Berne: 05-07-1956, Hitsum

Libben en wurk

Beart Oosterhaven is berne en opgroeid yn Hitsum. Neidat er syn ûnderwizersoplieding ôfmakke hie, hat er in skoftsje by de Afûk wurke. Dêrnei krige er by de Fryske Akademy in oanstelling as taalkundich meiwurker, hy is dêr einredakteur fan It Beaken en koördinator fan de Musikologyske Wurkgroep.

De leden fan dy wurkgroep, saakkundigen op it mêd fan de muzyk yn Fryslân, hawwe in tal útjeften yn it ljocht jûn mei muzyk fan ûnder oaren Gysbert Japicx, Paulus Folkertsma en Bouke Annes Visser.

Oosterhaven wie fierders sjueryfoarsitter fan it Frysktalich sjongfestival Liet, hy is muzykredakteur by it literêr tydskrift Hjir, dêr’t er fan 1978-1982 fan yn de redaksje siet,en hat in tydlang kollums skreaun foar de F-side (de wyklikse Frysktalige side fan de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad).
Foar it wykblêd Frysk & Frij skreau Beart Oosterhaven resinsjes en artikels op it mêd fan muzyk yn de jierren 1989-1997. Fan 1976 oant 1981 wie Oosterhaven redakteur fan de dichterstelefoan Operaesje Fers. Fan 1997 ôf is er einredakteur fan It Beaken, it wittenskiplik tydskrift fan de Fryske Akademy.
Njonken syn wurk hat Oosterhaven noch ferskate stúdzjes folge, werûnder de Akte Bibelsk Underwiis en de Akte Frysk MU-A, beide yn Ljouwert.

As dichter debutearre Oosterhaven yn 1974 mei twa gedichten yn Hjir. Syn earste dichtbondel, dy’t er de titel De Polsslach joech, kaam út yn 1979. Beart Oosterhaven is net in dichter dy’t alle jierren wer oan in grut tal fersen skriuwt. Hoe’t er dichtet hat er ris beskreaun yn in fers yn Trotwaer (nû. 5, 1981). Hy lit de lêzer witte dat dichtsjen foar him in drege opjefte is, dy’t it er it leafst yn stilte en iensumens útfiert. Hy einiget dat fers mei de wurden ‘Skriuw ik de fersen. Fiif, seis kear jiers. Net faker.’
Syn twadde dichtbondel, mei dêryn fersen dy’t er skreau yn de jierren 1979-1989 ferskynde dan ek tsien jier nei de earste. De bondel kaam út ûnder de titel In leech fermidden. Beart Oosterhaven droech syn twadde bondel op oan de jong ferstoarne dichter Sybe Krol (1946-1990). Krol typearre Oosterhaven as ‘in engazjearre dichter’. In leech fermidden befettet yndied inkelde gedichten dêr’t in polityk maatskiplik engazjemint útsprekt, lyk as it fers ‘intifadah’. Mar folle faker dichtet Oosterhaven oer it proses fan it dichtsjen, oer de wrakseling fan de dichter mei wurden, lûden en klanken.
Foar syn gedicht ‘sâlt’ krige Beart Oosterhaven yn 1976 in Rely Jorritsma-priis.
Oosterhaven krige yn 2002 in útnoeging fan byldzjend keunstnaresse Wapke Feenstra fan Rotterdam om mei te dwaan oan in ynternasjonaal keunstprojekt yn it Deenske Lyngby. Oan it projekt, mei de titel ‘On a clear day’ wurken in tweintichtal byldzjend keunstners en dichters mei út Denemarken, Sweden, Ingelân, Amearika en Dútslân. In part fan de dêr foardroegen teksten, ek fan oaren, binne letter útbrocht yn in boek mei de titel, Een buitenverblijf - A stay in the country.

Op in hiel oar mêd bejoech er him mei de publikaasje fan it boek Fryske Hinnen, dat er skreau yn ’e mande mei Klaas van der Hoek en oaren. Yn it boek, in útjefte fan de Fryske Akademy, jouwe de auteurs in beskriuwing fan alle aspekten oangeande it Fryske hinneras. Fierders komme alle saken dy’t te krijen hawwe mei it hâlden en fokken fan de oan-belangjende soarten oan ’e oarder.
Wer in hiel oar projekt wie de útjefte fan De fûgel yn dy. Yn dat boek sammele Oosterhaven hûndert fan de moaiste teksten fan lieten út it Fryske folk- en pop repertoir yn de perioade 1969-2004. Njonken it opnimmen fan de teksten jout Oosterhaven yn in ynlieding in oersjoch fan de ûntwikkeling fan de pop- en folkmuzyk yn Fryslân.
Tegearre mei Anne Dykstra hie Beart Oosterhaven al earder in tal bluesklassikers ferfryske dy’t útfierd waarden troch de Fryske band Chickens Go Mad en te finen binne op har cd ‘Rau, blau en gau’ (2001).
Oosterhaven hie ek de einredaksje fan it yn 2001 ferskynde boek mei de sololieten fan de Fryske komponist Paulus Folkertsma. Itselde jildt foar de útjefte fan Muzyk yn Fryslân : aspekten fan it Fryske muzyklibben juster en hjoed.

Foar de Afûk hat Beart Oosterhaven yn de jierren tachtich inkelde berneboeken oerset yn it Frysk.
Op it mêd fan taalkunde wurke Oosterhaven as korrektor mei oan de hânwurdboeken Frysk-Nederlânsk (1984) en Nederlânsk-Frysk (1985) en hie er de redaksje oer de Akademy- útjefte Nije list fan frjemde wurden (1993 en 2000).

Wurk

Poëzy
1979: De polsslach
1990: In leech fermidden : gedichten 1979-1989

Ferskaat (in seleksje)
1992: Fryske hinnen - hânlieding by it hâlden, fokken en tentoanstellen
1996: Aaipop magazine - Aaipop 10 jier
1996: Muzyk yn Fryslân - aspekten fan it Fryske muzyklibben juster en hjoed
2001: Muzyk klinkt yn myn hert - de sololieten fan Paulus Folkertsma (1901-1972)
2005: De fûgel yn dy - 35 jier Fryske folk- en poplietteksten 1969-2004

Oersettings (in seleksje)
1980: De bearen dy’t nei see ta gongen (Susanna Gretz, út it Ingelsk)
1981: Rein en Wytske (Milena Lukesová, oarspronklik Tsjechysk)
1982: De bearen oan ’t ferhúzjen (Susanna Gretz, út it Ingelsk)
1986: De Alvestêdetocht (stripferhaal-studio Vandersteen, út it Nederlânsk)

Prizen
1976: Rely Jorritsma-priis (foar it fers Sâlt)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Petear mei Hedwig Terpstra op Ensafh. 03-01-2015

Tresoar © 05-02-2008