Berne: 17-05-1938, Ferwert
Ferstoarn: 15-03-2011, Ljouwert

Libben en wurk

Trinus Riemersma is hikke en tein yn Ferwert yn in otterdoks-herfoarme húshâlding. Syn heit wie boerarbeider; hy wie de jongste fan fjouwer. Nei de kristlike mulo yn Ferwert helle er op de kristlike kweekskoalle fan Dokkum syn ûnderwizersdiploma.

As ûnderwizer begûn er yn 1960 oan de legere skoalle fan Gau. Omdat er dêr net daliks by it begjin fan it skoaljier oan de slach koe, wurke er trije moanne op it kondensfabryk yn Ljouwert. In jier letter troude er mei Antsje Swart. Se setten har nei wenjen yn Goaiïengea. Tusken 1961 en 1969 krigen se fiif bern. Underwilens wie Riemersma út ein set mei de stúdzje Frysk MU-A, dêr’t er yn 1964 foar slagge. Nei in pear jier waard de ferstânhâlding tusken Riemersma en de skoalle yn Gau minder goed fanwegen syn skriuwerij; yn 1967 krige er er ûntslach. Yn 1970 kaam er nei trije jier sollisitearjen oan it wurk by de iepenbiere twamansskoalle fan Hjelbeam, dêr’t Josse de Haan haad fan wie. De Riemersma’s ferhuzen nei Frjentsjer. It houlik rûn net lang dêrnei út op in skieding. Yn datselde jier begûn er mei de MU-B Frysk, dat er helle yn 1976. Fuort dêrnei skreau er him yn oan de VU yn Amsterdam foar it doktoraal Frysk, dat er cum laude ôfsleat. Syn skripsje foar letterkunde gie oer fertelperspektiven en dy foar taalkunde oer fonologyske prosessen. De lêste ferskynde yn boekfoarm as Sylabysjerring, nazzeljerring, assymyljerring. Yn 1979 krige er oan de VU in beneaming as wittenskiplik amtner, mei as opdracht in promoasjeûndersyk nei it proaza fan likernôch 1850 oant 1950. Dat resultearre yn de dissertaasje Proza van het platteland. Een onderzoek naar de normen en waarden in het grotere Friese proza van 1855-1945, dêr’t er yn 1984 op promovearre. Hy waard foar in part fan de tiid dosint literatuer oan de oplieding Frysk oan de VU. Yn 1980 wie er op ’e nij troud mei Dineke Bos. Se krigen yn de jierren dêrnei twa bern. In jier nei syn trouwen waard Riemersma dosint letterkunde by de oplieding Frysk oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden (NHL) te Ljouwert, letter soe er ek haad fan dy oplieding wurde. Yn 1991 waard de oplieding Frysk oan de VU opheven en yn 1996 kaam der troch besunigings in ein oan de oplieding oan de NHL. Doe naam Riemersma ôfskied fan it ûnderwiis en koe er him folslein rjochtsje op it skriuwen.
Yn 1993 hie Riemersma longkanker krigen. Dat like yn it begjin min, mar nei bestrielings joech de kanker him del. Yn 2011 kaam de sykte werom. Riemersma ferstoar oan de gefolgen dêrfan op 15 maart yn it MCL yn Ljouwert.

