Berne: 02-10-1954
FerSTOARN: 29-02-2016

Libben en wurk

Auck Peanstra (skriuwersnamme fan Aukje Hoogland-Peenstra) brocht har bernetiid troch op Sitebuorren ûnder Grou. Yn 1968 ferfear se nei Warten. Nei de ULO gie se nei de Oplieding foar Beukerliedsters yn Ljouwert. Se fûn wurk yn it beuker- en basisûnderwiis en sette har nei wenjen yn Bitgum.

Al yn de jierren santich publisearre se yn de Lyrische Courant. Yn de jierren njoggentich, doe’t de bern grutter wiene en op skoalle sieten, fûn se de tiid om har mear ta skriuwen te setten. Nei har debútferhaal yn 1991 folge in lange rige boeken. Har hert lei by de berne- en jeugdliteratuer, mar se skreau ek in oantal romans foar folwoeksenen, musicals, lietteksten en revu's. Dêrneist wurke se mei oan searjes as De Traveliers en materiaal foar lesmetoaden as StudioF. Se ferstie de keunst om yn har ferhalen foar bern ûnderwerpen te betinken dy't ticht by de bernewrâld oanslute en hie in realistyske fertelstyl. Foar Yn piama de dyk oer krige se yn 1998 de Simke Kloostermanpriis takend. De sjuery [1] priizge dat boek net allinnich fanwege it belang (in deminte beppe), mar ek fanwege de subtiliteit dêr't de skriuwster sa'n gefoelich ûnderwerp mei behannelet.

Sa't se foar har berneboeken oansleat by de belibbingswrâld fan bern, sa die se dat ek yn romans foar folwoeksenen. Dat wie fuortdaalks al te fernimmen by Elske din datter, in boek oer de relaasje tusken in mem en har puberdochter. Dêrby foel se werom op har eigen ûnderfining, sa't se oanjoech yn in fraachpetear mei Sietse de Vries [2]: 'Us dochter wie in fûlenien op dy leeftyd en dat is yn it boek werom te finen'.

Dy eigen ûnderfing (de fynst fan in oantal brieven dy't har mem skreau) foarme ek de oanlieding ta it skriuwen fan Sitebuorren myn eigen paradys, in earbetoan oan har jonge jierren ûnder Grou. Jetske Bilker [3] lies 'in weardefol boek ... yn in dúdlike styl dy't net gau ferfeelt', al hie se graach wat mear witte wold fan de psychologyske kanten fan de personaazjes en dan benammen de broer dy't opfierd wurdt. Yn 2007 waard Peanstra foar dit boek de Rink van der Veldepriis takend. De sjuery [4] priizge de 'heldere komposysje' en hie ek fierder alle lof: 'It winnende boek jout in prachtich tiidsbyld fan in boerehúshâlding yn de jierren fyftich fan de foarige ieuw sa't dat troch in opgroeiend famke belibbe wurdt'.

Yn har tredde roman Skamte giet Auck Peanstra yn op de gefolgen as in famke opskipe wurdt mei psoriasis, in sykte dy't se sels ek hie. De klam dy't op dy sykte lein wurdt steurde Doeke Sijens [5], om't sadwaande it ferhaal wat ien-diminsjonaal bleau: 'Mem en dochter binne it hiele boek troch negatyf', of oars sein: hy miste de nuânse. Kompliminten hier er foar de opbou fan Skamte.

Auck Peanstra wie ek ien fan de kreative geasten fan it Tomke-projekt. Har wurk is populêr by de lêzers, mei omdat se der in soad op útgie om oer har wurk te fertellen.

Auck Peanstra sette har ek yn foar de literêre organisaasjes. Se wie jierren aktyf yn Berneboekepraat fan It Skriuwersboun, letter opgien yn It Fryske Berneboek; foar dy rûnten siet se ek yn it bestjoer fan It Skriuwersboun. Mei har nuchtere ynslach wie sy dêr in stabile faktor as de seeën soms heech giene. Se wie ek in skoft redaksjelid fan de Skriuwerskalinder en fan 2009-2011 siet se yn de sjuery fan de Junior Rely.

