhalen, net mear in groanologyske fertelfoarm, mar skreaun mei wikseling fan perspektyf en tiid. Hoewol’t In sterke frou mear fan de lêzer ferget, is it in goed lêsber en flot skreaun boek. Datselde kin sein wurde fan de beide oare mear ‘serieuze’ romans dy’t dêrnei fan Riek Landman ferskynden In echte man (1998) en De oerwinning (2000).
Yn de romans fan Riek Landman spylje froulju fakentiids in haadrol, dat blykt ek wer út de trijedielige rige oer trije generaasjes froulju, in beppe, in mem en in dochter, dy’t Landman as folgjende projekt op priemmen sette. It earste diel fan dy rige ferskynde yn 2004 ûnder de titel De tiid fan Jentsje. Yn dat boek hat de skriuwster ynspiraasje opdien út it libben fan har beppe Riekje dy’t as jongfaam om 1900 hinne op de earme Suderheide by Drachten wenne. Mei it beskriuwen fan de libbens fan dy trije generaasjes froulju wol Riek Landman in byld jaan fan it libben fan benammen froulju yn de tweintichste ieu. Se helle ynformaasje út de libbens fan har beppe, har mem en fan harsels, mar it giet net echt oer harren, it ferhaal is fiksje. It twadde diel fan de searje De striid fan Marte ferskynde yn 2005, it tredde en lêste diel, De leafdes fan Janne, yn 2006.

 

List fan belangrykste wurk

Romans
1988: Fuotprinten yn it sân (misdiedroman)
1989: Skaden oer de snie (misdiedroman)
1990: Rots yn ’e dize (misdiedroman)
1992: De Bollemanbrieven (misdiedroman)
1995: In sterke frou (4e pr. 2004 [merkel rige])
1996: It Heerema kristal (misdiedroman, 3de pr. 2000)
1998: In echte man
1999: Eilân yn ’e sinne (misdiedroman)
2000: De oerwinning
2003: De waarme weelde : leafde en gefaar op it griene eilân Madeira (misdiedroman)
2004: De tiid fan Jentsje
2005: De striid fan Marte (2e pr. 2005)
2006: De leafdes fan Janne
2008: Fammen fan Gaasterlân (boekewikegeskink)
2008: Liet foar myn jonge
2008: Liet foar myn jonge: audioboek, foarlêzen troch Hinke Wolthuizen

Oersettingen
2001: Voetsporen in het zand (Fuotprinten yn it sân)

Ferskaat
2010: Feest mei toaniel

Toaniel
1990: Fuotprinten yn it gers

Tresoar © 07-01-2009