Berne: 004-12-1928, Deinum (Skinkeskâns)
Ferstoarn: 23-03-2015, Ljouwert

Libben en wurk

Lieuwe Pietersen waard berne yn 1928 op Skinkeskâns, ûnder de reek fan Ljouwert. Pietersen wenne syn hiele libben yn Ljouwert, op de jierren 1951 oant 1955 nei, doe’t er yn Grins studearre oan de Academie voor Lichamelijke Opvoeding.

Nei syn stúdzje waard er beneamd ta learaar gymnastyk oan de skoalle dêr’t er sels as learling op sitten hie, de Ryks-HBS oan it Saailân yn Ljouwert (nei de ynfiering fan de mammoetwet yn 1968 'Ryksskoallemienskip', en nei de fúzje mei de Stedsskoallemienskip Aldlân waard dat it 'Slauerhoffcollege', in namme dy't Pietersen betocht hie). Hy hat fjirtich jier as learaar oan dy skoalle ferbûn west.
Njonken syn baan studearre Pietersen fan 1954 oant 1963 yn dieltiid sosjology oan de universiteit fan Grins. Hy publisearre op it mêd fan benammen taalsosjology en sport. Nettsjinsteande al syn wittenskiplik wurk hat Pietersen nea fan doel west om it ûnderwiis te ferruiljen foar de wittenskip.
Pietersen hat frijwat jierren bestjoerslid en propagandalieder fan de Fryske Bibleteek west. Yn 1972 wie er ien fan de inisjatyfnimmers fan de sutelaksje fan It Fryske Boek.

Publikaasjes
It earste boek fan Lieuwe Pietersen, Friesland in en rond het perk, ferskynde yn 1956, twa jier letter folge troch Skûtsjesilen. It bekende Sociologie van de sport kaam yn 1961 út.
Pietersen wie yn 1969 de earste wittenskipper dy’t in serieus ûndersyk die nei de posysje fan it Frysk. De útkomsten fan dat ûndersyk publisearre er yn it boek De Friezen en hun taal (1969). Syn oare grutte publikaasje op taalsosjologysk mêd, Taalsociologie (1976), waard ferplichte literatuer foar studinten fan de learareoplieding Frysk.

Romans
De earste romans dy’t fan Lieuwe Pietersen ferskynden, wiene yn it Hollânsk: Femke B. (1984) en Draaiers mythe (1991). Dêrnei stapte Pietersen oer op it Frysk. Syn Frysk debút De fal ferskynde yn 1996, it waard útbrocht troch de KFFB yn ’e mande mei de Friese Pers Boekerij. Dêrnei kaam der om de twa jier in nije roman fan syn hân út by de KFFB. Syn roman It fergryp waard yn 1998 bekroand mei in priis yn de romanpriisfraach fan de KFFB.
Pietersen syn boeken spylje foar it meastepart yn Ljouwert. In elemint dat yn al syn boeken weromkomt, is dat de haadpersoanen op in beskaat momint yn har libben op syk geane nei eat dat der yn har ferline bard is. It slagge Pietersen yn syn lettere boeken better om de spanning op te bouwen dy’t it út ‘e tiis heljen fan de mystearjes mei har meibringe. De lêzers wiene en binne oer it generaal posityf oer de boeken fan Pietersen. Dat yn tsjinstelling ta de kritisy, dy’t fan oardiel wiene dat er de driuw fan de haadpersoanen wat te oerflakkich útwurke.

Wurk

Proaza
1984: Femke B.
1991: Draaiers mythe
1996: De fal - in syktocht
1998: It fergryp
2000: De lêste dûns
2002: Eva Godthelp
2004: De flam
2005: It testamint
2006: De frou yn it swart
2008: It griene hûs
2010: It Genoatskip
2012: De ûntfiering

Ferskaat
1956: Friesland in en rond het perk : enige sociale en sportieve aspecten van het Friese kaatsspel
1958: Skûtsjesilen
1962: Sociologie van de sport : afspiegeling en reactie
1963: Redens, riders en riderijen
1963: Bûnte liuwen omnibus
1969: De Friezen en hun taal : een onderzoek naar de lees- en spreekgewoonten in Friesland en naar de houding ten aanzien van het Fries
1974: De toekomstige leerkrachten en het Fries : een onderzoek op de pedagogische academies en opleidingsscholen voor kleuterleidsters in Friesland
1976: Taalsociologie : minderheden, tweetaligheid, taalachterstand.

Mear oer it wurk fan Pietersen
Sietse de Vries, fraachpetear LC 12-03-2004
Sietse de Vries, LC 19-12-2014


© Tresoar, 14-2-2007 / bywurke 25-03-2015