Se wie oertsjûge humanist; de lêste jierren wurke se ek as Frysktalich funerêr sprekker by de St. Humanistische Uitvaartbegeleiding. Yn dy kontekst kaam it Tomke-boekje Leave pake Durk (yn it Nederlânsk Lieve opa, ik mis je zo) ta stân. Nei har ferstjerren waarden der noch twa boeken útbrocht: Goaïingahuzen, in machtich plakje en Tseardsje Tsjantel, sterke stikken fan it Tsjantelgat útbrocht, in bondel mei trijehûndert stikjes dy't se foar de doarpskrante fan Bitgum skreau.

Boarnen foar dit artikel
[1] Sjueryrapport Simke Kloostermanpriis 1998
[2] Sietse de Vries, LC 06-09-2002
[3] Sjueryrapport Rink van der Veldepriis 2008
[4] Sjueryrapport Simke Kloostermanpriis 2007
[5] Doeke Sijens, LC 11-11-2011

Wurk


Berneboeken
1993: Melle moat in bril ha
1995: Fertelle fan Jelle
1996: Jan en Jeltsje
1997: yn piama de dyk oer
1998: Kokkebynkes
1998: Lit net los Pier
1999: Smoesjes en fleanende fisken
2000: Keutels by de kofje
2000: Kattekwea en Bargetriennen
2001: By beppe yn 't bedstee
2002: Frjemde kluchten
2003: Tomke Winterboek (mei Riemkje Pitstra)
2003: In pot fol ferhalen (mei Riemkje Pitstra)
2004: Skytmerakels
2005: Kikkerts fange mei Tomke (mei Riemkje Pitstra)
2005: Alles foar in sint
2006: Tomke yn de bistetún (mei Riemkje Pitstra)
2006: Kening aap en oare fabels
2007: Tomke en de krystkrânskes
2007: Tomke en it kado
2007: Geheim! (mei Riemkje Pitstra)
2008: Grapkemakkers
2008: Hop Hop Hynke (sammelbondel mei oaren)
2008: Tomke nei it húske
2008: Tomke jierboek
2009: Krûpelhintsjes
2009: It goud fan de Aboriginals
2010: In geheime kat
2010: Tomke ferkearsboek
2012: Kantsje board op Kurasau
2013: Stellen tiid
2013: De boel op stelten
2014: Dach leave pake Durk
2014: Tomke nei it pjutteboartersplak

Romans
2002: Elske din datter
2007: Sitebuorren myn eigen paradys
2007: Skamte

Ferskaat
2016: Goaïingahuzen, in machtich plakje (mei Anne Peenstra en foto's fan Willem Wilstra)
2017: Tseardsje Tsjantel - Sterke stikken fan it tsjantelgat (blomlêzing fan stikjes dy't Peanstra skreau foar de doarpskrante fan Bitgum)

Prizen

1998: Simke Kloostermanpriis (foar Yn piama de dyk oer)
1998: Sulveren Spjelde fan de Fryske berneboekesjuery (foar yn piama de dyk oer)
2006: NHL-berneboekepriis (foar Alles foar in sint)
2008: Rink van der Veldepriis (foar Sitebuorren myn eigen paradys)
2010: Printeboek fan it jier (foar Krûpelhintsjes)
2010: NHL-berneboekepriis (foar De traveliers)
2012: Sulveren Spjelde Fryske berneboekesjuery (foar Kantsjeboard op Kurasau)
2015: Rely Jorritsmapriis (foar fers De wûnderdokter)

Nominaasjes
2001: Simke Kloostermanpriis (foar Smoesjes en fleanende fisken)
2007: Simke Kloostermanpriis (foar Skytmerakels)

Mear ynformaasje
Eigen webside
Mensenlinq
FD 03-03-2016
Froon Akker (Koos Tiemersma) op eigen webside 03-03-2016
Henk van der Veer, dagboek 03-03-2016
Jan Schotanus op de Moanne 07-03-2016
Jaap Krol, FD 03-02-2018 (besprek Tseardsje Tsjantel)

©Tresoar, 09-05-2018