Skriuwer: oanrin en debút

Yn syn tiid oan de Dokkumer kweekskoalle sleat Riemersma him oan by de doe krekt oprjochte Kristlik Fryske Jongerein (KFJ), in idealistyske beweging dy’t him ynsette foar it behâld en de ûntwikkeling fan de Fryske taal. Foar it moanneblêd fan de KFJ, De Gouden Tiid, skreau er sa no en dan in stikje en sette sa syn earste stappen op it skriuwerspaad. Hy eksperimentearre mei ferhalen en gedichten. Yn 1962 wûn er mei it ferhaal ‘Minske tusken ierde en himel’ in Rely Jorritsmapriis. Dat stimulearre him om fierder te gean. In jier letter skreau er syn debútroman Fabryk (1964). It ferskinen fan dy roman joech grutte beroering yn de Frysk literêre wrâld en rôp tsjinstelde reaksjes op. Oan de iene kant wiene der de resensinten dy’t de literêre wearde fan it boek en it talint fan de skriuwer heech achten, oan de oare kant stiene besprekkers dy’t fûnen dat troch de frijmoedige seksuele beskriuwing it de ferkearde kant opgie mei de Fryske literatuer. Yn 1963 wie fan Anne Wadman De Smearlappen ferskynd. De útjefte fan De smearlappen en Fabryk betsjutte in brek mei de Fryske literatuer oant dan ta. Fernijend wie it trochbrekken fan seksuele taboes, de negative sfear en it skriuwen út de earste persoan wei, de ik-foarm. Foar Fabryk kaam dêr noch by dat de haadpersoan net libbet yn in boerefermidden, mar dat hy fabryksarbeider is. Yn 1965 kaam in autorisearre Nederlânske oersetting mei de titel Fabriek út, dy’t troch de Hollânske resensinten posityf ûntfongen waard. Riemersma krige yn 1967 foar Fabryk de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân, de Gysbert Japicxpriis.

Eksperimint mei de foarm
Syn twadde roman By de hannen om’t ôf kaam út yn 1965. De skriuwer seit derfan dat ‘hast alle lêzers sa hoflik west ha te ferjitten dat ik it ea skreaun ha’. Mei it ferskinen fan Minskrotten-Rotminsken (nachtboek) yn 1966 sloech er in oar paad yn. Syn earste twa boeken wiene foaral in direkte psychologysk-realistyske fertelling, mar dêrnei begûn er te eksperimintearjen mei de foarm en de lêzers aktyf by de tekst te belûken.
Sa eksperimintearret Riemersma yn Minskrotten-Rotminsken mei wikseljende fertelperspektiven, as ferkenning fan fragen oer skriuwerskip en skriuwen. Ek dat boek rôp yn guon fermiddens wer fûle reaksjes op, omdat inkelde passaazjes as godslasterlik opfette waarden. It Friesch Dagblad ferbea syn resensint sels om oer it boek te skriuwen. It ferskinen fan dat boek wie mei de oanlieding dat it ta in konfrontaasje kaam tusken Riemersma en it skoalbestjoer fan Gau, dat resultearre yn syn ûntslach. In pear jier letter waard it ûntslach wer ferneatige, in maatregel dêr’t it skoalbestjoer him doe ek wol yn fine koe.

Earste produktive perioade

Riemersma ûntjoech him as firtuoas stilist, mei de wil om him as skriuwer altyd wer te fernijen. Ien fan de útkomsten dêrfan is syn ‘boartsjen’ mei fertelperspektyf. Dúdlik komt dat út yn de roman De hite simmer (1968). Haadpersoan is de ‘wylde’ faam Evelyn Tysling út it doarp Blauwier, dy’t fermoarde fûn wurdt. It ferhaal wurdt ferteld yn trije lagen: it manlik-himelske, it froulik-ierdske en it ûnsidich-ûnderierdske. De trije ferhalen binne ek typografysk ferskillend ferdield oer de siden en kinne sa op elk nivo apart lêzen wurde. De tema’s yn it boek, de situaasje fan in bûtensteander yn in lytse doarpsmienskip, protest tsjin de doarpsmoraal en yntolerânsje, hie Riemersma sels yn syn libben ûnderfûn. Riemersma wie yn dy jierren as skriuwer tige produktyf, alle jierren kaam er mei in nije publikaasje, mar nei it útkommen fan De skjintme vurt ferbwólgwódde yn 1981 woe it net mear. De beide yn 1974 ferskynde romans Jest yn ’e Ardinnen en Myksomatoze wie er sels net tefreden oer. De trije romans en ek de ferhalebondel Fôi en fredeloas (1977) hearre ta Riemersma syn somberste wurk. De minske wurdt yn dizze fjouwer boeken delset as in wolf ûnder de wolven. De skjintme... wurdt troch in protte kritisy by alle ûntheistering dy’t it boek sjen lit wol sjoen as ien fan Riemersma syn bêste boeken.

