Berne: 6-5-1824, Burgum
FERSTOARN: 16-3-1906, Burgum

Libben en wurk

Tjibbe Gearts van der Meulen waard berne op de Burgumerdaam yn Burgum, as jongste fan fiif soannen yn it gesin fan Geert Tjeerds van der Meulen (1776-1861) en Grietje Douwes Duursma (1781?-1857). Tsjibbe Gearts bleau syn hiele libben Burgumer. Syn heit wie klokmakker, Tsjibbe hat dat ek  besocht doe’t er fan skoalle kaam, mar wie fiersten te ûngeduerich.

Feitlik woe er leaver lêze en skriuwe, mar dêr koe er net fan bestean. Ek as bakkersfeint, as postkantoarhâlder en as lytse selsstannige mei in papier- en boekwinkeltsje woe it net rjocht slagje. Yn 1858 troude er mei Grietje Pieters Peereboom (1932-1923), dochter fan in Boalserter kommisaris fan polysje. Van der Meulen hie doe yn Burgum wer in klokmakkerij, anneks boekhannel, anneks krudenierswinkel. It echtpear krige seis soannen, de beide âldsten emigrearren nei Amearika en kamen dêr beide al jong te ferstjerren. De folgjende twa soannen waarden ûnderwizer en bedarren respektivelik yn East-Ynje en yn Den Haach. De beide oaren namen letter de saak fan heit oer, de jongste waard mar 21.
Stipe troch ynfloedrike freonen út de Burgumer hegerein, begûn Tsjibbe Gearts yn 1876 mei de útjefte fan it Nieuws- en advertentieblad voor Tietjerksteradeel en omstreken, dat letter fan namme feroare. It waard net allinnich troch Van der Meulen útjûn, mar ek printe. Hy hat oant 1889 lieding jûn oan de krante. Nei 1897 kaam it blêd út as Bergumer Courant. Ein jierren tachtich fan de tweintichste ieu koe it twa kear wyks ferskinende abonnemintsblêd de konkurrinsje mei it fergees fersprate hûs-oan-hûsblêd Actief net mear oan. Op 30 juny 1989 ferskynde it lêste nûmer. Actief bestiet noch wol, mar is gjin nijsblêd mear.
Njonken syn krantewurk krige Van der Meulen noch in baantsje as agint foar in Rotterdamske skipfeartmaatskippij dy’t de oertocht fan emigranten nei Amearika fersoarge. It slagge him om as agint foar dy maatskippij yn 1881 in reis nei Amearika te meitsjen. Nei oanlieding fan dy reis makke er letter de wat romantyske ‘Lânforhuzerssang’, mei dêr yn de bekende rigel ‘Amearika, dou lân fan dream en winsken,’.
Hy mocht graach reizgje en ûnderweis wêze, Fryslân bereizge er hielendal, meast te foet. Mar hy swalke ek ferskate kearen nei Hollân, Dútslân en België. Fan al dy reizen die er wiidweidich ferslach yn syn krante of hy gyng der op út om fan syn ferslaggen foarlêsjûnen te hâlden. In ferslach fan in reis mei syn freon Hindrik Bosgra nei Drinte kaam twa jier letter yn boekfoarm út ûnder de titel, Twa dagen hear of: in frolike reis nei Drinthe (1853).
Tsjibbe Gearts van der Meulen wie yn Burgum bekend as ‘in nuveraardich hear’, hy hie in libbene geast en wie altyd te finen foar brike setten.
Hy ferstoar yn de iere maitiid fan 1906, 82 jier âld. Wurk
Al jong hie Tsjibbe Gearts nocht oan lêzen, tekenjen, foardragen en it meitsjen fan rymkes.
