Berne: 06-09-1930, Hoogkarspel

Libben en wurk

Durk van der Ploeg is berne yn Hoogkarspel, Noard-Hollân, dêr't syn âlden hinnegien wiene fanwegen de krisis. Doe't er trije jier wie giene se werom nei Fryslân en fêstigen har yn Ealsum krekt boppe Dokkum. Dêr is er opgroeid, yn de kontrei dy't yn syn literêr wurk letter sa'n wichtich plak ynnimme soe.


Van der Ploeg folge in oplieding ta typograaf en wurke by ferskillende printerijen en kranten. Hy begûn by Schaafsma en Brouwer yn Dokkum en kaam letter yn Ljouwert by it Friesch Dagblad. Yn febrewaris 1964 stapte er oer nei it selsstannige frysktalige wykblêd Frysk en Frij om dêr as einredakteur en opmakker foar te wurkjen. Yn oktober 1966 hâlde Frysk en Frij der mei op troch tekoart oan abonnees. Fakman Van der Ploeg makke in soepele oerstap nei de Leeuwarder Courant. Dêr wurke er oant syn vut-pinsjonnearring yn 1990 as opmakredakteur.

Yn de jierren sechtich wie Van der Ploeg warber as redakteur foar ferskillende tydskriften. Nêst syn einredakteurskip fan Frysk en Frij makke er diel út fan de redaksje fan it literêre tydskrift De Tsjerne. Fierder wie er as redakteur ferbûn oan it periodyk fan it Kristlik Frysk Selskip De Stim fan Fryslân. Van der Ploeg wie fan 1984 oant 1990 foarsitter fan it Skriuwersboun en dêrnjonken gâns in skoft karmaster fan de Kristlik Fryske Folksbiblioteek. Fierders hat er him ynset op tsjerklik en kultureel mêd yn de plakken dêr't er wenne. Dat allegearre jout de yndruk fan in man mei in drok maatskiplik libben, oars as it byld dat Van der Ploeg fan himsels joech yn in fraachpetear mei Jan Jongsma (Actief, 25 maart 1994), dêr't er yn sei: 'Eins bin 'k in ienselvich wêzen: de skriuwer dy't mei himsels praat.'

Poëzij
Van der Ploeg debutearre yn 1955 mei gedichten yn it Nederlânsk, yn it blêd Ontmoeting. Syn earste Fryske fersen stiene in jier letter yn De Tsjerne. Hy debutearre yn boekfoarm yn 1959 mei de bondel Lok op eachlingte. Yn syn earste poëzy sluet Van der Ploeg kwa tematyk, 'dea, leafde, skuld, boete en religy' wol oan by dichters as Freark Dam, Anne Wadman en Marten Sikkema, mar syn foarm wie fuortendaliks dy fan it frije fers. Modern wie Van der Ploeg mei it brûken fan frjemde wurden, benammen út natuerwittenskippen, in elemint dêr't ynfloed fan de troch him bewûndere dichter Gerrit Achterberg oan ôf te lêzen wie. Fan 1959 oant 1979 ferskynde der om de pear jier in bondel mei fersen fan syn hân. De hollânsktalige bondel De opstanding. Een gedicht wie foarearst de lêste. Yn de fersen yn dy lêste bondel, wijd oan it ferstjerren fan syn mem, rane ferskillende motiven út it wurk van Van der Ploeg gear ta ien gehiel. Eleminten lykas it terpelânskip, de preökkupaasje mei dea en ûntbining, de mem as begjin fan it libben en dejinge dy't har religieus belibjen trochjout oan har bern. Troch har earlikheid en gefoelichheid wurde de fersen yn dizze bondel ta de moaiste rekkene dy't Van der Ploeg skreaun hat.

Nei 1979 lei er him mear út op it skriuwen fan romans en ferhalen. Yn de rige 'Friesland in prent, poëzie en proza' fersoarge er noch wol mei de keunstneres Beppie Gielkens de útjefte fan de bydrage Dantumadiel (1995) dêr't ien lang gedicht fan sines yn stiet. Earst yn 2003 kaam der wer in poëzijbondel, Troch kadastrale fjilden. De fersen yn de bondel hawwe it lân boppe Dokkum as dekor. Oan de iene kant de see en oan de oare kant de 'kadastrale fjilden', dêr't de minsken wenje mei wa't de dichter him sa sterk ferbûn fielt. Abe de Vries priizge yn syn besprek fan de bondel (Farsk-2003) 'de opbou, it monumintale karakter, de sintrale metafoar fan [it lot fan] de lânmjitter foar in stik Frysk sosjaal en kultureel ferline'. En oer it taalgebrûk fan Van der Ploeg seit er 'boppedat is syn taalbehearsking grut, hy wit in protte registers fan it Fryske taaloargel te bespyljen'. In punt fan krityk is dat de proazaskriuwer Van der Ploeg de dichter wolris wat yn 'e wei sit, hy is bytiden tefolle ferteller en te min dichter.

