Berne: 16-05-1979, de westereen

 

Jan Minno Rozendal is soan fan Anders Rozendal en Corry Boelens, beide ek skriuwer. Op syn tsiende ferhuze it húshâlden nei Bûtenpost, letter gie er op keamers yn Grins, dêr't er no noch wennet. Nei in hiele syktocht by ferskate rjochtingen del keas er lang om let foar in jûnsstúdzje skiednis oan de RUG. Dêr helle er nei fjouwer jier syn master.

Op syn achttjinde hie er al ris in koart ferhaal foar in bondel fan de KFFB oanlevere, mar dêrnei heakke it. Pas by syn stúdzje krige er wer aardichheid oan it byldzjend skriuwen. Om better te wurden folge er kursussen folge by Jetske Bilker en Lupko Ellen.

Yn 'e simmer fan 2014 krige er âlde memoires yn hannen dy’t er ferwurke ta syn debútroman Drift, dy’t by de KFFB útkaam yn 2017. Drift is in roman dy't yn it ferline spilet. Haadpersoan Nelly is fan leger kom-ôf, mar wol hegerop. Se oertinkt har mooglikheden út in turfhok wei, dêr't se yn opsletten sit. Kwa tematyk slút dit debút samar oan by it wurk fan skriuwers út eardere tiden, fûn Doeke Sijens [1]. Hy neamde yn dat ferbân Haisma en Brolsma. Dat Rozendal likegoed in moderne ynslach hat, bewiist neffens him de keazen foarm fan it boek: út in ôfsletten lokaasje wei. Ek hie er wurdearring foar it úttekenjen fan de haadpersoan: 'in sympatyk en krigel famke'.

Oan it begjin fan 2018 kaam syn twadde boek De Fluchste Blanke út, krekt as Drift in histoaryske roman, dy't him ôfspilet om de twadde wrâldkriich hinne. Sintraal stiet Huub Verhoeven, basearre op de  Nederlânske atleet Tinus Osendarp, dy't nei de oarloch deaswijd waard omdat er foar de Dútske kant keazen hie.

Tsjinwurdich is er dwaande mei in biografy fan de dichter en Fryske strider Anders Minnes Wybenga (1881 - 1948), dy’t yn septimber 2018 útkomme moat.

Boarnen foar dit artikel
[1] Doeke Sijens, LC 14-04-2017

Bibliografy

Romans
2017: Drift
2018: De fluchste blanke

Ferskaat
2018: Yn eigen taal (biografy oer Anders Minnes Wybenga)

Mear ynformaasje

Sietse de Vries, LC 28-04-2017 (fraachpetear)

©Tresoar, 25-04-2018