Berne: 07-01-1822, Penjum
Stoarn: 09-10-1911, huzum

Libben en wurk

Lucius Columba Murray Bakker waard berne yn 1822. Dêrby ferstoar syn mem Lucia yn it kreambêd, twa jier letter moast er ek fierder sûnder syn heit Geugjen. Hy waard grutbrocht yn it húshâlden fan dûmny Isaac Cahais en Louise Romar fan Wytmarsum.

Hy kaam út in kultuerbewust miljeu, yn Wytmarsum wie dat net oars. Nei syn stúdzje yn Grins wie er mear as sechstich jier warber as húsdokter oan de Skrâns yn Huzum. Syn libben lang bleau er frijfeint. Hy wie in bekende ferskining yn it sosjale libben fan Ljouwert. Pas nei syn fyftichste waard er literêr aktyf.

Jacobus van Loon frege him om mei te wurkjen oan it Frysk Lieteboek dat yn 1876 ferskine soe. It wie bedoeld om brûkt te wurden troch it hieltyd gruttere oantal Fryske koaren. Mei fyftjin teksten hie Murray Bakker dêr in grut oanpart yn. Yn dy fersen hantearre er de klassike dichtfoarm, ynhâldlik sluten se oan by de Dútske romantyk.

Letter waard er adviseur foar in kommisje dy’t in Fryske standertstavering ynfiere soe. Uteinlik waard er yn 1880 beneamd ta haadbewurker fan it Frysk wurdboek. Omdat er it net rjocht oan tiid hie, luts er him yn 1884 werom. In skoft dêrnei waard er frege om de Latynske beskriuwingen dy’t yn it wurdboek opnommen wurde soene, wer op him te nimmen. Dêr gie er ek op yn, mar omdat it brûken fan Latyn yn wittenskiplike publikaasjes hieltyd mear út ’e moade rekke, waard besletten om syn beskriuwingen te litten foar wat se wiene. Sa waard Murray Bakker wol faker ynhelle troch de tiid. Sels wie er grutbrocht yn it earste part fan de njoggentjinde iuw, doe’t it Fryske ferline wakker idealisearre waard, mei ferhalen oer romrofte keningen as Redbad. Yn de twadde helte fan dyselde iuw waaide de wyn lykwols út in oare hoeke. Mear en mear gie it om it popularisearjen fan de Fryske taal. Sa koe it foarkomme dat de oersetting fan The Outlaw Murray, in wiidweidige Skotske ballade oer syn foarâlden dêr’t er yn 1887 klear mei wie, nea publisearre waard.

Ein 2003 promovearre Rients Faber, skripsje- en staazjebegelieder op it Fryslân College, op it libben en wurk fan Murray Bakker. Syn lidmaatskip fan  de Stúdzjerûnte Sudertrimdiel sette him op it spoar fan Murray Bakker. By it omsneupen yn de neilittenskip fan in omkesizzer fan Murray Bakker fûn er yn in slúf de Fryske oersetting fan The Outlaw Murray, in oersetting dêr’t fan tocht waard dat dy ferlern gien wie. Dy fynst foarme it begjin fan in speurtocht nei libben en wurk fan de Huzumer húsdokter. De resultaten lei Rients Faber fêst yn syn proefskrift, mei dêrby in bylage mei poëzy fan Murray Bakker syn hân.[1]

In koart fragmint as priuwke fan syn wurk:

Reedriderssang

Wês wolkom rûge jûkelburd,
Mei froast en speeg’lich iis!
No klomje ik net mear oan ’e hurd:
Dat’s goed foar âld en griis!
No moatt’ we sliere, swaaie en swiere,
Oeral nei ta, iiswille ha!



Boarnen foar dit stik
Materiaal yn knipselmap Tresoar
[1] LC 22-11-2003

Bibliografy

Oersetting
1881: Preaukes uet Goethe’s Faust

Oer de skriuwer
2003: Lucius Columba Murray Bakker – master fan it Fryske wurd, dissertaasje Rients Faber.

(c) Tresoar, 18-01-2017