Berne: 27 septimber 1887, Grou
Ferstoarn: 31 jannewaris 1979, Colmschate

Libben en wurk

Rixt waard as Hendrika Akke van Dorssen berne te Grou op 27 septimber 1887. Rixt wie it jongste bern; hja hie twa bruorren.

Nei de legere skoalle te Grou reizge hja nei Ljouwert foar fuortset ûnderwiis oan de famkes-h.b.s. oan 'e Grutte Tsjerkstrjitte. Dêrnei folge hja noch in oplieding ta ûnderwizeres, mar hja hat nea foar de klasse stien. Hja helle ek in akte foar gemeente-administraasje en wurke fan 1917 oant 1919 op 'e siktary te Snits en dêrnei oant har pinsjoen ta te Dimter, dêr't hja it ta waarnimmend gemeentesekretaris brocht hat.

Tusken har skoaljierren en har bestean as amtneres lei in perioade fan sykte en sykjen om herstel fan krêften yn ferskillende sanatoaria. Foar har dichterskip hat dat net sûnder belang west. Yn it sanatoarium te Putten krige hja kunde oan de jonge dichter J. Philip van Goethem dy 't har tige oanmoedige. Under syn ynfloed begûn hja yn it Hollânsk te dichtsjen. Har earste fersen waarden yn 1913 publisearre yn it tydskrift Nederland, it blêd, dat ek Van Goethem syn fersen foar "Rieks van Dorssen" opnommen hie. Letter yn Davos rekke Rixt befreone mei oare pasjinten út Fryslân, lykas Pyt van der Burg en Dine Goodijk. Mei-inoar liezen hja Fryske poëzij, ûnder oaren fan Piter Jelles en Obe Postma. Sa kaam Rixt derta fersen yn har memmetaal te skriuwen. De wearde fan de eigen taal waard hja har fier fan hûs bewust. Troch Jan Jelles Hof, oan wa 't Dine Goodijk fersen fan Rixt lêze litten hie, waard hja oantrune har wurk op te stjoeren nei Onno Harmens Sytstra. Dy naam yn 1913 har earste Fryske fersen op yn Forjit my net!

Fierdere publikaasjes folgen yn It sjongende Fryslân (1917) en De nije moarn (1922), beide karlêzingen gearstald fan Douwe Kalma, dy 't Rixt tige priizge om har moed. Om as jong frou nei bûten te kommen mei leafdesfersen dy 't rjocht út it herte kamen, wie yn dy tiid yn it ynbannige Fryslân nei syn betinken wol moed foar nedich. Troch de loovjende krityk fan Kalma wie Rixt har namme as dichteresse dy 't it neiste sei, yn ien kear fêstige. Mei har persoanlike poëzij kundige hja de nije dichtkeunst oan dy 't ûnder de Jongfriezen ta bloei komme soe. Hoewol 't hja mar in lyts oeuvre skepen hat, dat frijwol folslein sammele is yn har ienlingsbondel De gouden rider (1952), nimt Rixt in fernaam plak yn de Fryske literatuer. Oant op hege jierren libbe hja tige mei yn alles wat mei de Fryske skriuwerij te krijen hie en Rixt ferhege - as "grande dame fan de Fryske poëzy", sa 't hja doe wol neamd waard - mannich literêr barren troch allinne har oanwêzigens al. Yn 1953 is har foar De gouden rider de heechste Fryske literêre ûnderskieding, de Gysbert Japicx-priis, takend.

Wurk

Poëzij
1952: De gouden rider (2e pr. 1953; 3e pr. 1954; 4e pr 1977)

Proaza
1979: Rixt fortelt, trije oantinkens ( tajefte 1 by moanneblêd De Strikel)

Prizen
1953: Gysbert Japicx-priis (foar De gouden rider).

Mear ynformaasje

Fersen fan Rixt by Operaesje Fers

In fragmint út in ynterview út 1970 mei har songen gedicht yn it Italjaansk foar Roberto Coïsson

© Tresoar, 8 septimber 2004