 

Koarte ferhalen
Riemersma wie ek in betûft koarteferhaleskriuwer. Se waarden bondele yn fjouwer boeken; nei 1976 beoefene er it sjênre eins net mear. Tige bekend is syn koart ferhaal 'De skriuwer foar it doarpsbelang' út 1967, dêr't er de gek yn hat mei de resepsje fan syn earste romans. Gerben Turkstra, in jonge fiksjeskiuwer, lêst op in gearkomst fan doarpsgenoaten in fragmint foar út in ferhaal fan sines. In protte minsken hawwe der kommintaar op, omdat se it fiksjonele karakter fan it ferhaal net ynsjen kinne. Turkstra wurdt twongen almar mear fan syn tekst te skrassen, oant der allinne noch mar stiet: 'Ik de buorren út.' Lilk rint er fuort, syn beslút stiet fêst: 'Ik skriuw in kaaiferhaal oer jimme!'
Yn 1996 joech Riemersma syn bêste 25 ferhalen op 'en nij út yn In fearnhûndert ferhalen (werjûn yn de gongbere stavering).

Twadde tiidrek fan literêre kreativiteit - De Reade Bwarre
Yn de jierren tachtich kaam Riemersma gjin skeppend proaza út hannen, neffens eigen sizzen wie er ‘útpoept’. Doe lies er it manuskript fan De Wuttelhaven del fan Steven de Jong, dat yn 1989 ferskynde. Dat makke grutte yndruk op him en joech him oanstriid om sels de pinne ek wer op te pakken. Hy helle it manuskript fan De Reade Bwarre, dat al foar in part klear wie, út ’e kast, sette de tekst op diskette en skreau de roman ôf. De Reade Bwarre kin sjoen wurde as in ferbining tusken syn earste en syn twadde skriuwperioade omdat er al folle earder oan de roman begûn wie. Yn de fiifhûndert siden tellende roman sitte ferskate ferhaallinen: oer de Módderklauers, in gerniershúshâlding yn Ferwert; oer Tilly, in Frysk skriuwer dy’t yn de lette maitiid fan 1938 yn Ferwert berne is (alter-ego fan Riemersma sels) en oer de Bwarristen, in religieuze streaming dy’t yn de twadde helte fan de fyftjinde ieu fundearre is troch de reade boarre Boldgrim (in parody op it kristendom). Tusken dy trije linen troch spylje anekdoates, ferhalen, parodyen en polemiken oer de Fryske literatuer, taalkunde en skiednis fan de Fryske beweging in rol. Dy soe men sjen kinne as aparte ferhaallinen. Foar it boek, dat beskôge wurdt as Riemersma’s wichtichste wurk, krige er yn 1995 de Gysbert Japicxpriis (syn twadde).

Eigen stavering
Yn de jierren santich eksperimintearre Riemersma mei in eigen fonologyske [net: fonetyske] stavering. Yn de striid om de Fryske stavering te modernisearjen stie hy oan de kant fan de radikale fernijers. Hy liet inkelde boeken yn syn eigen stavering útkomme. De Reade Bwarre wie yn 1992 it lêste. De eigen stavering joech him dêr de mooglikheid ta ekstra taalgrapkes en it oanjaan fan dialektferskaat. Boppedat past it brûken fan in dwerse stavering tematysk by de roman. It die lykwols bliken dat in soad lêzers syn boeken dêrtroch te lestich fûnen om te lêzen en se lizze lieten. Nei De Reade Bwarre stapte Riemersma wer oer op de standert stavering, wol mei it út en troch brûken fan dialektkleur.