Ta Frysk skriuwen kaam er neidat er yn ’e kunde kaam wie mei dichter Harmen Sytstra, dy’t yn 1847 as ûndermaster nei Burgum ta kaam. Sytstra skreau yn Burgum syn bekende ‘Wâldsang’. Tegearre rjochten se dêr in krite fan it Selskip foar Fryske tael en skriftekennisse op (1849). Yn itselde jier debutearre Van der Meulen yn Iduna, it tydskrift fan Sytstra, mei it fers ‘Weamoed’. Yn 1850 moete er Waling Dykstra. Der ûnstie in freonskip tusken beide mannen. Dykstra wie doe al aktyf as skriuwer, sprekker en foardrager. Hy joech ek it tydskrift De Frysce Huesfrjeun út, Van der Meulen waard in trou meiwurker fan it blêd. Syn earste boekútjefte datearret ek fan 1850; Trîntsje Rommelpot, en nift fen Doaitse mei de Noardsce balke, ynspirearre troch syn freonskip mei Dykstra. Neidat se fan 1857 ôf tegearre der al in kear of wat op út west hiene te foardragen, setten se yn de winter fan 1860-1861 útein mei har suksesfolle Winterjounenocht-toernee’s. Van der Meulen hold der nei 1863 wer mei op, Dykstra hold it yn wikseljende gearstallings út oant 1888.
Tjibbe Gearts wie as skriuwer en dichter tige produktyf, syn earste, romantyske, dichtbondel Myn suchten en myn sangen, ferskynde yn 1859. Yn itselde jier wie syn klucht ‘Mâl út, mâl thús’, in grut sukses. It stik moast iderkear op en nij printe wurde, yn 1960 is it nochris spile by gelegenheid fan de iepening fan de Fryske Boekewike. De jierren troch skreau er nije stikken, werûnder bewurkingen nei de Halbertsma’s ‘Murk fan Ipekolsgea’ (1884) en ‘De reis nei de jichtmasters’ (1898). Ek as sprekker en foardrager reizge er lange jierren de hiele provinsje troch. Mei syn doarpsgenoat Y. Zijlstra foarme er in tal jierren in populêr duo, yn 1876 en 1877 kamen se rûnom mei foardrachten lyk as ‘It âlde en it nije jier’ en, ‘Fen de Wilp nei Leauwerd’. De lêste bewurke er letter as ‘Riucht en sliucht of oars om’. Guon kamen letter út yn boekfoarm.
Van der Meulen skreau, nei de moade fan syn tiid, gelegenheidsgedichten en foardrachten nei oanlieding fan tragyske of heuchlike foarfallen dy’t him bekend wiene. Hy publisearre yn ferskeidene blêden en perioadiken lyk as Sliucht en Riucht fan Waling Dykstra en syn eigen Bergumer Courant. Hy samle ferskes en skreau sels guon op besteande meldijen. Besteande mearkes, û.o. fan de Bruorren Grimm, fertelde er nei. Se ferskynden gau ris yn Almanakken sa as de Friesche Volksalmanak.
As skriuwer en as dichter rjochte Tsjibbe Gearts van der Meulen him op in breed publyk, syn stikken wiene folksaardich, komposytoarysk net sterk en moasten it hawwe fan nuvere setten en brike stikken. Fakentiids hiene se in moralisearjend slot. De minsken dy’t er beskreau bleaune karikatueren, wat der echt yn har omgyng waard de lêzer net gewaar.
Nei syn ferstjerren is der in blomlêzing fan syn wurk ferskynd ûnder de titel Ald en Nij, gearstald troch syn soan W.A. van der Meulen en Waling Dykstra (1907). In kar út syn bêste proazastikken is útjûn yn de bondel In brulloft yn de Wâlden (1974), ta gelegenheid fan syn 150ste bertejier, ûnder redaksje fan F. Dam en Y. Poortinga.  

Wurk

In seleksje
1850: Trîntsje Rommelpot en nift fen Doaitse mei de Noardsce Balke
1853: Twa dagen Hear, of in frolike reis nei Drinthe
1859: Màl ût, màl thûs : kluchtspil în twa gedoentes ...
1859: Mîn suchten en mîn sangen : in hânfol blommen ût de Wâlden, de Friesen oanbean
1861-1876: Frîske winterjounenocht : rîm en onrîm (mei Waling Dykstra)
1884: Murk fen Ipecolsgea : kluchtspil, mei sang, yn fjouwer bedrjuwen
1890: Gepke, sonder mofven oan nei ‘t sindingsfeest to Feankleaster, in skildery nei’t libben
1898: De reis nei de jichtmasters : toanielstik mei sang, yn trije bidriuwen
1907: Ald en Nij (blomlêzing)
1974: In brulloft yn de Wâlden (kar út syn proazastikken) Tresoar © 18-1-2008