Berne: 09-07-1957, Skearnegoutum

Libben en wurk

Jurjen van der Meer is berne yn Skearnegoutum, mar wennet al sawat syn hiele libben yn Terkaple-Eagmaryp, de doarpen dy’t yn dy omkriten as de Lege Wâlden bekend binne. Hy wurket trije dagen yn ’e wike as ûnderwizer oan de kristlike basisskoalle ‘It Haskerfjild’ op ’e Jouwer en twa dagen as tekstskriuwer.

Syn ûnderwizers oplieding folge er oan P.A. De Him te Snits. Dêr krige er ûnder oaren les fan minsken as Jan de Jong (Frysk) en Hindrik van der Meer (muzyk), leararen dy’t by him ynterresse yn de Fryske taal wekker makken. Yn dy tiid begûn er sels ek mei it skriuwen fan ferskes, syn earste fers ‘Reservaat’ (1978) stjoerde er nei de Lyrische Courant, dy’t as bylage yn de wykeinkrante fan de Leeuwarder Courant ferskynde. It fers waard pleatst, foar Jurjen van der Meer in stimulâns om troch te gean mei skriuwen.
Yn in fraachpetear mei Gerbrich van der Meer yn it Friesch Dagblad (14-03-2007) sei Van der Meer oer syn dichterskip it folgjende: ‘Ik tocht earst dat ik dichter wie, mar dat bin ik net. Ik bin in ferskeskriuwer, in rymker. Ik set net myn siel en salichheid op papier, mar skriuw gewoan wat moai klinkt’.
De Lyrische Courant hat dernei noch ferskeidene kearen in fers fan Van der Meer pleatst (1978-1985). Yn it earstoan skreau er foar folwoeksenen, mar murk al gau dat jonges en famkes dy’t meidiene oan it Ferstifal, de jierlikse foardrachtskriich foar learlingen fan middelbere skoallen yn Fryslân, gauris in gedicht fan syn hân foar it fuotljocht brochten.
Syn earste dichtbondel, mei de titel Yn ‘e fierte, ferskynde yn 1986. It earste eksimplaar bea er oan oan syn âld learaar Hindrik van der Meer (gjin famylje). Ynspiraasje foar syn fersen fynt Jurjen van der Meer yn it libben ticht om him hinne; syn jeugd, heit en mem, boartersguod, mar ek de natuer en it feroarjend lânskip. Hy skriuwt gjin heechdravende poëzy mar tagonklike fersen dy’t maklik lêze en goed yn it gehoar lizze.
De bondel, Freedtemiddei frij : 46 fersen om foar te dragen, kaam tsien jier letter út (1996). De fersen yn syn twadde bondel binne skreaun foar jeugd yn de leeftyd fan sa likernôch acht oant sechttjin. Ideeën foar ûnderwerpen krige er gauris fan syn learlingen op skoalle. De moai útjûne bondel is yllusterearre troch Wim Swart.
De fersen fan Jurjen van der Meer blieken ek tige geskikt te wêzen om op muzyk te setten. Sjonger en muzikant Nanne Kalma wie de earste dy’t dat die, hy makke in meldij by it fers ‘Rûngong’.  Ek Piter Wilkens, Adri de Boer, Anneke Douma en Bauke van der Woude hawwe lieten op tekst fan Van der Meer op har repertoire stean.
Sa is de tekst fan it bekende ‘Knoopkes’, songen troch Piter Wilkens, fan Jurjen van der Meer.
In protte fersen fan syn hân binne sadwaande op cd telâne kaam, ek Omrop Fryslân hat in soad gebrûk makke fan syn teksten. Mei lietkomponist Hans Wempe foarmet er al lange jierren in kreatyf en produktyf duo, yn de rin fan de tiid steane op hiel wat yn Fryslân útbrochte cd’s ferskes dy’t ûnstien binne troch de gearwurking op it mêd fan tekst en muzyk fan de beide mannen.
Mei in ploechje oare dichters en dichteressen, te witten; Jelle Bangma, Tsjits Peanstra, Sjoerd Palstra, Anneke Gerbrandy en Baukje Tsjerkje de Jong foarmet Jurjen van der Meer al jierren in dichtersrûnte. Doel fan de rûnte is om elkoars wurk te hifkjen en om elkoar te stimulearjen. Se hawwe twaris meielkoar in bondel útjûn, de earste dy’t de tapaslike titel Wy jouwe in rûntsje (1987), meikrige ferskynde yn eigen behear. De twadde bondel, mei proaza en poëzy, is útjûn troch útjouwerij Frysk en Frij. De bondel ferskynde ûnder de titel De twadde sirkel (1993).
Wykblêd Frysk en Frij naam yn de perioade 1982-1990 geregeldwei in fers fan Jurjen van der Meer op, krekt as de Fryske Skriuwerskalinder en de jongereinblêden De Holder en Switsj.
Foar it taalsintrum Frysk fan útjouwerij Afûk wurket Van der Meer mei oan de útjefte fan in taalmetoade;  Studio F : taalmetoade foar it primêr ûnderwiis. Wurk

Poëzy
1986: Yn ’e fierte
1987: Wy jouwe in rûntsje (mei oaren)
1993: De twadde sirkel (mei oaren)
1996: Freedtemiddei frij : 46 fersen om foar te dragen Taalmetoade
2006: Studio F - taalmetoade foar it primêr ûnderwiis (mei Jelle Bangma)
2007: Studio F - taalmetoade foar it primêr ûnderwiis (mei Jelle Bangma)
2010: Studio F - taalmetoade foar it primêr ûnderwiis (De hutte)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Tresoar © 04-03-2008