Berne: 06-05-1944, Noordwijk(ZH)

Libben en wurk

Riemkje Pitstra is berne op 6 maaie 1944 te Noardwyk (Súd-Hollân). Se groeide op yn Surhústerfean, nei de middelbere skoalle folge se de ûnderwizersoplieding oan de roomske kweekskoalle te Stienwyk. Neidat se har diploma helle hie krige se in beneaming oan in twatalige skoalle te Sint Nyk. Se hat tsien jier oan dy skoalle stien, de lêste jierren hold se har benammen dwaande mei it begelieden fan bern dy’t ekstra omtinken nedich hiene.


Yn dy tiid wie in twatalige skoalle wat nijs, sadwaande wie der ek noch net in soad lesmateriaal. Dat wie foar Riemkje Pitstra in reden om sels lesmateriaal te skriuwen.
Nei de skoalle yn St. Nyk kaam se te wurkjen by de ûnderwiisbegeliedingstsjinst yn de súdwesthoeke fan Fryslân. Njonken har baan folge se in kursus pedagogyk yn Grins, dy’t se ôfsleat mei de spesjalisaasje ortopedagogyk. Dêrnei begûn se mei de stúdzje Frysk, yn 1988 slagge se foar de twadde-graads akte. Se hat tolve jier by de ûnderwiisbegeliedingstsjinst wurke, doe fûn se it tiid foar wat oars. Se kaam te wurkjen by it GCO (Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding yn Fryslân, no Cedin) te Ljouwert, mei as wurkterrein de hiele provinsje. Tegearre mei in kollega wurke se oan it projekt Frysk yn it ‘spesjaal’ fuortset ûnderwiis.   

Skriuwster
Foardat Riemkje Pitstra as skriuwster fan berneboeken bekend waard, makke se al jierren teksten foar de Fryske skoalleradio en letter ek foar de televyzje. Se skreau ûnder oaren ferhaaltsjes foar ‘Marten de Mûs’, in televyzjesearje foar lytse bern. Yn it skoaljier 1979-1980 wie ‘Marten de Mûs’ foar it earst op de Fryske skoalleradio yn in aventoer fan ‘Iebele, it ierdmantsje’. Marten de Mûs hie earst in byroltsje, mar omdat it sa’n aardich mûske wie, krige hy yn ’84-’85 de haadrol yn syn eigen aventoeren.
Yn ’e mande mei Anny de Jong, Jan Schotanus en Janny Vledder-van der Knoop wurke Riemkje Pitstra oan de ‘Op reis-rige’, in nije Fryske lêssearje. Twa titels út de fiifdielige rige binne fan de hân fan Pitstra: In liuw yn ’e trein (1987) en De binde fan wite Harm (1987), mei In liuw yn ’e trein, debutearre Riemkje Pitstra yn boekfoarm.
Har folgjende boekje wie Poef de boef (1992), bedoeld foar begjinnende lêzers en foar bern dy’t muoite hawwe mei lêzen. It ferhaaltsje is skreaun yn koarte sinnen en mei wurden dy’t faak út net mear as ien wurdlid besteane. It ferfolch Poef wol in jas, ferskynde yn 1994.
It skriuwen fan it Aksjeboek foar bern yn 1995, Grutte Giele & Lytse Loer (Berneboekegeskink nû. 9, mei papierkollaazjes fan Marianne van Tuinen), wie ien fan de moaiste opdrachten dy’t  Riemkje Hoogland krige. Sok wurk foar bern is foar har in útstapke nei in wrâld dêr’t se de realiteit fan it deistich bestean yn ferjitte kin.
De ferhalen dy’t bondele binne yn De Bisteboat, wiene earder útstjoerd foar de Fryske skoalleradio en –televyzje. Riemkje Pitstra hat de ferhaaltsjes foar it boek bewurke en Tryntsje Bottema makke de yllustraasjes derby. De bisten fungearje, lykas yn de âlde fabels as spegel foar de minskewrâld, al bliuwe se harsels. De lytse avontoerkes binne foar bern werkenber útbylde.
De rige Mentha Minnemaboeken, detektives foar bern, binne it resultaat fan gearwurking mei Anny de Jong en Jan Schotanus. Riemkje Pitstra naam Mentha Minnema en it keldermystearje (1991) en Mentha Minnema en it wettermystearje (1997) foar har rekken. Mei syn trijen hawwe se Gefaarlik spul foar Mentha Minnema (1997) skreaun, meiïnoar binne der acht titels yn de rige ferskynd.Yn 1997 kaam by Kok Educatief fan de hân fan Riemkje Pitstra in Hollânsktalich diel út mei de titel Mentha Minnema en het fuikenmysterie.
Riemkje Pitstra hat ek meiwurke oan boeken bedoeld as lesmateriaal foar it fuortset ûnderwiis, sa as û.o. de Fryske taalrotonde.
Jord wint in priis, in aventoereboek foar bern fan acht jier en âlder, ferskynde yn 1998. De Fryske útjefte wie in oersetting fan it in jier earder útkame, oarspronklik yn it Hollâns skreaune boek, Jord wint een prijs. Julius Ros makke de tekeningen foar it boek. Yn 2004 ferskynde by de Afûk in rige tema-útjeften foar pjutten mei teksten fan Riemkje Pitstra, de boekjes hawwe ûnderwerpen dy’t ticht by de libbenswrâld fan lytse bern steane, sa as: klean, yn en om hûs, myn lichem, maitiid, desimber, en hjerst.

