Berne: 29-12-1928, Wynjeterp
FERSTOARN: 13-12-2007, Burgum

Libben en wurk

Swaantsje Monderman is berne yn Wynjewâld en hat dêr ek it grutste part fan har libben wenne. Har heit wie boer, doe’t Swaantsje fan de legere skoalle kaam hat se net fierder leard mar holp thús har mem en learde it melken. Se troude yn 1953 mei Haitze Duursma, dy’t ek boer wie. Se buorken op in pleats op Klein Groningen, in buorskip oan de Compagnonsfeart by Wynjewâld. It echtpear Duursma krige trije bern, twa soannen en in dochter. Haitze Duursma ferstoar yn 1992.

Yn augustus 1997 troude Swaantsje mei Harm Zeinstra fan Feanwâlden, tegearre kamen se yn Burgum te wenjen. Zeinstra ferstoar yn 2005, Swaantsje Monderman twa jier letter yn desimber 2007.

Dichteres
Se wie santjin jier doe’t Swaantsje Monderman har earste fers skreau. It wie in gelegenheidsfers dat se makke by gelegenheid fan in gymnastykútfiering yn har doarp. Sûnt dy tiid hat se eins altyd skreaun, al hie se wol tiden dat it net sa maklik gong, yn perioaden fan sykte bygelyks en yn it earstoan fan har trouwen doe’t der bern kamen. Har talint wie al gau bekend en rûnom wei krige se fersiken om foar ien of oare gelegenheid in fers te skriuwen. Begjin jierren fyftich stjoerde se sa no en dan in fers nei de Friese Koerier, dêr’t Fedde Schurer doe haadredakteur fan wie. Yn de jierren santich begûn se mei mear regelmaat te publisearjen, it tsjerkebledsje fan de Griffemearde tsjerke fan Wynjewâld naam geregeld in fers fan har op, krekt sa as it wykblêd Frysk & Frij.
De dichteres kaam út in net-tsjerklik gesin, mar naam letter it kristlik leauwe oan en waard doe lid fan de Kristlik Gereformearde Tsjerke.
In fraachpetear foar Frysk & Frij (05-11-1983) fan Froukje Annema mei Swaantsje Duursma-Monderman soarge foar in flinke stimulâns fan de dichteres. Op oantrún fan Annema sammele se materiaal foar in bondel. Se stjoerde it manuskript op nei de KFFB, dy bekroane har wurk yn 1985 mei de útjefte fan in bondel. De bondel ferskynde ûnder de titel Foar dei en foar dage en wie samar útferkocht. Har twadde bondel, Der stiet in spylman foar ús doar, kaam út yn 1997. Der blykte fraach te wêzen nei de fersen fan Swaentsje Duursma (har skriuwersnamme), har achtse bondel, mei de titel, Blide oeren : hûndert fersen, kaam yn 2007 yn it ljocht.
Tusken healwei de jierren tachtich en begjin 2000 stiene geregeldwei gedichten fan Swaantsje Duursma yn De Fleanende Krie, it orgaan fan de KFFB. Dêrnjonken namen de Fryske Skriuwerskalinder, de Leeuwarder Courant en de Friesche Kerkbode gauris in fers fan har op.
Har ynspiraasje fûn se yn de natoer en yn har leauwen, se skreau tagonklike poëzy yn ienfâldige taal. Literêre aspiraasjes hie se net, yn in fraachpetear mei de Drachtster Courant (04-09-2002) sei se: ‘als maar één mens een beetje troost vindt, dan ben ik al blij’. Dat fraachpetear wie nei oanlieding fan in Hollânsktalige bondel fan har hân mei de titel, Zegen op zegen, dy’t yn 2002 ferskynde.
Swaantsje Monderman wie tankber foar de krêft dy’t se fûn yn har leauwe en foar al it moais dat se seach en ûndergie yn de natuer en ferwurde dat yn har fersen.

Wurk

Poëzy
1985: Foar dei en foar dage
1987: Der stiet in spylman foar ús doar
1991: Skientme rûnom
1995: It gers dat bloeit
1998: Dizze dei
2000: Reiden oan ’e stream : fersen
2002: Zegen op zegen : verzen
2007: Blide oeren - hûndert fersen

Tresoar © 18-1-2008