Fiksjoneel proaza
Van der Ploeg syn earste koarte ferhalen stiene yn it Friesch Dagblad ein fjirtiger jierren, fan midden fyftich ôf yn De Tsjerne . Syn proazadebút yn boekfoarm, de roman In man en in minske, ferskynde yn 1968. It is it tryste en makabere ferhaal fan de gefoelige earmoedlijer Jan Monsma dy't troch syn fûle frou sa op 'e hûd sitten wurdt dat er gjin oare útwei sjocht as har te deadzjen. It boek waard ambivalint ûntfongen: de karakters goed delset, it idioom ryk, mar it ferhaal te breed útspûn en de setting 'naturalistysk' en dêrmei passee.
Yn de jierren dêrnei liet Van der Ploeg him as in produktyf skriuwer kenne; oant mids jierren tachtich ferskynden noch fjouwer Frysktalige en ien Nederlânsktalige roman. De lêste, Een vers graf, ferskynde yn 1974 by De Bezige Bij en giet ek wer oer in gefoelige man, Ay, dy't op himsels libbet en dy't obsedearre wurdt troch dea en fergean, kweld troch pynlike jeugdoantinkens.

Syn sânde roman, De jacht út 1988, markearret de trochbraak nei in gruttere lêzersrûnte. Nei syn pinsjonearring yn 1990 ûntjoech er him ta de skriuwer mei de heechste produktiviteit yn de Frysk-literêre wrâld. Fan de novelle Bertegrûn yn 1993 ôf kamen der hast alle jierren ien of sels mear titels by.
Hy koe dy hege produktiviteit berikke troch himsels de dissipline op te lizzen om der alle dagen acht oeren foar sitten te gean en skriuw. Foar himsels leit der ek in útdaging yn it hieltyd wer mei wat nijs te kommen: in oare struktuer, in oar fertelperspektyf en nije ferhalen mei oare personaazjes. De romans binne foar in part basearre op manuskripten dêr't er al earder mei dwaande west hie, en dêr't er folle letter pas definityf in foarm oan joech.

Oar proazawurk
De list fan Van der Ploeg syn publikaasjes yn tydskriften is lang. Yn 1997 wûn er mei syn essay 'Fryske literatuer yn swier waar' de essaywedstriid fan de Provinsje Fryslân, útskreaun nei oanlieding fan de Provinsjale Letterenota 1997-2000. It essay is in pleit foar in besiele skriuwerskip, desnoads realisearre by wize fan sprekken yn finzenskip, op wetter en brea. Van der Ploeg hat net folle fidúsje yn maatregels dy't it saneamde literêre klimaat befoarderje. It essay is ien grutte wrakseling mei de smite strukturele beheiningen fan in literatuer yn in minderheidstaal. 'Ik bin der wis fan dat myn redenaasjes hjir en dêr sa ynkonsekwint binne as de pest, deagewoan om't ik oan de iene kant in ideaal neistribje en oan de oare kant safolle romtlike beheining en wjerstân ynkalkulearje moat dy't in brede ûntjouwing [fan de Fryske literatuer] yn de wei steane.' Doeke Sijens neamde it stik yn Trotwaer (jg. 1998, s. 1) in jeremiade dêr't jongere skriuwers as hy neat mei koene.

Oan it boek mei lietteksten fan Fedde Schurer Ik bin jim sjonger (1998) levere Van der Ploeg meardere bydragen: it essay 'Fedde Schurer, dichter en dieder', en tegearre mei Hans Algra it haadstik 'Komponisten oer it toansetten fan Schurer syn wurk'.

Van der Ploeg skreau fan 1971 oant ein 1997 geregeld literêre resinsinsjes foar de Ljouwerter Krante, sawol oer Fryske literatuer as oer wurk út oare talen. Hy stie bekend as kritysk. Doe't er by gelegenheid fan syn sechstichste jierdei yn in fraachpetear mei Douwe Kootstra tajoech dat hy as skriuwer noch altyd bang wie foar syn kritisy, murk de ferslachjouwer fan de LC op: 'Ien ding hat Van der Ploeg foar: hy hoecht net bang te wêzen dat er oanpakt wurdt troch de meast krityske resinsint fan dit stuit, want dat is er sels.' (LC 24-09-1990.)

