Berne: 11-04-1939, Rotterdam

Libben en wurk

Aly van der Mark is krekt foar de oarloch berne yn Rotterdam. Yn 1947 kaam se te wenjen yn Aldskoat.

Se gie op it Hearrenfean nei de kweekskoalle en stie sân jier foar de klasse. Se die in protte oan toanielspyljen en tidens in toanielkursus fan Pyt van der Zee waard se frege in stimtest te dwaan foar Radio Fryslân en sa waard se omropster by de radio. Se hat 35 jier lang allerhanne programma’s presintearre, lykas De Koperen tún en it Fersykprogramma op sneontemoarn.

Skriuwerij

Doe’t de omropster yn 2003 mei pinsjoen gie, wie der tiid om te skriuwen oer de kwekerij fan de famylje fan har man Ids Westra, dêr’t se yn 1976 kamen te wenjen. In hûs mei 4400 kante meter grûn, earder in park as in tún. Oer de wederwardichheden fan dy tún en de famyljeskiednis skreau se it boek Fan roazen & framboazewyn.

Bibliografy

2010: Fan roazen & framboazewyn. It ferhaal fan in tún