Berne: 08-01-1955, Stiens

Libben en wurk

Baukje Miedema hat yn ferskate plakken yn Fryslân wenne foardat se har yn Rie nei wenjen sette. By de learare-oplieding Ubbo Emmius wurke se in tiidlang as direksje-sektretaresse, letter joech se dêr les yn bedriuwsekonomy. Sûnt 1998 makket se,  as selstannich ûndernimmer, firtuele simulaasjes foar ROC’s.

Oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden (NHL) folge se de learare-oplieding Frysk (MU-A). Ferhalen en artikels fan Baukje Miedema binne publisearre yn wykblêd Frysk & Frij en yn it literêr tydskrift Hjir.

Skriuwster
Yn de tiid dat se studearre foar de akte Frysk, begûn se ek mei it skriuwen fan har earste boek. Se debutearre yn 1985 mei In wike en in dei. Yn de roman wurde, op realistyske wize, acht dagen út it libben fan in wurkleaze jonge frou beskreaun. Twa tema’s komme der yn oan ’e oarder; wurkleazens en feminisme. De oant dan ta ûnbekende skriuwster stie mei har debút fuort breed yn ’e belangstelling. Alle besprekkers wiene wiis mei in debutearjend jong skriuwster, mar oer it debút sels tochten se net gelyk.
De reaksjes fan de ferskillende besprekkers gie fan posityf oant negatyf. Anne Wadman (Frysk & Frij, 12-04-1986), priizge de libbene ferteltrant fan de skriuwster, mar fûn de psychologyske útwurking fan de romanpersonaazjes de oerflakkige kant neist. Tineke Steenmeijer-Wielenga neamde In wike en in dei, in teloarstellend romandebút (Leeuwarder Courant, 18-10-1985). Krityk hie de besprekster op de útwurking fan de karakters en op it taalgebrûk, benammen op dat fan de dialogen. Dat wie ek it mienskiplike punt fan krityk fan de oare besprekkers.
De skriuwster sels neamde it opmerklik dat net ien fan de besprekkers each hie foar it ‘boadskip’ dat se fertelle woe mei har boek, nammentlik dat de manlike haadpersoan yn syn wize fan omgean de froulike ûnderdrukt.
Fiif jier letter kaam it twadde boek, Flues en trompen, fan Bauky (sa as se har doe neamde) Miedema, út. Ek mei dat boek rôp de skriuwster in soad reaksjes op. Yn Flues en trompen, giet it oer de emansipatoaryske striid dy’t in jonge frou, Sjutsje, fiert foar har rjocht om Frysk te praten. De besprekkers fan har twadde roman hiene fierhinne deselde krityk as by har earse boek; de psychologyske útwurking wie net oertsjûgjend en it taalgebrûk koe better.
Henk van der Veer (Sneeker Courant, 25-10-1990), sleat him wat de krityk op it taalgebrûk oanbelange oan by de oare beprekkers, mar hie ynhâldlik wurdearring foar it boek. Hy neamde de tematyk orizjineel en wie fan betinken dat de skriuwster de problemen dêr’t har haadfiguer troch har konsekwint brûken fan it Frysk tsjin oan rûn, knap útwurke hie. Hy skreau: ‘Bauky Miedema hat mei it skriuwen fan dit boek in nij sjenre oan de Fryske literatuer tafoege en dat yn mear as ien opsicht: ‘De Fryske Frustraasjeroman’.

Njonken it skriuwen fan proaza begûn Baukje Miedema har ta te lizzen op it skriuwen fan toaniel. Har jûnfoljend stik ‘Poalsk Blau’, waard yn 1996 ferskeidene kearen foar it fuotljocht brocht yn teater Romein. Yn 1997 krige se de Fedde en Martha Bergsma-priis foar har ienakter ‘It beslút’. It stik waard yn 2005 ûnder de titel ‘Een besluit: eenakter voor vijf dames’ oerset yn it Nederlânsk.

Wurk

Proaza
1985: In wike en in dei
1990: Flues en trompen

Toaniel
1991: Doet Grytsdochter : ienakter yn trije sênes
1994: Poalsk blau
1996: Nanigo : toanielstik yn alve toanielen
1997: In beslút : ienakter foar fiif froulju
1997: Hertejacht (Baukje Miedema skreau mei oaren in bydrage foar ‘Hertejacht’, yn opdracht foar Tryater)
2005: Pools blauw : in drie bedrijven (oersetting)
2005: Een besluit: eenakter voor vijf dames (oersetting)

Prizen
1997: Fedde en Martha Bergsma-priis foar ‘In beslút’

Tresoar © 11 april 2008