Berne: 1-11-1975, Burgum

Libben en wurk

Anne Tjerk Popkema komt fan Burgum. Hy folge it Christelijk Gymnasium (no Beyers Naudé) yn Ljouwert en ferfear yn 1994 nei Grins om dêr te studearjen.

Nei ferskate omswervings kaam Popkema yn 1998 by de stúdzje Frysk fan 'e RuG telâne. Hy wie ek wakker aktyf by FFJ Bernlef.

Fan 1998-2002 studearre er Fryske taal- en letterkunde, mei as spesjalisaasje midsieusk Frysk. Syn einskripsje Aldfryske wei-oantsjuttings waard yn 2003 bekroand mei de skripsjepriis fan de Fryske Akademy. Dêrmei begûnen syn wurksumheden op it mêd fan de frisistyk. Fan 2002-2004 wurke er by de Fryske Akademy oan in útjefte fan it earste printe boek yn it Frysk, de saneamde Alde Druk út ca. 1485. De tekst dêrfan is te finen op de website fan Tresoar.

Yn 2004 gie er nei it Dútske Kiel om dêr it Altfriesisches Handwörterbuch fan Dietrich Hofmann, dat troch dy syn dea yn 1998 mar oant de S reekaam wie, dien te skriuwen; yn 2008 waard it wurdboek útjûn..

Yn dy snuorje kaam er werom yn Grins en sette er útein mei Taalburo Popkema foar wurk as as oersetter, dosint en taalûndersiker. Oant augustus 2012 wie er ek dosint oan de stúdzje Frysk yn Grins. Popkema docht noch wol ûndersykswurk, hy jout wittenskiplike boeken út en fersoarget Fryske les oan folwoeksenen, û.o. foar de NHL. Syn haadwurk is lykwols oersetten. Yn 2009 ferskynde by Elikser syn earste grutte literêre oersetting, De Hobbit fan J.R.R. Tolkien.


Wichtichste wurk

Oersettingen
2004: Walther Benjamin, Ik pak myn bibleteek út [yn de 'Lytse rige']
2007: Elias Canetti, De harksizzer [yn de 'Lytse rige']
2009: J.R.R. Tolkien, De Hobbit
2012: Fryske útjefte fan in nûmer fan stripblêd Donald Duck
2012: Mearkes fan Grimm. Oersetting en bewurking fan 50 mearkes.
2013: Atte Jongstra, Djipte!
2013: Erik Betten, De Fries - op syk nei de Fryske identiteit
2015: Johan Fabricius, De skipsjonges fan Bontekoe

Prizen
2012: Obe Postmapriis foar De Hobbit [priis gau foar de jierren 2008 o/m 2010]

Mear oer de auteur
Hedwig Terpstra, Ensafh. 28-09-2012

© Tresoar, 17-9-2012