Berne: 30-10-1790, Ternaard
Ferstoarn: 28-9-1859, Waaksens (D)

Libben en wurk

Rinse Posthumus waard op 30 oktober 1790 te Ternaard berne as soan fan in bouboer, yn in boeremiljeu dêr’t algemiene ûntwikkeling en kennis belangryk achte waard.

Syn heit, dy’t boer en frederjochter wie, woe graach dat Rinse him opfolgje soe op de pleats, mar it die al gau bliken dat der gjin boer yn de jonge Rinse huze. Hy gie as studint nei Grins, nei in jier genêskunde gyng er oer nei de stúdzje teology dêr’t er fjouwer jier letter yn ôfstudearre. Yn 1813 gie er werom nei syn bertestreek, hy kaam as helppreker te stean yn Waaksens. Doe’t de pleatslike predikant der nei sechtich jier mei ophold, folge Posthumus him op as dûmny foar Waaksens en Brantgum. Ek Posthumus soe it dêr lang úthâlde, it bleau syn earste en iennige gemeente. Op 28 septimber 1858 kaam er yn Waaksens te ferstjerren.
Posthumus wie in hurde wurker, dy’t alteast uterlik net beantwurde oan it tradisjonele byld fan de doetydske dûmny. Hy hie in rûch bosk swart hie en wegere de wenstige dûmnysdracht te dragen. De minne situaasje dêr’t in soad fan syn gemeenteleden yn libben wie er mei begien, hy koe gjin leed sjen en besocht te helpen dêr’t er koe. Alhoewol’t er altyd yn syn bertestreek wenjen bleaun is, wie er wol op ’e hichte fan wat der him yn de wrâld en op it tsjerklik mêd ôfspile. Rinse Posthumus hat in soad skreaun en publisearre oer útienrinnende ûnderwerpen. Hy publisearre oer praktyske saken lykas it omgean mei it tsjerkebesit en oer it tsjerkebestjoer, mar ek oer de ferhâlding tusken tsjerke en skoalle. Hy ferdjippe him yn filantropy en yn it kristendom en skreau oer bekende figueren as Blaise Pascal,  J.G. Seume en C.H. de Saint Simon. De grutte politike bewegingen fan dy dagen, it liberalisme en it konservatisme folge er kritysk. Syn ferneamde brosjuere ‘Een woord ter opwekking van den volksgeest in het zwijgend Friesland’ (1840) wie ien fan de útkomsten dêrfan. Posthumus hat in grut tal brosjueres en artikels publisearre oer de al neamde en oer noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Hy hie in skerp each foar de sosjale ferhâldings fan syn tiid en wie foarstander fan yngripende feroarings op it maatskiplik flak. Op it teologysk mêd seach er ek oer grinzen hinne en wie er befreone mei Mennisten en Rooms Katoliken, wat yn dy tiid bysûnder wie.
Ynteresse yn taal en taalkunde dielde Posthumus mei syn freon Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869). Tegearre reizgen se yn 1825 nei It Amelân en Skiermuontseach om oantekeningen oer de taal fan de eilannen te meitsjen. In pear jier letter gie er mei de yn taal ynteresearre jurist Montanus de Haan Hettema (1796-1873) nei it Sealterlân yn it Dútske Oldenburg. Sels makke Posthumus stúdzje fan de Germaanske talen en bleau er op ’e hichte fan de ûntwikellingen yn de moderne taalkunde.
Posthumus seach ek de bedriging dy’t er wie foar de Fryske taal troch it sintralistysk regear dat foarme wie nei de Frânske tiid. Bestjoer, rjochtspraak, ûnderwiis en de tsjerketaal wiene allegear yn it Hollânsk, de Friezen learden har eigen taal net te skriuwen.
Sels rekke er oan it dichtsjen yn it Frysk ûnder ynfloed fan it wurk fan Gysbert Japicx (1603-1666). By de grutte Gysbert-betinking yn Boalsert (1823) rûn Rinse Posthumus yn de dêroan foarôfgeande optocht mei en lies er yn it stedhûs in tinkfers foar. In jier letter kaam syn Prieuwckes fen Friesche Rijmmelarije út. De titel is in ferwizing nei it wurk fan Gysbert Japicx, ynhâldlik gie er syn eigen paad. Posthumus liet yn de kar fan syn ûnderwerpen en yn syn belangstelling fan grutte mominten út de Fryske histoarje sjen in romantysk dichter te wêzen. Yn syn natoerlyryk is de ynfloed fan de Dútske romantikus Johan Gottfried Herder (1744-1803) te merkbiten. Syn driuw om de Friezen oan it lêzen yn har eigen taal te krijen wie nei alle gedachten grutter as syn dichterlik fermogen. Syn fersen rinne somtiden frijwat stroef.
Yn 1836 ferskynde syn Jouwerkoerke fol Friesch griemank : ree makke in de Friesen oonbeean.
Rinse Posthumus wie njonken skriuwer en dichter ek vertaler fan literêr wurk út ferskeidene oare talen; hy fertaalde wurk fan Frânske, Dútske en Ingelske skriuwers. Hy wie de earste oersetter yn it Nederlânske taalgebiet dy’t him sette ta it oersetten fan wurk fan William Shakespeare (1564-1616). Yn 1829 ferskynde syn Fryske oersetting fan De Keapman fen Venetien in Julius Cesar. As jiemme it lije meie : in blijspil kaam út yn 1842. Dêrnjonken hat er fan Hamlet en King Henry VIII fragminten ferfryske. De oersetting fan The Tempest hat lange jierren op ’e buorden lein en is earst yn 1958 troch it Frysk Ynstitút yn Grins yn printe foarm útbrocht ûnder de titel De storm : in toneelstik (1958).
De Ingelske gelearde John Bowring (1792-1872), dy’t yn 1828 in pear dagen by Posthumus op ’e pastorij útfanhuze, skreau letter yn in biografy dat de oersettings fan Posthumus de oarspronklike it meast benei kamen.
Yn Fryslân krige Posthumus benammen lof omdat er de earste wie dy’t wurk fan Shakespeare oersette, it feit dat it Frysk as taal doe noch net in lange literêre tradysje hie, wie fan ynfloed op de kwaliteit fan de oersettings

Wurk (in seleksje)

Proaza-poëzy
1824: Prieuwcke fan Friesche rijmmelerije (mei û.o. it lofdicht ‘Gemma van Burmania’)
183?: In mennig Friese sechjes, teltsjes in rijmkes
1836: In jouwerkoerke fol Frysk griemank, ree makke in de Friesen oonbean (1846- twadde jefte)
1857: Sint Jans apokryf testamint : in joonpraatje tusken twa boerljue, mei in wurd oon de laezers forop

Ferskaat

Oersettings
1829: De keapman fen Venetiën in Julius ceasar - twa tooneelstikken (William Shakespeare 1564-1616 – The Merchant of Venice)
1842: As jiemme it lije meie - in blijspil (William Shakespeare – As You Like It)
18??: De storm - in tooneelstik (William Shakespeare – The Tempest) (útbrocht yn 1958 – Frysk Ynstitút, Grins)

Tresoar © 4 maart 2008