Berne: 02-06-1883, Makkum
Ferstoarn: 21-09-1948, Drylts

Libben en wurk

Bokke Reinder Pollema groeide op op de âlderlike pleats yn de omkriten fan Snits. Nei de middelbere skoalle gie er as studint nei it westen fan it lân, hy studearre ûnder oaren in skoftsje yn Delft. Dy stúdzje makke er net ôf. Hy kaam werom nei Fryslân en sette him nei wenjen yn Huzum by Ljouwert.

De kost fertsjinne er as sjoernalist, it measte skreau er foar de krante fan Hepkema op It Hearrenfean. Pollema wie in iensume man dy’t gjin frou oan him wist te binen en it nearne rjocht fine koe. Hy hat nei Huzum noch yn Amsterdam en Snits taholden, de lêste jierren fan syn libben wenne er yn Drylts. Dêr waard syn lichem op 21 septimber 1948 fûn yn de Geau, hoe oft er te wetter rekke is, is nea rjocht dúdlik wurden.

Pollema is al op jonge leeftyd mei skriuwen begûn, yn 1905 debutearre er yn Sljucht en Rjucht mei it fers ‘It ierdske slyk’, hy wie doe trijentweintich. Der binne sa’n hûndert fersen fan him bekend dy’t er skreau yn de perioade 1905-1931. Hy publisearre yn ferskillende tydskriften lykas Forjit my net, Nieuwsblad van Friesland en Sljucht en Rjucht. Hy ûndertekene syn fersen oant healwei 1915 mei ‘Bokke Simens’, dêrnei brûkte er meastentiids de skûlnamme ‘Hylke Sjonger’.
Yn datselde jier 1915 wie Pollema ien fan de minsken dy’t mei Douwe Kalma de ‘Jongfryske Mienskip’ oprjochten. Nei alle gedachten hat er in skoftlang yn dy rûnten de erkenning en kontakten krigen dy’t er socht. Doe’t er in tal jierren letter nei Amsterdam ferhuze, waarden dy kontakten minder en distansearre Pollema him sels fan de Mienskip rûnten. Syn meast produktive perioade as dichter belibbe er yn de jierren 1915-1917, tusken 1917 en 1931 hat er noch in tweintichtal fersen publisearre. Hy begûn him mear ta te lizzen op it skriuwen fan proaza yn de foarm fan koarte ferhalen.
Mei it ferhaal ‘Gerkje’ (1923) debutearre Pollema as proazaskriuwer yn It Heitelân, it ferskynde yn 6 ôfleveringen. Noch datselde jier kaam it ferfolch ûnder de titel ‘Tine’ yn 11 ôfleveringen. Oant 1933 pleatste It Heitelân alle jierren in ferhaal fan syn hân, op ‘It draeimounlefamke’ nei, dat ferskynde yn Frisia (1929). Op twa nei stiene al syn ferhalen yn It Heitelân; ‘Sidene Sytske’ publisearre er yn de sammelbondel Fryske sketsen en ‘In grut man’ stie yn syn mânske bondel Lok en Lijen dy’t yn 1935 útkaam, lykas ‘It draeimounlefamke’ dat yn it boek de titel ‘Tsjamke’ krigen hat.
Guon fan de ferhalen yn de bondel, ûnder oaren ‘In grut man’, hawwe de lingte fan in novelle, se beslane sa’n fyftich oant mear as hûndert siden. De bondel ferskynde yn 2002 opnij yn de rige Fryske klassiken. Trinus Riemersma skreau in neiwurd ûnder de titel ‘Oer skriuwer, boek en útjeften’ (s.405-426). Dêryn skriuwt er dat Pollema foar syn proaza mear wurdearring krigen hat as foar syn gedichten. Jan Piebenga skreau yn syn De Fryske Skriftekennisse: ‘In grut dichter wie er net; oan syn taal en benammen oan de foarm mankearre gâns’.
Yn syn besprek fan de werútjefte fan Lok en Lijen, skriuwt Jabik Veenbaas dat it kearntema yn it wurk fan Pollema neoromantysk neamd wurde kin (Leeuwarder Courant, 24-12-2002): ‘Pollema syn figueren fiele faak ûnfrede mei de aldendeiske sleur en longerje nei it folle, wielderige libben. Mar as se út de sleur brekke wolle, pakt soks nochal ris  min út. (...) Pollema is in skriuwer dy’t efter de skyn fan it deistich boargerbestean in djipminsklike tragyk bleat leit. Syn sympaty leit by de underdog, dy’t fergees oan syn lot besiket te ûntkommen. Mar hy ûntmaskeret ek graach pommeranten, pylders fan de maatskippij, dy’t it allegear sa bêst witte.’  
Ynhâldlik wurde de ferhalen yn Lok en Lijen troch de ferskate besprekkers goed ûntfongen, J. van der Tol skreau yn Slucht en Rjucht (1935, s 782): ‘Dizze samling is in grutte oanwinst foar de Fryske Bibleteek, in pronkje yn de Fryske lettertún’.
Dreger hiene guon resensinten it mei de seedlike moraal sa as dy yn de ferhalen fan Pollema nei foaren kaam. Neffens de besprekkers soe de beskriuwing fan seksuele aktiviteiten yn de ferhalen fan Pollema ‘in forwoastende wirking’ (E.B. Folkertsma) op de Friezen hawwe.   

Wurk

Proaza
1935: Lok en Lijen (sammelbondel)
2002: Lok en Lijen (werútjefte yn rige Fryske Klassiken, mei neiwurd fan Trinus Riemersma)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

©Tresoar, 04-03-2008