Frij om te skriuwen
Yn 1996 rekke Riemersma syn wurk by de NHL kwyt. Hy wie 58 jier en no koe er him alhiel op de literatuer smite. It wie it begjin fan in twadde, produktive perioade. Hast alle jierren ferskynden der wol ien of mear titels fan syn hân.
Yn 1998 skreau er it boekewikegeskink Bretagne libre! op syn fakânsje yn Frankryk. Hy beskôge it sels as in ‘licht ferhaal’, sawol foar skriuwer as foar lêzer.
Folle dreger om te skriuwen fûn er Toate-los, dat ûnder de skriuwersnamme Tryns-Ryms datselde jier ferskynde. Hy ferwurke der in idee yn dêr’t er al folle langer mei omrûn hie: in tekst skriuwe yn in simpele taal lykas it pidgin, mei de bedoeling om de ferwachtingen fan de lêzer op in ferkearde foet te setten. It ferhaal fertelt yn optocht simplistysk Frysk it ferslach fan in romtereiziger oer lân en minsken yn Fryslân, ‘Report syfr 18.116. Op lân neam Frysk. Riich: lêsding oars lân, diel F-3.’ ‘Ik ha net de yndruk dat it boekje in protte lêzen is. Spitich, want it wie in nijsgjirrich eksperimint’ skreau Riemersma der letter oer.
Yn 1999 kaam Nei de klap, in ferhaal oer in oerlibbingstocht fan in stel bern troch in treasteleaze wrâld nei in grutte ramp, dy’t as sadanich net yn detail beskreaun wurdt. It is in benearjend boek, dat de minske werombringt ta syn basisferlet om te oerlibjen. De held fan it boek, Ake, in jonge fan fjirtjin út Drachten, hâldt by alle hopeleazens syn weardichheid en kriich.
De maatskiplike diskusjes oer ‘sinleas geweld’ en it ‘ûnechte gedweil om yngripende sykten hinne’ setten Riemersma oan ta it skriuwen fan in mânske parody op de macht en manipulaasjesucht fan de media, mei as titel Sinleas geweld. Jabik Veenbaas hie it yn syn resinsje yn de LC oer ‘De komeedzje fan it alsjende blauwe each’. Riemersma skreau Sinleas geweld mei in protte nocht en koe syn argewaasje en sarkastyske spotsucht mar bod jaan.

Jelke Bos en fierder
Earnstiger en tagelyk fol irony wie it folgjende, tinne boekje dat yn de boekhannel net opfoel as in titel fan Riemersma, omdat it skreaun wie troch de ûnbekende auteur Jelke Bos. It die bliken de autobiografy te wêzen fan in hûn, dy’t nei in hast-dea-ûnderfining neitocht oer it libben: Tinzen oer it libben en oer de dea. Op in luchtiger wize kaam dêr deselde tematyk yn werom as yn Nei de klap: Je moatte it libben oanfurdigje sa’t it is, it goede genietsje en de pine ferneare, en benammen net mjêkje. Jelle van der Meulen, dy’t it hiele oeuvre fan Riemersma yn it Hollânsk beskreaun hat, wie der tige oer te sprekken op syn Fryske side. Klaas Jansma hie der in besprek oer op Omrop Fryslân.

