Berne: 10-08-1936, Nes (D)

Libben en wurk

Einte Prins waard berne yn Nes (D) en brocht syn jeugdjierren troch yn Paesens-Moddergat, dêr’t er noch altyd in fakânsjehûs hat. Op dit stuit wennet er te Katwyk.

Op syn 16de gie er by de marine en brocht it ta offisier by de Marineloftfearttsjinst. Dêr hold er him yn de Kâlde Oarloch dwaande mei it bestriden fan dûkboaten fan de USSR, ek tsjinne er twa jier yn Nieuw-Guinea yn de striid tsjin it Yndonesië fan Soekarno. Yn 1987 waard er fertsjintwurdiger, letter levere er as selsstannich ûndernimmer drankdosearsystemen oan de hoareka. It keatsen hat altyd ien fan syn grutte passys west. As aktyf keatser wie er warber yn ’e Dongeradielen en hoewol Fries om utens is er in trou besiker fan ferskate haadklassewedstriden. Underwilens wie er al oan it skriuwen. Sa makke er foar Moddergat in revu, wylst er ek ferantwurdlik wie foar it pleatslike doarpsliet. Om 2006 hinne lei er syn jeugdjierren fêst, tagelyk mei in ferhaal oer twa Dútske spionnen dy’t yn 1939 mei har skip by Moddergat foar anker giene en oppakt waarden. Op advys fan Dick Eisma (KFFB) sette er it lêstneamde ferhaal apart, om dat letter om te wurkjen ta Achter de skêrm. De rest fan de oantinkens oan syn jeugdjierren, in part fan syn marinelibben en in fersetsaksje fan twa fiskerlju út Moddergat brocht er by gelegenheid fan in reüny fan (âld-)bewenners fan Peazens-Moddergat yn eigen behear út as De beide tsjerketuorkes. Yn 2010 waard syn twadde roman It spoar bjuster publisearre.

In pear resinsinten oer it wurk
Wieke de Haan fernuvere har yn de Dockumer Courant oer ‘it ûnbidige ûnthâld’ fan de skriuwer. Se karakterisearre De beide tsjerketuorkes as ‘hiel weardefolle sosjale skiedskriuwing’ mei in soad couleur-locale.
Achter de skêrm is basearre op in wierbard spionaazjeferhaal út 1939. Jelle van der Meulen oer dit boek: ‘Menigeen zal dit enigszins stroeve en weinig expressieve, streekromanachtige verhaal vlot lezen en waarderen, ook al komen niet alle gebeurtenissen even geloofwaardig over.’ Jaap Krol seit deroer: ‘De bettere passaazjes fan dit boek binne de passaazjes dêr’t de militêr en âld-Peazener Prins sprekt, mar yn oannimlikens en ynterminsklike dialooch sjit it ferhaal tekoart.’ It spoar bjuster giet oer in man dy’t besiket de frou op wa’t er oait fereale wie, werom te finen. Tweintich jier earder ferdwûn se út syn libben, wat him yn de delgong brocht. Jetske Bilker ornearre yn de Leeuwarder Courant dat de lêzer him goed ynlibje koe yn dy delgong fan it haadpersonaazje en dat de skriuwer it tempo der goed yn.hâlde. Mar syn styl fûn se wat klysjeemjittich, de ûntknoping waard al healwei it boek ferteld en oan ’e ein kaam alles op wûnderbaarlike wize wer goed.

Boarnen foar dit stik
Side KFFB en materiaal yn knipselmap Tresoar.

Boeken
2006: De beide tsjerketuorkes (eigen behear)
2007: Achter de skêrm
2010: It spoar bjuster

Mear oer wurk en libben fan Einte Prins

Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

© Tresoar, 27-11-2015