Berne: 04-05-1952, Holwert

 

Libben en wurk

Jikke Olivier waard berne yn Holwert.

Se wie 'oeral let mei', sa't se sei yn in fraachpetear [1] mei Sietse de Vries. Se wie al hast 40 doe't se har earste kursus Frysk folge. Dêrnei sette se troch oant se it foech hie om sels les te jaan. Se fersoarge kursussen Frysk foar de Afûk en levere bydragen oan de metoade Frysk foar it fuortset ûnderwiis. Dêrnjonken wie se ferbûn oan skoallen yn Burgum en Surhústerfean en joech se les op de Pabo yn Ljouwert. Dochs hie se net it gefoel dat se mei it lesjaan it ferskil meitsje koe: 'Wat berikst, lykas yn Burgum en Surhústerfean, mei ien lesoere Frysk yn 'e wike?' Neist it lesjaan skreau se modulen foar de lesmetoade Freemwurk en ferhalen foar it blêd Switsj fan ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin. Mei dy ferhalen wie se begûn nei de opdrachten dy't se fan Lida Dykstra krigen hie by it folgjen fan de oplieding Frysk oan de NHL.

By dyselde oplieding kaam se yn 'e kunde mei Tineke de Jager, dy't nei it skriuwen fan ferhalen foar Switsj trochgien wie en al trije boeken publisearre hie. Dat soarge derfoar dat Jikke Olivier ek begûn nei te tinken oer it skriuwen fan in roman. Uteinlik gie se oan 'e slach, wat yn 2018 late ta de publikaasje fan har debút Skuld. Yn dit boek makket Welmoed Bos nei in tiid fan depresje in ein oan har libben. Yn Skuld wurdt beskreaun hoe't har dochter en man dêr hiel ferskillend mei omgeane. Jaap Krol [2] seach in 'flot skreaun en moedich boek'. Tagelyk fûn er dat Olievier wat tefolle hea op 'e foarke naam troch in ferskaat oan problemen op te fieren, sa't er ek in pear kanttekeningen by de útwurking makke.


Boarnen foar dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 08-06-2018
[2] Jaap Krol, FD 08-09-2018

Romans
2018: Skuld
 
Mear ynformaasje
RTV/NOF, 22-05-2018 (presintaasje Skuld)

©Tresoar, 11-07-2018