Dat Riemersma in fakman yn ieren en sinen is bewiisde er ek mei de samling ferhalen yn de styl fan folksferhalen, bondele yn Salang’t de beam bloeit: mearkes, sêgen, leginden en domme-duvelteltsjes. Mar dan wol mei in skabreuze ynslach dy’t de lêzer yn tradisjonele folksferhalen net oantreffe sil. De bondel liet ek sjen dat Riemersma himsels as it om de literêre foarm gie alle kearen wer fernije woe. Hy rekkene dit boek, mei Bretagne libre! en de beide detektives út de earste tiid, net by syn echt literêr wurk, mar seach it mear as wurk dat hy as fakman foar in breder publyk skriuwe woe.
It lêzen fan it printe senario fan de spylfilm Nynke sette Riemersma der ta oan om sels ek in filmsenario te skriuwen. It waard Healwize oanslaggen: it ferhaal fan terroristyske selsmoardkommando’s dy’t de westerske wrâld oanfalle mei in biologysk wapen dat minsken yn koarte tiid demint makket. It gie him derom de fertelfoarm fan in film te imitearjen yn tekst. It waard in ‘lêssenario’ as nije literêre foarm yn in ferhaal fol aksje, los fan tinzen, moraal en ideology. Yn it ferlingde fan it skriuwen fan senario’s as lêsteksten past ek Riemersma’s oersetting fan it senario fan de film Festen - It feest.
Yn 2006 ferskynde de novelle De fûgel, dy’t it tema behannelet fan de eangst foar it ûnferwachte en frjemde. It ferhaal is situearre yn Itaalje.
Riemersma syn lêste roman is De acht foar achten trein, in ‘splitscreenroman’ dy’t twa parallelle ferhalen tagelyk behannelet. Jetske Bilker fûn it eksperimint yn har resinsje yn de LC net echt slagge omdat it neat tafoege, mar se hie lof foar de karakterisearring fan it haadpersonaazje.

Dichtwurk
Riemersma is benammen bekend is as prozaïst, foar syn dichtwurk hat er minder omtinken krige. Syn earste fersen binne opnaam efteryn de roman De hite simmer (1968), tusken 1970 en 1973 joech er trije bondels út: Riemersma II (1970), Roazen ferwylje (1972), en Teksten fwar ien hear (1973). Krekt as dat it gefal is mei syn proaza, wurdt ek syn poëzy ornaris heech oanslein troch de besprekkers. Cornelis van der Wal konstatearret yn syn besprek fan de sammelbondel Argewaasje fûn – argewaasje jûn (Hjir, maart 1998, ‘Riemersma as dichter’) dat de fersen fan Riemersma foar it grutste part sa’n nivo hawwe dat in tredde Gysbert Japicxpriis op syn plak wêze soe. Yn de sammelbondel binne alle fersen opnaam dy’t oant dan ta fan him ferskynd wiene. Riemersma dichte oer realistyske ûnderwerpen dy’t ticht by himsels stiene, lykas syn famylje, syn leafdes, Fryslân en oer de dea.

Wurdearring

Riemersma is ien fan de wichtichste Fryske skriuwers fan nei 1945. De krêft fan syn wurk leit yn mear as ien kwaliteit. Ien aspekt is de hoe’t er mei de perspektiven boartet; yn syn mearlagige romans bewiist er syn sterke komposysjefermogen. Dêrneist beskikt er oer in apart satirysk talint en oer in ferfrissende humor. Syn sterke, sobere styl hat er stadichoan útbouwe kinnen ta in mearsidich ynstrumint. Hy wit op in oarspronklike wize de tematyk te konkretisearjen, lykas yn De Reade Bwarre,dêr’t de minsklike geast lokalisearre wurdt yn de kloaten fan de boarre.
Trije boeken fan Trinus Riemersma waarden yn it Hollânsk oerset, Fabriek (Fabryk) yn 1965 en De verwoesting van Leeuwarden (Minskrotten – Rotminsken) yn 1967, beide oerset troch Rudi Boltendal, doe redakteur by de Friese Koerier. Yn 2001 ferskynde Na de klap by útjouwerij De Geus yn Breda yn in oersetting fan Jabik Veenbaas. De ûntfangst en oandacht foar Riemersma syn boeken bûten Fryslân wie goed, mar de ferkeap hold net oer.