Tomke
It Tomke-projekt, in Frysk lêsbefoarderingsprojekt foar de jongste bern, is begûn yn 1996. It is ûnstien omdat der ferlet wie fan lesmateriaal yn it Frysk foar pjutten. Pjutteboartersplakken, de Afûk en Omrop Fryslân, wurkje gear yn it projekt dat as doel hat om âlden en pjutten te stimulearjen om te lêzen. Alle jierren ferskynt der in boekje plus in cd, mei ferhaaltsjes, ferskes, taalspultsjes en rymkes, dat ferspraat wurdt ûnder alle pjutteboartersplakken yn Fryslân. Riemkje Pitstra en Auck Peanstra soargje tegearre foar de teksten fan de ferhaaltsjes yn de boekjes en op de byhearrende cd, dy’t om in beskaat tema hinne skreaun wurde. Omrop Fryslân stjoert de bewurke ferhaaltsjes út. 

Wurk

Berneboeken
1987: In liuw yn ’e trein
1987: De binde fan wite Harm
1989: Wiger en Maaike : ferhaaltsjes mei flanelplaten foar pjutteboartersplakken
1990: Dêr is Marten…
1991: Mentha Minnema en it keldermystearje
1992: Poef de boef
1994: Poef wol in jas
1995: De fersierde krystbeam (meiwurke oan)
1995: Grutte Giele & Lytse Loer (Hollânske oersetting yn 1995: Gele Gijs en Lange Loeres)
1995: Mentha Minnema en it keldermysterie (oersetting)
1996: De bisteboat
1997: Gefaarlik spul foar Mentha Minnema (mei Anny de Jong en Jan Schotanus)
1997: Mentha Minnema en it wettermystearje
1997: Mentha Minnema en het fuikenmysterie (oersetting: Mentha Minnema en it wettermystearje)
1998: Jord wint in priis (oersetting fan: Jord wint een prijs - 1997)
1999: Ikke
2000: Tomke, Romke en de Boekebear op ûntdekkingsreis
2001: Tomke Romke en harren nije freondinne Kornelia de kangoeroe
2001: Poef en de wyn
2002: Tomke, Romke en Kornelia achter it muzyk oan!
2003: Tomke, Romke en Kornelia skilderje mei kleur
2003: Tomke : winterboek
2003: Tomke : in pot fol ferhalen
2004: Tomke, Romke en Kornelia nei de dokter
2005: Kikkerts fange mei Tomke
2006: Kom yn myn hûske (Tomke-boekje 2006)
2006: Tomke yn ’e bistetún (Lês- en lústerboek)
2007: Gefaarlik spul foar Mentha Minnema: audioboek, foarlêzen troch Jan Schotanus (mei Anny de Jong en Jan Schotanus)
2008: Mentha Minnema en it keldermysterie: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer
2008: Mentha Minnema en it wettermystearje: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer
2008: Tomke nei skoalle
2008: Tomke jierboek (mei Auck Peanstra, ferskes: Geartsje Douma)
2008: Tomke en Romke : earst dit... dan dat (mei Auck Peanstra, ferskes: Geartsje Douma)
2009: Tomke fakânsjeboek (mei Auck Peanstra e.o.)
2009: Dêr is Marten wer
2010: Tomke en Romke yn it ferkear (mei Auck Peanstra)
2010: Tomke, boartsje yn 't bad
2010: Tomke ferkearsboek (mei Auck Peanstra)
2011: Tomke foarlêsferhaaltsjes (mei Auck Peanstra)
2012: Tomke - dikke tút foar Romke
2015: Tomke útfanhûs (Yll. Luuk Klazenga)

Tresoar © 07-01-2009