Berne: 09-03-1944, Toppenhuzen

Libben en wurk

Geart van der Meer wie yn 1967 ien fan de jonge debutearjende dichters yn it jongereinnûmer fan De Tsjerne.

Foar de Fryske literatuer in wichtich jier omdat doe ferskeidene jonge dichters foar it earst mei har wurk nei bûten kamen. Njonken Van der Mear debutearren yn itselde nûmer Jan J. Bylsma, Meindert Bylsma, Berber van der Geest, Willem Abma, Sikke Doele en Geart van der Zwaag.

Yn de jierren dêrnei publisearre, en publisearret, Van der Meer yn de tydskriften Alternatyf (1970-1977) en Trotwaer (1969- fan 2002 ôf ûnderdiel fan De Moanne).
Fan 1976 oant 1982 makke er diel út fan de redaksje fan Trotwaer, syn wichtichste bydragen bestiene út it skriuwen fan literêre kritiken en út twa nûmerfoljende artikels oer Obe Postma (1979) en Douwe Tamminga (1980). Dêrnêst ferskynden der geregeldwei gedichten, dêr’t de measten fan letter yn de twa hjirûnder neamde bondels byinoar swile binne, ûnder de skriuwersnamme Geart fan der Mear.

Yn boekfoarm debutearre Geart fan der Mear yn 1984 mei de bondel  Skûl by hanklit. Troch  besprekkers fan syn bondel (û.o. Tineke Steenmeijer-Wielenga) waard de dichter priizge foar de ienheid fan foarm en ynhâld dy’t er berikte yn syn fersen. De tema’s út de earste bondel, oantinkens út syn jeugd, syn âlden, de leafde foar in frou, it sykjen om lok en de grins tusken dea en libben, komme werom yn syn twadde dichtbondel; dy ferskynde trije jier letter yn eigen behear ûnder de titel Winterkriik. De measte fan de 25 sonnetten út Winterkriik wiene al earder publisearre yn Trotwaer. Tematysk foarmje de fersen in gehiel, werom te bringen op it tema: Wêrom bestean ik, wat is it lok, en is lok mooglik, kin ik my fermoedsoenje mei it bestean, en hoe? Omdat it net opskeat mei de subsydzje hat Van der Meer syn twadde bondel yn eigen behear útjûn. Ek dy, moai útjûne bondel waard troch de ferskate besprekkers posityf wurdearre.

Van der Meer wurke fan 1970 ôf as dosint Ingelsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins, tusken 1985 en 1990 wie er dêr ek wurksum as dosint Frysk. Yn 1985 promovearre er mei in proefskrift ûnder de titel Frisian ‘breaking’ : aspects of the origin and development of a sound change, in ûndersyk nei it ferskynsel fan de ferkoarting fan guon twalûden troch it ferspringen fan de klam fan it earste nei it twadde part fan dy lûden, sa’t dat foarkomt yn bygelyks beam-beammen en stien-stiennen. In ferskynsel dat yn de Fryske taal  ‘brekking’ neamd wurdt. Op it mêd fan de taalkunde publisearre Van der Meer oant likernôch 1992 geregeld artikels yn ûnder oaren Us Wurk (tydskrift foar de Frisistyk): dêrnei hat er yn ûnderskate bûtenlânske Ingelske publikaasjes in protte oer Ingelske syntaksis en letter foaral Ingelske leksikografy skreaun. Begjin 2009 gie er mei pinsjoen en koe er him mear útlizze op oersetwurk..

It meitsjen fan oersettingen wie er al langer mei dwaande, op mear as ien wize. Sa ferfryske er it Ingelsktalige libretto fan de de opera ‘Rixt’ (1989), skreaun troch Marc Valencia en komponearre troch Henk Alkema.

In oar oersetprojekt betrof it iepeningsfers fan syn bondel Skûl by Hanklit :

it lok is net te heinen yn dyn hannen,
do kinst it net ûnttiizje út tiids bannen;
mar ast ferjitst te sykjen, oerstreamt it dij
as tinne dize lette simmerlannen.

Dêrby besocht er dit kwatryn yn sa folle mooglik talen oerset te krijen. Dat smiet sa'n fyftich fertalings op. Wat begûn as in aardichheidsje waard hyltyd grutter, der kamen oersettings yn û.o. it Sineesk, Japansk, Russysk, Hongaarsk en it Pompsters (fan Eppie Dam). It fers waard net allinnich yn libbene talen oerset, mar ek yn útstoarne as it Cornish, in Keltyske taal dy’t om 1780 hinne ferdwûn, en yn in Heechdútske fariant fan om 800 hinne, makke troch heechlearaar âldgermanistyk Tette Hofstra.

Yn april 2007 makke Van der Meer syn Fryske oersetting ôf fan it masterwurk fan ien fan de grutte Ingelske dichters, John Milton (1604-1674), it op Genesis 1 en 2 basearre epos Paradise Lost (1674). De 10 570 dichtrigels yn 12 boeken ferskynden yn 2009. Yn dejierren dêrnei folgen noch twa klassikers út de Ingelske literatuer.


Wurk


Poëzy

1984: Skûl by hanklit
1987: Winterkriik (eigen behear)

Oersettingen
2009: John Milton, It paradys ferlern
2009: Merlyn en Vivien
2010: Thomas Hardy, Tess fan de D'Urbervilles
2011: Alfred Tennysom, De fal fan Camelot
2011: Alfred Tennyson, De val van Camelot

Ferskaat
1985: Frisian ‘breaking’: aspects of the origin and development of a sound change (proefskrift)
2017: Obe Postma, In libben dat bloeide nei syn aard

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite.
Geart van der Meer, Kriik - myn moaiste wurd [in ein nei ûnderen skrolle]
Sietse de Vries, fraachpetear mei de oersetter, LC 10-7-2009, part 1 en part 2

Tresoar © 12-03-2008