Oar wurk

Njonken fiksje hat Riemersma ek in grut tal essays, kollums, polemiken, literatuerteoretyske en taalkundige artikels en publikaasjes op syn namme stean. Doe’t him yn de jierren tachtich gjin skeppend proaza út hannen kaam, koe er syn kreativiteit better kwyt yn syn wittenskiplik wurk en yn syn funksje as dosint Frysk oan de VU en oan de learareoplieding fan de NHL. Lykas earder neamd promovearre er yn 1984 op in stúdzje nei de noarmen en wearden yn it gruttere Fryske proaza út it tiidrek 1855-1945. Hy skreau ek taalkundige bydragen en makke earder al in oersjoch en analyze fan it koarte ferhaal yn de Fryske literatuer: It koarte ferhaal yn ’e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu (1977).
By in soad krantlêzers is Riemersma bekend wurden mei syn kollums. Hy begûn dêrmei yn it eardere blêd Frysk & Frij, oant dat yn 1997 ophold te bestean, doe skreau er se twa jier foar Trotwaer, mar dêr rekke er mei in konflikt by wei. Yn 2002 frege de Leeuwarder Courant him om kollums foar de krante te skriuwen. Yn syn kollums jout er mei in skerpe pinne en ‘kompromisleas himsels’ syn miening oer grutte en lytse ûnderwerpen út polityk en maatskippij. De redaksje fan de Ljouwerter Krante pleatste nei syn ferstjerren in rouadvertinsje dy’t syn plak nochris dúdlik makke. In kar út de earste tsien jier kollums ferskynde yn Op ’e nekke fan ’e wrâld en nei syn ferstjerren waarden de kollums tusken 2002-2011 troch Pieter de Groot en Doeke Sijens bondele yn Diktatuer fan it frije wurd. Earder al wiene syn polemiken út it tiidrek 1962-1972 sammele yn Op ’e barrikaden en der by del.

De eigen eker

Trinus Riemersma hat redakteur west fan de literêre tydskriften De Tsjerne en Trotwaer en rjochte yn 1983 syn eigen tydskrift De Kul op. Dat blêd joech er trije jier út as ienmanstydskrift. De komst fan ynternet joech him mei syn skriuwersside in nij eigen poadium, dat er hiel tapaslik ‘Myn eigen eker’ neamde. Sa fûn er de earmslach om syn polemiken, achtergrûnferhalen en losse bydragen oan de wrâld kwyt te kinnen. Syn LC-kollums ferskynden dêr ek. Yn de rubriken Skriuwerslibben en Nei de Bwarre kin de lêzer mear fine oer de achtergrûnen fan syn literêr wurk.

Utjouwer

De boeken fan Trinus Riemersma waarden foar in part útjûn troch de Koperative Utjouwerij (KU) yn Boalsert, oprjochte yn 1970 troch in ploechje skriuwers dat ûntefreden wie oer har eigen útjouwers. Riemersma hat lange jierren, as frijwilliger, in soad wurk ferset by de útjeften fan de KU. Yn 2002 ûntstie in konflikt binnen de KU oer de takomst fan literêr tydskrift Trotwaer, dat omboud wurde soe ta in algemien-kultureel tydskrift. Riemersma wie it dêr as iennichste net mei iens en stapte út de KU. Doe’t in skoft letter skriuwer Josse de Haan ek by de KU weigie, besleaten de beide mannen om in eigen útjouwerij te begjinnen ûnder de namme Venus; maart 2003 setten se útein. De earste fjouwer útjeften fan de nije útjouwerij waarden ein augustus 2003 presintearre, wêrûnder it filmsenario Healwize oanslaggen fan Riemersma sels. Venus bestie oant 2008 en waard doe fanwegen in tekoart oan manuskripten en subsydzje opdoekt.

Boarnen foar dit stik

Foar it skriuwen fan boppesteand stik is benammen gebrûk makke fan de webside fan Riemersma, de libbenskronyk skreaun troch Philippus Breuker en de literatuerskiednis Zolang de wind van de wolken waait (2006).