Tema's en resepsje
Van der Ploeg syn haadfigueren binne faak gefoelige minsken, dy't it libben amper of net oankinne. Se lije oan it libben en ek ûnder wat oare minsken har oandogge. Se sykje it lok en it libben, de frijheid en de ferfolling, mar gauris wurde se de wei fan de ferstjerring en it fergean opdreaun, omdat se de lêst fan har libben - fan de pine, it trauma, de eangst, de skuld - net drage kinne. It binne faak ienlingen, manlju almeast, dy't libje oan de râne fan de maatskippij. Fan it ferskinen fan De jacht ôf komt der mear dramatysk konflikt yn Van der Ploeg syn boeken en wurdt de sosjale en histoaryske kontekst breder ferbylde. Der komt mear fariaasje yn syn haadfigueren en se wurde sterker, mar it bliuwe tragyske helden. Jabik Veenbaas stelt dat Van der Ploeg in meinimmend ferteller is mar mear noch as in skriuwer fan psychologyske romans sjoen wure moat, omdat er op in yntinse en byldrike wize allerhanne fasetten fan syn karakters sjen lit.

De respesje fan Van der Ploeg syn romans en novelles is wakker ûngelyk, benammen by it eardere wurk. Romans út de begjinperioade mei in wat lichtere toan en mei humoristyske en satiryske eleminten, lykas De Snoekebek, De Amerikaen en De dei lûkt nei de jûn lykje wat mear optocht te wêzen en dêrtroch faaks minder oannimlik. Wannear't mei De jacht it fertellende en dramatyske karakter fan it wurk grutter wurdt nimt de wurdearring ta. Itselde jildt foar de byldzjende skildering fan de histoaryske kontekst en it rike taalgebrûk fan de auteur, al binne der ek lûden dy't miene dat er te folle yn detail treedt en gauris syn plot net goed ôfbreidet.
Van der Ploeg is fierder in master yn it oproppen fan de sfear fan it ienlik lânskip, dêr't de bewenners in bestean beskreppe, faak yn drege omstannichheden. Gjin niget dat de winter yn in moai tal fan syn romans as seizoen fan spyljen brûkt wurdt.

Twa novelles wurde oer it generaal heech wurdearre: De winter komt en Bertegrûn. De earste is in kompakt ferhaal fan in man dy't alle war docht om de ûngelokkige dea fan syn frou, dêr't hy allinne yndirekt skuldich oan is, foar oare minsken ferburgen te hâlden. Bertegrûn is in bysûndere novelle omdat it hiele ferhaal yn de do-foarm skreaun is. De haadpersoan, in man fan trijeëntritich, siket om hâldfêst yn syn libben mar dat slagget him hyltyd minder. Troch de do-foarm wurdt de lêzer op in twingende wize meisleept yn de gedachtewrâld fan de man.

Yn de saneamde Dongeradielesyklus dy't bestiet út De Jacht, It wrede foarjier, Reis nei de Kalkman en It lekken oer de spegel is de Twadde Wrâldoarloch en de ferwurking dêrfan it sintrale tema. Opmerklik is dat yn de 'Kalkman' de haadpersoan in Dútser is dy't yn de oarloch yn Nes(D) legere wie. De boeken spylje allegear yn de Dongeradielen. Van der Ploeg yn de LC (10-3-1995): 'Ik wie njoggen doe't de oarloch útbriek. Omdat dy oarloch myn karakter en mentaliteit fiif jier ûngeunstich beynfloede hat, is der foar my winliken nea wer in ein oan kommen. Libje mei dy oarloch waard frijwol ûnbewust in wichtich ûnderdiel fan myn opfieding'.

Skepsels fan God , It wurk fan 'e duvel, Foarby it Boarkumer fjoer en De Iishilligen binne brede en byldzjend fertelde romans op basis fan histoaryske gegevens, spyljend yn de Dongeradielen en de noardlike Wâlden. Foarby it Boarkumer fjoer fertelt it ferhaal fan de ûndergong fan de fiskersfloat fan Peasens-Moddergat yn 1883 en tagelyk de tragyske ambitie fan haadfiguer Botte Vaderloos om yn de fiskerij in bestean op te bouwen. Dit boek is Van der Ploeg syn bêst ferkochte roman (5 printingen, ca. 5.000 eks., omrekkene nei oantallen yn Nederlânske ferhâldingen soe dat delkomme op 250.000 eks.).

It himelsk oerwurk is in 'vie romancée' en folget wiidweidich it libben van amateurastronoom en kikerbouwer Arjen Roelofs om 1800 hinne.

Yn In beferzen mar, dat spilet by de Lauwersmar yn de tiid fan no, komme wy wer de bûtensteander tsjin, dy't mei syn ferline konfrontearre wurdt as syn acht jier jongere broer ynienen opdûkt en witte wol wêrom't er as lytse poppe troch syn heit weijûn is oan in pleechgesin.