Bibliografy

Romans

1964: Fabryk (5de pr. 1976, 6e pr. 1995 wer útbrocht yn de rige Fryske klassiken, mei in ynlieding fan Ph. H. Breuker, 7e pr. 2014)
1965: By de hannen om’t ôf
1966: Minskrotten-Rotminsken : (nachtboek) (3e pr. 1977, 4e pr. 2008)
1967: De moardner komt werom (detektive)
1968: De hite simmer : in trije-slachtige roman oer it libben en de dea fan de seksbom tsjin wil en tank Evelyn Tysling en de reboelje yn it doarp Blauwier (2e pr. 1986)
1973: De mon sûnder gesicht (detektive)
1974: Jest yn ’e Ardinnen
1974: Myksomatoze
1981: De skjintme vurt ferbwólgwódde
1992: De Reade Bwarre: romon (2de pr .1993; 3de pr. yn rige Nije biblioteek, TDE. 2010)
1998: Bretagne libre! (boekewikegeskink)
1998: Toate-los
1999: Nei de klap (2de pr. 2014)
2000: Sinleas geweld
2001: Tinzen oer it Libben en oer de Dea (ûnder ps. Jelke Bos). 2de pr 2017.
2003: Healwize oanslaggen : filmsenario
2004: De nije Sineeske muorre: polityk-ynkorrekte roman
2006: De fûgel
2009: De acht foar achten trein

Ferhalebondels

1967: De duvel misbeteard
1970: Myn folk, myn biminden: forhalen
1973: Oant du dea der óp fólget
1977: Fôi en fredeloas
1996: In fearnhûndert ferhalen
2000: Salang’t de beam bloeit : folksferhalen

Poëzij

1968: 25 fersen (efteryn De hite simmer)
1970: Riemersma II:26-50
1972: Roazen ferwylje
1973: Teksten fwar ien hear
1996: Argewaasje fûn – argewaasje jûn (samling fan fjouwer eardere bondels)

Ferskaat

1977: It koarte ferhaal yn ’e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu
1980: Type en talees (Un stúdzje oer it point of view)
1984: Proza van het platteland. Een onderzoek naar normen en waarden in het grotere Friese proza van 1855-1945 (dissertaasje)
2004: Op ’e nekke fan ’e wrâld (In kar út de kollums fan 1992-2002)
2005: Op de barrikaden en der by del : Literêre striidskriuwerij 1965-1970
2006: Hoe binne de helten fallen (besoarger: artikels oangeande Bauke de Jong syn krityk op E.B. Folkertsma en Aarden vaten fan Jan Piebenga)
2007: De kul oer it skouder (besoarger: artikels oer literêr tydskrift Quatrebras)
2011: Diktatuer fan it frije wurd (In kar út de LC-kollums fan 2002-2011)

Toaniel

1970: Elkenientsje
1986: De skriuwer fan it doarpsbelang
1995: Try-out
2005: It Feest (bewurking fan skript fan de film Festen fan Thomas Vinterberg)

Oersettings

1965: Fabriek (Fabryk)
1967: De verwoesting van Leeuwarden (Minskrotten-Rotminsken)
2001: Na de klap (Nei de klap)
2017: Leven en dood volgens Jelke Bos (Tinzen oer it libben en oer de dea)

Prizen

1962: Rely Jorritsmapriis – (ferhaal ‘Minske tusken himel en ierde’)
1963: Rely Jorritsmapriis – (ferhaal ‘In snein’)
1965: Rely Jorritsmapriis – (ferhaal ‘Skûmplastic’)
1967: Gysbert Japicxpriis – (roman Fabryk)
1969: Rely Jorritsmapriis – (ferhaal ‘In forsetsje’)
1971: Rely Jorritsmapriis – (ferhaal ‘Miskien kom ik wer’)
1972: Rely Jorritsmapriis – (ferhaal ‘Gjin plak foar twa’)
1995: Gysbert Japicxpriis – (roman De reade bwarre)

Mear ynformaasje oer Trinus Riemersma

Fersen fan Riemersma by Operaesje Fers
Tiny Mulder, radioreportaazje oer Myn folk, myn beminden, RONO 27-09-1970
Katalogus Tresoar, audiovisueel materiaal
Fryslân dok, portret maart 2011
Myn eigen eker, webside fan de skriuwer
Philippus Breuker, ‘Skriuwer mei in missy’, libbenskronyk.
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

Tresoar © bywurke 15-03-2011 / wersjoen 14-11-2014