De meast resinte grutte roman, De kjeld fan it noarden, fertelt de wederwaardichheden fan de sechtsjinjierrige Amelanner jonge Alwin, dy't oanmeunsteret op de walfiskfarder Harlingen dy't yn 1826 nei Grienlân ôfset en dêr fêst komt te sitten yn it iis. De bemanning ûndernimt yn lytse sloepen de barre weromreis. De figuer fan Alwin is fiktyf, it ferhaal sels histoarysk.

Foar mear ynformaasje oer it wurk, sjoch hjirûnder de list mei publisearre titels en de links nei boekeprofilen.

List fan bekendste wurk

Poëzy
1959: Lok op eachlingte
1964: It Libertynsk gehucht
1967: Hwerom is de himel swart
1973: Deaden skrieme net
1975: Tremor Terrae (in twatalige, Nederlânsk-Fryske bondel)
1979: De opstanding. Een gedicht (Nederlânsk)
2003: Troch kadastrale fjilden

Proaza
1968: In man en in minske
1972: De snoekebek
1974: Een vers graf (Nederlânsk)
1976: It libbet mar amper
1977: De Amerikaen
1984: De dei lûkt nei de jûn
1988: De Jacht (2e pr. 1996, 3de pr. 2014)
1994: It wrede foarjier (3e pr. 2004[Merkel-rige])
1995: It lekken oer de spegel
1995: Reis nei de Kalkman
1996: In bit yn 't iis
1998: Skepsels fan God
2000: It wurk fan 'e duvel (2e pr. 2006)
2002: Foarby it Boarkumer fjoer (2e, 3e pr. 2003; 4e pr. 2004; 5e pr. 2008)
2004: Sykjend nei it lêste hûs
2005: De Iishilligen (2e pr. 2005)
2006: De hûnsdagen
2007: It himelsk oerwurk
2009: In beferzen mar
2010: De kjeld fan it noarden
2011: De oarloch fan Durk van der Ploeg (Werútjefte fan It wrede foarjier , Reis nei de Kalkman en It lekken oer de spegel yn ien bân)
2012: De Belvedêre
2015: Oer Atlantyske djipten
2016: De lêste floed

Novellen
1984: De winter komt
1993: Bertegrûn
2003: De sniewinter (Boekewikegeskink)

Ferhalebondels
1996: Gjin plak op ierde
2001: Under de seespegel

Prizen
Rely Jorritsmapriis
1957: Apel en hout  (fers)
1958: Ut it hûs fan de sliep (fers)
1960: Profeet (fers)
1962: Prolooch fan de iensumheid (*ferhaal)
1965: It Paradys (ferhaal)
1967: It ôfskie (*ferhaal)
1968: Wy helje de ein wol (fers)
1969: In plak om to stjerren (*ferhaal)
1969: Utfanhûs (fers)
1970: Doe't ik njoggen wie (fers)
1971: In dierber bern (*ferhaal)
1971: De buorren by nacht (fers)
1972: Jouns (fers)
1973: Foto (fers)
1976: De soan (ferhaal)
1976: It keammerke (fers)
1977: De dea komt ús oer 't mad (ferhaal)
1977: Mei frede litte (fers)
1984: Dowen (*ferhaal)
1986: Foarfloed (fers)
1987: Kâlde dagen (ferhaal)
(* ferhaal opnommen yn de bondel Gjin plak op ierde )

1997: Provinsjale Essaypriis foar it essay ' Fryske literatuer yn swier waar' yn It obstakel fan 'e ferbylding

2011: Gysbert Japicxpriis foar al syn proazawurk


Mear ynformaasje
Fraachpetear mei Gerbrich van der Meer, FD 16-09-2000
Fraachpetear mei Gerbrich van der Meer, FD 04-09-2010
Fraachpetear mei Sietse de Vries, LC 03-09-2010
Friese literatuursite fan Jelle van der Meulen.
Dick Eisma, 'De resepsje fan Durk van der Ploeg syn Fryske romans en novellen', yn Dreame fan in oare wrâld. Jierdeiútjefte foar Durk van der Ploeg, einred. Jelma Knol, Friese Pers Boekerij Ljouwert 2005. De bondel befettet fierder bydragen fan in grut ferskaat oan auteurs en in oersjoch fan de wichtichste eardere besprekken.
Jabik Veenbaas, 'Durk van der Ploeg, of de fitaliteit fan de psychologyske roman', yn De lêzer is in duvel, Bornmeer, Ljouwert 2003.

© Tresoar, 14-02-2007 / bywurke 11-10-2011